Mei nei de oare ieu
Freark Dam
Jan Wybenga út 'en rûgen: Notysjes by syn Provinciales
As boekbesprekker foar de Ljouwerter Krante hat Jan Wybenga der destiids nea in geheim fan makke, dat er wat it Frysk oangie by syn foarteam yn de lear west hie en dêr it ien en oar fan opstutsen. De jongerein koe him op it mêd fan idioom en syntaksis net folle wysmeitsje. Yn Moai waar en lange dagen. Fiif provinciales (Bûtenpost 1981), syn iennichst proazaboek, hat er fernijd hoe't er fan pake Jan Alberts Wybenga, skoalmaster út it âlde laach, yn de simmerfakânsje dy't er te Warten trochbrocht Fryske les krige:
Ik lei moarns lang op bêd. Tsjin tsienen gong ik nei it kantoar, dêr't Pake de boeken siet by te halden fan de boerelienbank, dêr't er kassier fan wie. Omdat de âldman noch graach wat skoalmasterje mocht, krige ik in oerke Fryske les. Hy lies my in stikje foar fan Waling Dykstra of út de Rimen en Teltsjes, dat ik dan neifertelle moast yn goed Frysk. Sa learde ik in soad dreech âlderwetsk boerefrysk, sa oars as de doarpstaal, dat de lju yn 'e winkels en op 'e dyk der noch al ris om gnize moasten. (s. 81)
Net allinne syn pake, mar ek syn heit, de boukundich amtner Albert Jans Wybenga (frisiast, mislearre dichter mar fertsjinstlik proazaïst) hie de jonge Jan om nei te folgjen as it om taalsuverens gong. Oft dr Douwe Kalma, by wa't er letter Fryske lessen folge, him datoangeande noch folle bybringe koe? Miskien in kromke konsekwintens, wat oan de oankommende dichter sa't it like net sa tige bestege wie. Ik ha de yndruk dat Jan Wybenga it syn dosint nea rjocht ferjaan kind hat dat dy him yn 'e les op in flater miende wize te moatten: ‘- Flesk stie der, mar jo seine fleis, pûlemûle er keken.’
sa lêze wy ommers yn it krityske portret dat de learling jierren letter by wize fan poëtysk In Memoriam publisearre (‘Dichters útfeart’ yn de bondel Barakkekamp, Ljouwert 1962).
Geef wetterlânsk Frysk en wat er dêr fan heite kant noch op ta krige stie oan de iene kant, oan 'e oare wie der it Stellingwerfsk dat under de maten, op 'e buorren en op it skoalplein foar master opsloech. Wa't Jan Wybenga praten of foarlêzen hearde, fernaam by goed taharkjen troch syn Frysk hinne noch altyd in bewyske fan it aksint fan ‘ginne kaante’ - ien fan syn sjarmes neffens my.
Yn it ljocht fan it boppesteande binne de hollanismen dy't wy yn syn Provinciales tsjinkomme dochs wol wat opfallend. Ik neam hjir in rufeltsje, út 'e romte fandele, oantoanend dat pake syn lessen net altyd fertuten dien hawwe. Bygelyks doe't er skreau dat it in aard hat yn pleats fan ‘dat it sawat die’, yn 'e wear ynstee fan ‘warber’, n.b. deel yn pleats fan ‘telle’ of ‘skuorreed’ en ing dêr't men sokssawat as ‘yslik’ ferwachte hie.
Wat my ek opfoel wie in twaris brûkt nijsgjirrich germanisme. Tusken heakjes: Jan Wybenga syn kennisse fan it Dútsk wie grut, sa't er sels ek min of mear ferklearre hat yn in petear mei Tiny Mulder (Hwer hast it wei?, Drachten 1970, s. 144). Dy taal hat er him grif ekstra eigen meitsje kind doe't er yn de oarloch in jiermannich fanwegen de Arbeitseinsatz fier oer de grins foar de besetters arbeidzje moast. Yn syn oeuvre is der neat dat der eksplisyt nei ferwiist, of it moast al de