Tegels
Meinou P.
‘“Onderhoud,” herhaalde Arthur, haar man, vaak. “Het leven is niets dan onderhoud”.’ Dat lies ik op in nacht doe't ik net sliepe koe yn Lisa Althers roman Andere vrouwen. En ik waard der op slach depressyf fan, sûnder no krekt te witten wêrom. Noch lang nei't ik it ljocht wer útdien hie, tocht ik dêr oer nei. Triviale foarbylden foar Arthur syn stelling as it ûnderhâld fan hûs en hiem, fan ark en auto wienen dúdlik genôch. Mar it wie dat niets dan dat my enervearre.
Ast ûnderhâld sjochst as in soarte fan ynvestearring yn de takomst, wie der neffens my yndie neat dat der net mei yn ferbân te bringen wie. Sels skeppende keunst, dêr't ik earst noch fan tocht dat dy der dan wol net ûnder falle soe, is yn dat ljocht sjoen neat oars as besykjen ideeën yn stân te halden. Om oer ûnderwiis mar te swijen.
Sa wol ik net libje, tocht ik. Al dat krewearjen fan dy miljoenen minsken tsjinnet nearne ta. It bringt yn it geunstichste gefal noch lúkse, mar dat betsjut oars neat as mear ûnderhâld. Der móast wat oars wêze. Mar ik koe neat betinke en ik makke mar wer ljocht.
‘.....terwijl zij en Harriët waren uitgezakt door het kinderen krijgen en geteisterd werden door opvliegers, angstaanvallen en nachtelijk zweet.....’ Dêr foel myn each op doe't ik blêdzjend yn it boek socht nei wêr't ik bleaun wie. Prompt krige ik in switoanfal. Want ynienen wist ik wat it wie dat my deprimearre. Dat wienen gjin filosofyske problemen op wrâldnivo. Dat wie gewoan it ûnderhâld oan mysels! Hie dy wyks myn man, doe't ik neffens him fierstente lang fan de badkeamer gebrûk makke hie, net sein dat der, as ik sa troch gong, in tiid komme soe dat ik noch mar in oere de dei toanber wie? Wêrom die ik dat eins en foar wa? It ferfal soe dochs net te kearen wêze!
Ik fage my it swit fan de foarholle en naam in beslút. Gjin make-up mear, gjin besites mear oan de spatierespesjalist, mei tiidrôvjende sitten by de kapper moast it ek út wêze en dy kyste fan njoggen by seis sentimeter yn myn hokse moast der mar moai sitten bliuwe, dy koe ommers gjin kwea, hie de dokter sein. Dat soe in protte tiid opleverje. Oer tiid foar wat dan bruts ik my de holle net.
Ik fielde dat ik no wol sliepe koe.
De oare moarns rûn ik troch it hûs. Ik hie mysels noch krekt in dûs en wat deodorant gund. It hier hie ik droegje litten sa't it foel en ik hie gau de holle in oare kant útdraaid doe't ik in glim fan mysels yn de spegel opfong. Ik hie in frou fan mids fyftich sjoen mei fletse eagen en reade plakken op it gesicht. No ja, sa wie it no ien kear, sa seach ik der ommers út? Der wie neat om jo foar te skamjen. Mar ik doarst net om boadskip en doe't der belle waard, die ik net iepen.
Yn plak dêrfan gong ik nei de badkeamer en dêr haw ik mysels ris goed ûnderholden.