Yn it tiidleaze werom
Doeke Sijens
Jan Wybenga, It hûs en oar neilitten wurk. Besoarge troch Goaitsen van der Vliet. De Oare útjouwerij yn 'e mande mei Hispel, Eanske/Wiuwert 1998. 76 siden. f 20.
Jan Wybenga (1917-1994) kaam yn 1981 mei Moai waar en lange dagen. De eftergrûn fan de ‘provinciales’ sa't Wybenga de fiif ferhalen yn dat boek neamde, is sûnder mis autobiografysk. Wybenga's jonge jierren, dy't er trochbrocht yn Noardwâlde en Wolvegea, binne der maklik yn werom te finen. It boek is lykwols om oare redenen fassinearjend. Dat is foaral om de assosjative wize fan skriuwen fan Wybenga; it iene ûnderwerp ropt it oare op. Wybenga hâldt dêrby goed stjoer oer it gehiel, dat it wurdt nea fragmintarysk. Fan realisme giet er faak, hast sûnder dat men it fernimt, oer nei surrealisme. Syn Frysk is linich en fol poëtyske bylden, en wurdt nea sweverich.
De haadpersoan fan alle ferhalen is in ienling, dy't him al jong bewust is fan de ôfstân tusken wat er tinkt en fielt en de oare minsken. Hy wit dat er keunstner is, mar fielt dat mear as in lêst as as in seine. Neffens Bouke Oldenhof roppe de fiif ferhalen ‘de ûntarikkendheid fan de literatuer op yn in wrâld dêr't skyn en dea foar master opslane’ (Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 1997, s. 163). Oldenhof is mei rêden tige posityf oer it boek.
Yn petear mei Jelma Sytske Knol fertelde Jan Wybenga yn 1992 dat er noch ‘mappen mei oantekeningen foar fierdere stikken’ hie, dêr't in pear ‘al sawat klear’ fan wiene. Hy hie de hoop dat as er dy ôfkrige, hy it oan tiid ha soe om ‘“endlich in Ruhe zu vertrotteln”’ (Hjir, novimber 1992, s. 38). Yn dat petear joech er ek in ferklearring foar ‘provinciales’: ‘om in namme te jaan oan stikken, dy't gjin ferhalen binnen yn de gongbere sin fan it wurd’.
Jan Wybenga is mei syn plannen foar nije ferhalen net fier mear kommen. By syn dea yn 1994 wie er allinnich mei ‘It hûs’ in moai ein op wei. Dat ferhaal is mei in soad soarch troch Goaitsen van der Vliet útjûn, dat wol sizze: hy hat besocht om fan de kladden en oantekeningen, dy't Wybenga neilitten hat, in ienheid te meitsjen. Dat is him goed slagge: It hûs, al hoe ûnfolslein it ek is, foarmet in prachtich einakkoart fan it proazawurk fan Jan Wybenga.
It hûs fan de titel is in royaal wenhûs, dat de ferteller yn 't sin komt as er mei ‘Grutte Aet P.’ praat oer de ‘kreative potinsje’. Pratendewei komme se op de krekt ferstoarne Pyt Idsardi dy't yn dat hûs wenne. It is om dizze persoan dat Wybenga keunstich allegear losse mominten, ympresjes en fragminten skreaun hat, dy't lyk as yn Moai waar en lange dagen perfekt in foarbye tiid oproppe. Dat docht Wybenga net om't er nostalgysk is, mar om't er foarm jaan wol oan it betiizjende ferline. In foarbyld fan de eksakte wize fan skriuwen, dy't er derby brûkt:
De straal fan de wrâld dêr't ik as jonkje fan in jier of acht yn libbe, skat ik op sa'n trije kilometer. Dat smyt in areaal op fan sa'n 28 fjouwerkante kilometer. Yn dy krite koe ik hast alle sleatten, boskjes, bou- en greidlannen, praktys