| |
| |
| |
Net mear as in skokje fan 'e wizer op 'e stasjonsklok
Durk van der Ploeg
As ik tiid fan libjen ha sil it foar my - lykas foar jim trouwens ek - de earste en tagelyk de lêste kear wêze dat ik troch de brâning fan it milennium gean. Wêrom sjogge wy dat no as sa bysûnder? Grif omdat wy yn de útsûnderlike sitewaasje ferkeare dat soks ús mar ienris oerkomt. Mar noch útsûnderliker is, dat fierút it grutste part fan it minskdom soks noait oerkommen is of oerkomme sil, wat ús posysje ta in unyk feit makket. Hoewol, dy útsûnderingsposysje is ek wer net sa grut as it yn earste opslach liket. It is de koartsichtigens fan ús beskaving dat wy allinne de twa milennia fan de Westerse skiednis telle, mar wa sil sizze hoefolle milennia de bewenne wrâld tusken de homo primigenius en it jier nul al meimakke hat. Yn dat gehiel is ús jiertelling mar in fraksje yn in oseaan fan tiid en net mear as in skokje fan 'e wizer op 'e stasjonsklok.
Dat om te begjinnen.
No sjoch ik heechtiden trochstrings frij kalm ûnder eagen. Dochs ha ik my ûngemurken al in pear kear ôffrege hoe't dat fiele sil as wy, ienris troch dy brâning hinne, op it strân fan tweintich ieuwen kristlike beskaving en jiertelling útfloeie. It is wis dat wy dêrmei in nij tiidrek yngeane, mar hoe magys de ferwachtings fan dy takomst binne, der hat nimmen sizzen fan. Ik fertel jim neat nijs as ik sis dat it nei dy ferfeeste nijjiersnacht dyselde âlde wrâld fan alle dagen is dy't wy op Nijjiersdei 2000 mei in kater en dynamise ferfeling begjinne. Ik stel my sa foar, de loft moarns wat bleek, oergeand yn snieblau, op 'e neidei in flutske wiete snie, mar fierder in waarsferwachting dy't in kopy is fan foargeande jierren.
By al dy gewoanens komt mei it oanbrekken fan it nije tiidrek de betsjoening ta libben dat der ûnferwachte dingen barre. Yn it ferline wiene dat katastrofen en panyk, tsjintwurdich binne it kompjûtergekken en moderne Jules Vernes dy't yn aksje komme.
De magy dy't oan sa'n momint tatocht wurdt, ûnderstelt suver in oare wrâld. Wat dat oanbelanget mei it in gelok hite dat der grinzen lizze tusken it wollen en kinnen fan de minske. Want wa't de bibleteken oan publikaasjes neirint oer mei gâns spekulaasje skreaune prognoazes, moat ta de konklúzje komme dat der ferwachtings libje dy't as winskdreamen, revolúsjonêre fantasijen en kreative senario's boppe it sûne ferstân útrize. Machiavelli hat yn Il Principe skreaun dat de iene helte fan it minsklik gedrach regearre wurdt troch it tafal en de oare helte troch eigen yngripen. De futuristen hawwe oars gjin doel foar eagen as yn dy krêftsferhâlding safolle mooglik feroaring te bringen. En der komt feroaring. Mar net revolúsjonêr lykas in bulte minsken tinke, mar mei in stadige oergong, eigen oan de ûntjouwing fan tiid en takomst. Dêrmei is it de minske dy't de seldsumens fan it tiidsferskynsel in magyske krêft
| |
| |
meijout om tydlik yn eufory te ferkearen en by einsluten ta de konklúzje te kommen dat er himsels te fiter hat.
