oan 'e linkerkant. Se besocht wat tsjin him te sizzen, mar hy ferstie har net. Ik moat myn bêst dwaan om my oan te passen by it stadige tempo fan him en my ynhâlde om net hyltyd syn sinnen ôf te meitsjen.Se wie fierste swier foar him om har allinnich oerein te tillen en nei it bêd te bringen, dat nettsjinsteande harren leeftyd noch hieltyd boppe stie. Sadwaande hied er syn dochter fan it wurk belle, wat er oars nea die en sy hie dokter belle, dy't fûn dat se mar fuortendaliks nei it sikehûs moast. Underwilens wie syn frou noch fierder weirekke en hie se neat mear sein. En no't er der oan tocht, hie se har pillen fan 'e moarn ek net hân en dokter hie noch sa sein eartiids, dat se dy nea ferjitte mocht. ‘Wat foar pillen?’ freegje ik en de dochter oerhandicht my, hiel effisjint en akkuraat in lyts potsje sintrom, kompleet mei it listke fan de tromboazetsjinst.
Gjin reaksje op oansprekken, gjin reaksje op pine, asymmetryske pupilreaksje. Twa teannen omheech as fuotsoalrefleks. Earst dy gerdinen mar ris wat better om it bêd hingje. Ik knik nei de buorfrou, dy't my swijend mar ûnophâldlik folge hat troch de naad. Ik haw it smoar yn. Wat kinne je noch mear teste by ien dy't sa fier hinne is? Dekker yn syn achtertún oan 'e sherry en De Vries earne yn 'e stêd, hooplik noch nuchter. Wêr is dy ferrekte ferpleechkundige bedarre, it minske moat út har skiterij holpen wurde. Soe se der sels noch wat fan merke? Omdat ik twa minuten ûndersyk wat al te meager fyn om werom te kommen by de echtgenoat en syn dochter, test ik noch wat oare refleksen. Nearne goed foar, allinne miskien om myn tinzen wer wat op oarder te krijen.
‘Nee, ik ferwachtsje hjoed net in soad te dwaan,’ hie De Vries sein, en ik hie der op rekkene dat ik fan 'e middei myn staazjeferslach in moai ein hinne op paad helpe koe. Earst in boel gemiter mei de apoteek, dy't myn hantekening net akseptearre foar de medisinen fan de epileptyske frou fan dy moarns, sadat ik Dekker út syn polyklinyk belje moast. Tige noardsk fansels. Doe dy prikdrama's. En no dit. Standaardlaboratoariumûndersyk, stollingswearde en CT-scan earst mar ris.
Ik skilje De Vries út syn gearkomst, berjochtsje him myn befinings en dat it neffens my gjin ynfarkt, mar in massale blieding is. Hy kin it mei myn plannen wol iens wêze.
De man sit yninoar dûkt oan de tafel yn 'e famyljekeamer, wylst de dochter de ferpleechster, in oaren as dy't my wolkom hjitte, fragen stelt oer besyktiden en sa. Se folle stil as se my by de doar yn 'e gaten krije. Ferdomme, wêrom leare we ditsoarte saken net fatsoenlik yn 'e oplieding? Gelokkich hawwe se ûnderwilens al in kopke kofje krigen. De frou sjocht my ynkringend oan. Ik sjoch nei de pearels om har nekke as ik fertel dat it der net sa bêst útsjocht mei har mem. Se makket it my wat makliker