Literatuer is gjin amusemint (4)
Literatuer is gjin amusemint, wurdt net skreaun om minsken har sa noflik mooglik fiele te litten. It wêzentlike fan literatuer is neffens my, dat se in funksje hat yn de maatskippij, yn dy sin dat se dingen oan 'e oarder stelt dy't minsken oan it tinke sette. De polemyk moat yn 'e literatuer by definysje in wichtich plak ynnimme.
Josse de Haan yn De Nije fan 30 juny 1983.
Yndied tsjinnet de literatuer net allinne it amusemint. Ik wol wize op twa funksjes: de literatuer as paadwizer yn de eigen kultuer en de literatuer as hoedster fan autentisiteit.
De Russysk-Amerikaanske dichter Joseph Brodsky rette syn studinten oan bij alle mooglike libbenssituaasjes in dichtrigel bij de hân te hawwen. Dy regels passe yn de kontekst fan in libbensfisy fan de oanbelangjende dichter en kinne jin sa helpe jin yn de konfrontaasje mei bepaalde libbenssituaasjes te oriïntearjen.
De Grykske dichter Kafavis beskriuwt yn in gedicht in reis nei Ithaka: Ithaka gaf je de mooie reis / Was het er niet, dan was je nooit vertrokken / Verder heeft het je niets te bieden meer. Mei oare wurden: It libben bestiet yn it foarste plak út langsten en net út de ferfolling dêrfan. As je dat witte, kinne je troch inkeld it wurdsje Ithaka op in bepaalde situaasje los te litten earder as in teloarstelling in aha-erlebnis belibje. Literatuer as libbenskeunst.
No wat de autentisiteit oangiet. Yn de romte tusken de positivistyske wittenskip en de smalltalk leit in gigantysk gebiet fan âlde en nije ûnderfinings op formulearring te wachtsjen. Yn in maatskippij dy't út is op efficiency binne klisjees it bêste te hantearjen, autentike emoasjes fersteure it maatskiplik ferkear. Per jier stjerre yn Nederlân tritich tûzen minsken en tûzen minsken komme om yn it ferkear. Gerard Reve seit dan om de waan fan de dei wer te jaan: Niks aan de hand. Immen dy't kanker hat seit as er nei syn sûnens frege wurdt net: Ik haw kanker en ik bin hartstikke bang. Hij seit: It giet wol, de pine falt wol ta.
In maatskippij dêr't gefoelens net mear yn utere wurde liedt der ta dat minsken har iensum en ûngelokkich fiele. De literatuer moat de autentisiteit oan de maatskippij werom jaan. Troch gefoelens yn wierheid te beskriuwen en ûnbeneamde ûnderfinings in formulearring te jaan. Totalitêre rezjyms ferbiede altyd earst de autentike literatuer omdat hja allinne dije kinne yn in sfear fan leageneftichheid. Lykwols, literatuer is net a priori polityk engazjearre, mar foarst betrutsen op it minsklik lot.
Pier Boorsma