It is fansels tige de muoite wurdich dat jo soks meimeitsje kinne. Ik fûn it destiids al in hiel belibjen om de fal fan de Berlynse Muorre, de ein fan de Kâlde Oarloch en it fallissemint fan Kremlin en Kommunisme mei te meitsjen. Dat binne feiten dy't ta de klassiken fan de skiednis rekkene wurde sille. En wa't dat meibelibbe hat stiet as tsjûge op it plak dat elke histoarikus fan de takomst graach ris ynnommen hawwe sil. Do bist eins troch dy skiednis snien as in skip troch it wetter, sûnder dat der foar dy persoanlik folle feroare is. Mar de wrâld en it lot fan miljoenen minsken, is dêrtroch wol feroare. It giet hjir net by útstek om de unisiteit; mar om dingen dy't net allinne ús, mar de skiednis oerkommen binne as wrâldskokkende feiten. It milennium, as ôfsluting fan in tiidrek en begjin fan nije era's en aeonen, is net sasear in historys feit, as wol in tiidrekkenkundich ôfrûnjen fan in grut tal skiedkundige feiten. Wy libje yn de ôfsluting fan tûzen jier en oan it begjin fan in tiidrek dat, net út te eagjen, in takomst ynset dy't nimmen fan ús foltôge sjocht.
Ik stel my sa foar ik meitsje, lykas ik wend bin, op 'e neidei fan Aldjier 1999 noch even in loopke oer de Presterikker, slach ôf oer de tsjerkepaden fan De Hoek. En mooglik gean ik oer de spoarbaan wer nei hûs. Ik rin dêr tusken elzewâlen en stikken greide mei hjir en dêr in pleats fan in hobbyboer of in opkalfatere wenstee tsjin 'e Feanwâldsterwâl. Utsein de nije bartsjes fan 'e gemeente en it mei skil ófstruide paad, leit it lânskip derby lykas it sûnt ieuwen west hat. De Presterikker is noch itselde paad lykas dat sûnt minskeheugenis lein hat yn it trajekt tusken de kleasters fan Burgum en Sibrandahûs. De tsjerkepaden liede nei it plak dêr't yn de jierren nei 1645 de tsjerke fan Jehanneswâld ôfbrutsen waard, om dy yn Feanwâlden wer op te bouwen. Fan minskefuotten útslipe paden dy't it milennium trochstien ha. Allinne dat eintsje spoarbaan, mei om 'e fjouwer meter de namme Krupp yn 'e rails knypt docht my tinken oan hastigens, oan yndustrialisaasje, oan oarloch en de moderne tiid. Ik stel my sa foar dat, as ik de oare deis datselde paad nochris delrin, de wrâld der noch krektlyk sa útsjen sil as de deis derfoar. Lykas ik al sei, mooglik wat wiete snie, fan minskefuotten tewâde ta kwalsterige dridze. En krekt dy gedachte dat der yn wêzen neat feroarje sil, is yn ferhâlding ta in earder milennium folslein nij.
De oergong fan it iene milennium nei it oare, it stelt tsjintwurdich neat mear foar. Behalven dat kompjûters op 'e rin slagge en kompjûterspesjalisten yn 'e knoei komme, bliuwt elk der sa kalm ûnder as in pûn moal. Ik kin better sizze, der is tsjintwurdich net safolle mear oan. Dat wie tûzen jier lyn al even oars. Doe wie frijwol elk yn de Westerse wrâld derfan oertsjûge dat mei de foltôging fan de tsiende ieu der tagelyk in ein komme soe oan it Tûzenjierrich Ryk. Want sa hiene de teologen it al sûnt ieuwen yn haadstik tweintich fan de Apokalyps lêzen. Mei de foltôging fan it Tûzenjierrich Ryk soe it oardiel fan God oer de wrâld komme en har ûndergong temjitte gean. Begoedige lju dy't yn dy tiid in testamint skriuwe lieten, lieten de tekst dan ek gauris begjinne mei de wurden: Appropinquante mundi termina [Meidat it ein fan 'e wrâld neiby is]. Of guon dy't it noch in bytsje konkreter ha woene lieten sa'n tekst begjinne mei Mundi termino appropinquante ruinis crebentibus jam verte designatur humanitas.
| |
| |
[Meidat it ein fan 'e wrâld neiby is en de ferwoastingen tanimme, sil it minskdom grif mei gauwens oardiele wurde.] Ik ha my wol ôffrege wêrfoar sokke minsken noch testamintsje moasten. Mar hawar. Minder begoedigen hiene neat te testamintsjen mar groeven alfêst in gat yn 'e grûn om, mocht it safier komme, der dea yn del te fallen. Mar ja, dat binne eangsten fan tûzen jier lyn.
