Trotwaer. Jaargang 31(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 328] [p. 328] Steven de Jong eachweidprakkesaasjes oarekant de sleat panorama sûnder ein oarekant de dea in minskelik refrein ik set de stôk ferkeard dûk ûnder yn 'e sleat tinkstiennen plompe achter my oan de âlde dichter is ferstoarn krij de pinne âlde baas periskoop fan in ferstienne dwaas fanút myn kelder sjoch ik hiel helder neat fan in keninklike stins faaks sit in kikkert op 'e lins in kikkert en syn sibben fol grien libben [pagina 329] [p. 329] fiskje de skiere sinne is te kâld om yn te sliepen moedeleas de angel warch fan it wachtsjen en ûnferskillich dûnsje de hichten en delten fan it libben under de dobber troch yn 'e trochloftige djipte fan it hielal... ‘nin byt’ sei ús pake dan Vorige Volgende