tsjin. De tocht einige op 'e haven yn West. Dêr waarden je dan trakteard op in grut spektakel.
Dy fytstocht wurdt no net mear organisearre: it sukses wie te grut. De lêste kearen wienen de earsten al by de haven, wylst oaren noch oer de smelle paadsjes troch de bosken en de dunen fytsten en guon noch stienen te wachtsjen oant se op 'e fyts stappe koene. It moast oars en no kinne je yndividueel by keunstwurken del dy't oer it eilân ferspraat binne.
It strânfeest fan 'e lêste nacht is der ek ûnderstrûpt troch sukses. Dy nachten wie it grut feest op it strân by Midslân oan See. Op in pear poadiums spilen bands, in eintsje fierder wie in fjoerwurkspektakel, ergens oars wiene akrobaten dwaande en oeral stienen yten drinktintsjes. As miggen kamen de besikers dy nacht nei Skylge, faak sliepten se op it strân, yn 'e dunen of yn 'e bosk. It koe net langer, it eilân koe dy tritichtûzen minsken net drage.
Oerol bestiet út in stikmannich fêste ûnderdielen sa as strjitteteater, muzyk, lokaasjeteater en, nei't it in kear acht fan 'e tsien dagen reind hie, skuorketeater. It sintrum is it Oeroldoarp. Dêr bart fan alles: yn kafeetsjes en op terraskes kinne je ite en drinke, der is in sweefmole, je kinne nei muzyk harkje en nei foarstellings sjen, sawol bûtendoar as yn tinten en dêr is ek de kaartferkeap.
Earder kochten je kaarten by it VVV of yn winkeltsjes, mar dat giet no mei kompjûters, tsien op in rychje. Dit jier wiene der 63.000 kaarten, dy't op trijetûzen nei ferkocht binne. Minsken steane tiden yn 'e rij, guon geane der moarns om fiif oere al lizzen om wis fan in spesjaal kaartsje te wêzen. Tanksij it ynhieren fan in kaarferkeapburo run it dit jier as 't slydjage.
As fêste Oerolgonger hawwe je in ritme. Op 'e boat keapje je in passe-partout. Dat jout je tagong ta it Oeroldoarp. Je krije in krante mei it hiele program, dêr't je alfêst in kar út meitsjen kinne. Op it eilân kinne je alle dagen noch rekkenje op De Morgenster, in krante mei nijtsjes en in protte ôfwaaid praat. Foar't je de haven fan Skylge ynfarre hawwe je op 'e Noardfarder al in keunstwurk sjen kind. Dit jier wiene it hiele grutte sâltpilaren, de pylders fan Herkules. Ik herinnerje my ek noch in hiel grut bestek (sjoch foto). Oankomme op Skylge is op himsels al in feest mar by Oerol kinne je muzyk of strjitteteater op 'e haven ferwachtsje.
Nei oankomst sa gau mooglik in fyts hiere en dan... ‘vol verwachting klopt ons hart’. Wat der dan bart is te fergelykjen mei Sinteklaas, wis wier! Der lizze allegear kadootsjes op je te wachtsjen.
Dit jier, it santjinde Oerol en myn fyftjinde, wie ik ûnwis of ik der wol hinne moast.
Foarich jier fûn 'k te drok. Boppedat ûntstiet nei al dy jierren ek in deformaasje, in Oeroldeformaasje. Je easken wurde aloan heger. Thúsbliuwe slagge my lykwols net, it gribele fan alle kanten. Peer Gynt like my hiel nijsgjirrich. Omrop Fryslân hie my aardich ûnrêstich makke mei syn útstjoerings oer de tariedings. Mar wer op nei Oerol dus. En in pear oeren nei oankomst wiene al myn twivels ferdwûn.
Yn 'e haadstrjitte fan Midslân wiene twa steltrinners dwaande: in Ingelske lady en har nanny mei in hiele hege bernewein. Alles yn 'e styl fan sa om-ende-by ein foarige ieu: lange tafsiden jurken, bolle achterwurken. Op in stuit spilen se dat de lytse poppe gûlde en se hellen har út 'e wein en makken inoar fan