Mar wat is tuzen jier?
Yn it jier tûzen waard de beskaafde wrâld yn grutte halen regearre troch twa minsken. Dat wiene keizer Otto III en paus Silvester II. En feitlik hawwe wy it mei oan dy paus Silvester II - dy't foar syn pausbeneaming yn 999 troch it libben gyng as Gerbert van Reims - te tankjen dat wy de wikseling fan dit milennium wat rêstiger ûnder eagen sjen kinne. Dy Gerbert van Reims hat nammentlik de grûnslach lein foar de moderne wittenskip. Hy hat by ús de Arabise sifers ynfierd, mei útsûndering fan de nul. Hy seach de nul as in negatyf symboal foar it neat. En wa't it neat as grûnslach foar syn tinken akseptearre, helle neffens Gerbert it fûnemint ûnder de godstsjinst wei. De Arabieren hiene de nul om praktise reden wol oernommen fan de Indiërs. Foar de Indiërs wie de nul it symboal foar it godlike, it transendinte. Meidat Gerbert van Reims yn de nul it goddeleaze neat seach, wykte er foar dy konsekwinsje tebek. Fierder hat hy it astrolabium ynfierd, in apparaat dêr't de ôfstân tusken stjerren en hoarizon mei metten wurde kin. Dat astrolabium hat laat ta de ûntdekking dat de ierde rûn is. Oan dyselde Gerbert van Reims wurdt ek de útfining fan it meganys oerwurk taskreaun. En dêrmei waard in kwalitative belibbing fan tiid feroare yn tiid as kwantitatyf begryp. En dat kwantitative begryp fan tiid is de grûnoarsaak wurden fan ús hastigens. Dat seit neat yn ús neidiel, want wat hat ús beppe gauris sein, dat as wy net altyd sa gleonhastich en kloek west hiene, wy net safier kommen wiene as wy no kommen binne. En dan bedoelde se de sosjale wolstân dy't se skreppend en klauwend mei pake berikt hie.
It iennige dêr't wy ús no noch drok oer meitsje moatte, is dat ús kompjûters in fierdergeande datumherkenning krije as it jier 1999. Kompjûters sjogge wer in negatyf neat yn de nul, en driigje op Nijjiersdei fan it jier 2000 op 'e rin te gean yn 'e skiednis fan de njoggens. Gerbert van Reims hie yn it jier 1000 noch gjin lêst fan nullen, want getallen waarden doe noch mei Romeinse sifers skreaun. Yn ús tiid soe dat delkomme op in M, mar yn it âld Romeins waard tûzen oanjûn mei CIƆ. No't wy tiidsbegripen digitaal ôflêze, no't ús libbensferwachtings statistys fêstlein binne en prognoazes mei ús stappen yn 'e takomst sette, kinne wy dy grins nei it nije milennium yn it folste betrouwen oerstekke. Wy relativearje oant yn it uneinige. Wy lêze stabiliteit en foarútgong ôf fan beursbarometers, politike senario's, ynternet, oprutsen wieldenoarmen en in demokratise moraal fan in standertwrâld. En sa stevenje wy mei de metronoom op allegro vivace, ôf op 'e Euro.
En dochs, it is noch net sa mâle lang lyn dat dy magise driging fan dea en ferdjer noch siedde waard. Doe't ik noch sa'n jonge wie koene se my noch in ear oan 'e kop naaie mei eangstklausules. En dat diene se ek yn de folle oertsjûging dat it tsjinne ta dyn geastlik heil. As bern krigen wy, om samar te sizzen, wat mei foar tiid en ivichheid. Us waard as bern foarhâlden, dat wêr't wy ek hinne gyngen, wy ús altyd en oeral de fraach stelle moasten: kin ik hjir foar it antlit fan Kristus ferskine. Dat ferskinen wie in fersêftsjende útdrukking foar deagean. It waard dy suver as
| |
| |
in groet efternei slingere. Yn it begjin hat my dat wolris kjel makke. Ik begûn my in ingeleftige ferskining yn te byldzjen, dy't op in ûnferwachtsten foar my stean koe en nim my mei nei himelske gewesten. Mei de jierren rekkest troch ûnderfining en it ynskatten fan ridlike libbenskânsen aardich yn it kwea behurde en wist ik dat it wol wat tafalle soe mei dat libbensliif moetsjen fan de Kristus. Oan 'e oare kant wie it wol sa, dat wy mei dat sizzen gauris bepaald waarden by de ôfsnijing fan it libben as in te ridlike mooglikheid. Wy moasten elk momint der klear foar wêze Kristus te moetsjen yn in hjirneimels.
