ste pommeranten, Wim Duisenberg, it earste eksimplaar fan syn nijste boek, It wrede paradys, te oerlangjen. Nee, nochris gjin dwersbongel dy Speerstra.
Riemersma, Trinus. Mei syn seis krúskes op 'e rêch sa stadichoan in angry old man. Der waard oait oer him sein ‘oans Trinus het un hekel an gedonder, mar hij kin noch minder sonder’. Sterker noch hy skreau ris ‘ik haw in hekel oan minsken / dy't net fan gedonder hâlde / sokken krij ik altyd / gedonder mei’. