op 'e loer lizze, alle oeren fan de dei. Nei it ferbliuw yn it sikehûs giet it lijen troch, earst lichaamlik mar letter ek psychys. Want nei de sikehûsopname en it ferbliuw dêr, komt de sesje fan 35 kear radio-aktyf bestriele litte. De minsken yn 'e wachtkeamer dy't har ferskûlje achter covers fan Privé's en Story's, allegearre wurde se stik foar stik skerp observearre en beskreaun. Lang om let fynt Hilda dochs in wize om te libjen, mar garânsjes oer genêzing krijt se net.
Doe't de roman krekt út wie, bespruts Jan Wybenga it boek yn de Leeuwarder Courant (20 maart 1992). De toan fan syn besprek wie de lêbige kant it neist en meinammen de titel boppe it stik, ‘tusken twa kear skûtelwaskjen troch’, rekke de skriuwster bot. ‘Ik fyn it spitich as in resinsint soks boppe it besprek fan “Sûnder garânsje” mient sette te moatten. Dan tink ik dat dy oanhef by krekt dit tema justjes mispleatst is’, sa liet se my doedestiids witte.
De krityk fan Wybenga rjochte him fral op 'e twadde ferhaalline (de ferhâlding tusken Selma en de troude adjunkt-direkteur): ‘De twadde ferhaallijn yn “Sûnder garânsje”, dy't mei de earste neat te krijen hat, is hielendal net de muoite wurdich. It is in soap-story, dêr't men op syn bêst fan sizze kin, dat er der foar guon lêzers faaks te swiere illinde fan it haadferhaal sa no en dan onderbrekt en dêrtroch draachliker makket.’
Wybenga hat wol wurdearring foar Annema har beskriuwingen fan deistige minsken en foarfallen: ‘Publyk yn wachtkeamers, sikehûspersoniel, oare pasjinten, húsgenoaten. It gejeuzel en de rabberijen wurde skerp en geastich werjun yn feardich notearde dialogen.’
Jan Jongsma giet yn syn besprek foar it Friesch Dagblad (11 april 1992) ek yn op de twadde ferhaalline: ‘It yngeande fan “Sûnder garânsje” sit yn de earste reade tried, de twadde komt wat ôfstanliker oer. De dialogen dêryn binne ek folle swakker en bytiden ûnnatuerlik. Dochs misstiet dy tried net yn dit boek. It ferhaal wurdt der perfoarst net riker, mar wol lêsberder fan. It is krekt oft dy twadde reade tried it boek wat boartliker en wat mear relativearjend makket.’
Yn syn einoardiel skriuwt Jongsma: ‘Neffens my stekt dizze nije roman nochal wat út boppe de beide oare [Twasprong en Maleur yn maaie], mar faaks hat dat ek te krijen mei it autobiografysk karakter. “Sûnder garânsje” is sûnder mis in oanwinst op 'e Fryske boekemerk. It is in boek foar in breed lêzerspublyk en it haadtema, it hawwen fan kanker, is yn in Fryske roman noch net earder sa yngeand ferwurke.’
Freark Dam priizget yn Frysk en Frij (april 1992) de libbensechtens fan it ferhaal: ‘Ik ha alle wurdearring foar de wize dêr't de skriuwster dizze slimme problemen yn romanfoarm op behannele hat. De lêzer sil it ferrin fan Hilda har sykte en it geastlik ferwurkjen dêrfan mei spanning en meifielen folgje. Wat hja derby fan sibben, freonen en frjemden oan stipe of tsjinstân ûnderfynt, wurdt gauris net sûnder humor en libbensecht ferteld.’ Dam fynt Sûnder garânsje ‘in oanwinst’ en ‘in nij bewiis dat Froukje Annema-Noordenbos earnst makket mei har stribjen, oannimlike boeken te skriuwen foar in breed publyk’.
No't ik it boek sân jier nei dato op 'e nij lêzen ha, ha 'k wol yn 'e gaten dat it amper mooglik is, alteast foar my, om in objektyf oardiel te jaan. Soks komt fansels troch de bûtentekstuele omstannichheden en it autobiografise karakter fan it boek. De deistige werklikheid - en dat wie dochs ien fan 'e wichtichste