Ik sjoch dêryn noch in soarte fan slachskaad fan ideeën dy't de lju har yn earder ieuwen foar eagen helle ha. It hat my letter wol slim yn 'e wei west dat myn opfieders tiid en ivichheid net mei mear soarch útinoar hâlden ha en ik geregeldwei konfrontearre waard mei it ivige as soe myn libbenswei ôfknipt wurde as wie it in loshingjende tried.
Wat is dat yn guon minsken, dat se by it wikseljen fan 'e ieuwen sa ûnrêstich wurde? Fansels hat dat alles út te stean mei religy, mei godstsjinstige gefoelens, mei it leauwen dat der mear is tusken himel en ierde en mei it fielen dat it yn de ferhâlding tusken God en minske net doocht en dat soks syn wjerslach fine sil yn straf en ferneatiging yn 'e foarm fan in wrâldkatastrofe. Nettsjinsteande der yn 'e bibel stiet dat de dei fan it Oardiel komt as in dief yn 'e nacht, binne der altyd lju dy't miene dat it godsoardiel in soarte fan tiidbom is en dat se God mei harren primitive gedachtegongen in hantsje helpe moatte mei it fêststellen fan tiid en oere dat dy bom ôfgean moat. In bykommend ferskynsel is, dat hopen lju noch tinke dat it harren yn de dei fan it Oardiel noch wolris raar om 'e kont slaan kin en dêrom ta godstsjinstige ekstremiteiten ferfalle. Lju dy't mei sa'n selsmakke tiidbom libje hawwe der altyd west en sille der ek wol altyd bliuwe. As ik fandatoangeande de skiednis neigean, docht my hieltyd wer bliken dat it meast wat sektarise groepearrings binne dy't sokke gedachten huldigje.
Fansels is der troch de tiden hinne in bulte feroare. Mei de fermeardering fan wittenskip en technise behearsking, binne wy ús primitive fielen wol te boppe kommen. Foarûnderstelde godsoardielen komme noch foar yn strang godstsjinstige groepearrings, yn sekten en binnen de katakomben fan troch godstsjinstwaansin fertieze sielen. Mar dêr is gjin salve oan te striken.
No moatte sokke katastrofale gedachtegongen ús net al te bot ferwûnderje. Ik, dy't nea earder in ieuwiksel meimakke ha, kin my út ferhalen noch tebinnenbringe hoe't op grûn fan rampen en oarloggen der spekulearre waard op 'e ein fan 'e tiden. Dat yn sokke petearen tiid en ivichheid linich yn inoars ferlingde breide waarden seit himsels. Ik kin my, op grûn fan eigen ûnderfining, ek wol foarstelle hoe't datsoarte gedachten yn 'e wrâld kamen. Fanâlds wie it by ús de gewoante dat der moarns, middeis en jûns nei it iten in kapittel út 'e bibel lêzen waard. Sadwaande ha ik neffens in foarsichtige skatting de bibel [uzes hie 1153 siden] - ynklusyf materialelisten foar de timpelbouw en geslachtsregisters - sa'n tolve, trettjin kear foarlêzen heard. Myn blydskip wie noait grutter as wannear't ús heit út it boek fan 'e Iepenbieringen it twaentweintichste haadstik lies, dêr't yn stie: De tiid is neiby. Want dan wie de bibel út. Wat in teloarstelling as er de oare deis op 'e nij begûn mei Genesis ien, en wy wer dy hiele lange, muoisume wei fan Moazes en de profeten del moasten.
| |
| |
En foarlêzen út 'e bibel gyng mei oandacht, mei ik wol sizze. Dat harkjen hie net samar wat frijbliuwends, want heit koe dy op 'e meast ûnferwachte eagenblikken freegje wat it lêste wurd wie dat er lêzen hie. Ast dêrop it antwurd skuldich bleaust, moast mei dyn eigen wurden neifertelle kinne wat der foarlêzen wie. Koest dêr ek net in sinnich antwurd op jaan, dan mochtst foar straf it hiele haadstik lûdop foarlêze. Dat wy wiene altyd by de les. Op sa'n manier waarden wy al jong konfrontearre mei drama en poëzij. Wy waarden al jong dompele yn driigjende profesij en de tsjusternissen fan de Apokalyps.
Nee, dan hie ik yn myn jonge jierren wol even wat oars oan 'e kop. Njonken de prachtige ferhalen oer Kaïn en Abel, oer de frou fan Lot, oer Jakob en Ezau, oer Joazef, Simson, Job, Saul en David, waard ús oandacht bepaald by djipsinnige godsspraak, easterse leafdes- en wysheidsliteratuer, in subtropise fauna, godsoardielen, wûnders, mystearjes, myten, loflieten, tongerpsalmen, profesijen, oarlochsferslachjouwing en neam mar op. It koe my destiids wakkere benaud om't hert wurde as ús heit út it boek Daniël lies. Dat wie tsjustere lektuer. Mar krekt dat tsjustere ferbjustere my sa. Benammen as wy fertiesd rekken yn dreamen en nachtgesichten fan Daniël, wêryn't ús ûnderskate kearen de donkere driging fan de ein fan 'e tiden foar eagen steld waard as in skriftuerlike wierheid en werklikheid. En hoe ferlear ik mysels yn seeën fan tiid as der lêzen waard fan it godsryk dat wie fan ivichheid oant ivichheid, ja fan ivichheid oant yn alle ivichheden. Of it oardiel oer kening Belsasar dat mei in ûnsichtbere hân op 'e muorre fan it paleis skreaun waard: Mené, Mené, Tekél, Ufarsin. En wat koe it my benearje as heit út dat foar-foarlêste haadstik fan lepenbieringen lies oer de ingel dy't, mei de kaai fan 'e ôfgrûn en in grut keatling yn 'e hân, út 'e himel delkaam. Of oer it tûzenjierrich ryk en de poel fan fjoer en swevel en dea en hel en duvel. Dêr sietst dan mei de smaak fan sûpenbrij noch tsjin it ferwurf en de billen switterich oan 'e stoel plakt nei te harkjen. Sûnder dat ik dat blike liet, hie ik it dan net altyd like rom. It sil dy mar oerkomme. Op in moaie simmerdei, krekt ast fan doel bist om de hiele middei mei de jonges fuort te boartsjen en dan krijst krekt tefoaren noch even it boadskip mei dat it syn langste tiid hjir op ierde wol hân hat, om't de ein fan 'e tiden neiby
is. Ik koe ek net fleurich wurde as heit de Kleilieten fan Jeremia lies, of de jammerklachten dy't Job syn freonen Elifaz, Bildad en Sofar foarhâlde oer de skoattels fan it grêf. Ik siet altyd njonken ús heit. Sis mar ûnder hânberik. Fan dat plak ôf koe ik yn 'e spegel sjen en mysels bewûnderje. Hoe faak bin ik net in eintsje opskood as heit dan yn 'e brieven oan 'e Korinthiërs lies oer it sjen fan God yn spegels. Dan woest wol om 't lyk. Dêrom, it ferwûndert my net sa bot dat de lju yn earder ieuwen der nuvere gedachten op nei halden oer it ein fan 'e tiden en heimsinnige drigingen fan it ivige, de Ivige, en it fan ivichheid ta ivichheid ûnferoarlike.
Yn foarige ieuwen wie it tal byleauwigen yn 'e mearderheid. Eangst en twivel hearske net allinne by it wikseljen fan 'e ieuwen. Yn 1835 kaam der in soartgelikense eangst oer de minsken, om't se leauden dat de komeet fan Halley op 'e ierde te pletter slaan soe. Doe't dyselde komeet yn 1910 wer by de ierde lâns skampte wie it mei de eangst al aardich saksearre en doe't de komeet yn 1986 in simmer lang by helder waar jûns te sjen wie, koe nimmen him mear yn dy eangst ferpleatse. De measten namen net iens de muoite om de gleone slier fan de sturtstjer as in natoerfer- | |
| |
skynsel oan de jûnsloft acht te slaan. Mar de tiden dat protten lju har op guon âldjiersjûnen noch mei soksoarte dingen dwaande hâlden, lizze net safier efter ús. Fral yn 'e godstsjinstige literatuer is bekend hoe't protten lju út sektarise en ôfskieden rûnten op kearpunten fan 'e tiid yn 'e lytse loege rekken. Safolste slimmer stie it mei it oanbrekken fan it twadde milennium, doe't de lju der hillich fan oertsjûge wiene dat der in ein komme soe oan it Godsryk op ierde. En sokken binne der noch, want hoefolle hawwe har net foarnommen om by de kommende ieuwiksel yn Jeruzalim te wêzen om dy grutte en trochloftige dei yn 'e godsstêd ôf te wachtsjen.
De minske is fan himsels ûnwis om't er toutert tusken takomst en ferline. De takomst wiist ús op de ûnwissens fan it bestean, om't it ferline ús dy ûnwissens bewiisd hat. Wy soene lykwols de takomst net oankinne as wy ús ferline net koene. Wy libje út 'e ûnderfining. Om't wy witte wat ús oerkommen is, hawwe wy ek in ferwachting fan wat ús oerkomme kin. Underfining leart ús út te sjen nei wat wy ferwachtsje. Wy driuwe dêrom foar in grut part op ûnderfiningsfeiten. Der bliuwt lykwols altyd in risiko fan dingen dy't wy net oersjen kinne. Dingen dy't bûten ús eachweid lizze, mar ús mooglik oerkomme. No binne minsken net allegearre gelyk. De iene libbet mei mear soarch en eangst as de oare. Dat hat alle ieuwen troch sa west.
Aanst, by it wikseljen fan ieu en milennium, as de klok trettjin slacht, wurde ús stappen hastiger en slacht it hert ús yn 'e kiel. Wy wolle neat beethâlde fan it âlde, mar grinzen oerstekke. Us ferwachtings lizze yn it nije en it ûnbekende trillet al yn ús mei begearte en nijsgjirrigens. De metaphysical poets komme wer ta libben en skriuwe in nije ieu. Komponisten notearje partitueren mei fugatise heftigens. Skrasse paukeslaggen troch de noatebalken. Byldzjend skeppe keunstners nea earder sjoene foarmen en djipten. Ek al harkje wy net, elk gedicht is in warskôging op 'e takomst. Wy fine ús twivels werom yn dissonearjende klanken en atonale muzyk. Fetsje moed út it kontrapunt dat ús liedt nei in omheech geand motyf. Want wy wolle optild wurde út ús ferline nei it takomstige en it takommende. Wy taaste no noch blynseach yn romten fan tiid om't de haast fan ús ferwachtsjen fan gjin ynhâlden wit.
Der is gjin alles of neat. Der bart fan alles safolle, dat wy binne oeral en sjogge it neat net. It gewisse jaget ús op en wy sizze dat de tiid hastiger wurdt. Wy, dy't tiid eksploitearje as foarútgong, fleane har mei graachte yn 'e earmen en flechtsje opjage fan har ôf yn wer in oare tiid. Want wy libje by ferwachtings dy't ús werklikheid oerein hâlde en ús takomst fuortsterkje. By alle romte dy't de tiid ús biedt ferkeare wy yn 'e bline stege fan 'e takomst. Wy sykje nije iepeningen. Wy wolle behâlde wat efter ús leit en begeare dat wat foar ús leit. Wy dy't alles efter ús hawwe en alles foar ús, kinne mar ienkear alles hawwe. En dat is no. It foar en efter binne ús beheinings; de grinzen fan hawwen en wêzen. De wissens fan ús lot leit net yn it tydlike, mar yn it takommende. Want al it tydlike is fergonklik en it fergonklike hat te fergean ta wierheid. Dat is ús lytsens.
|
|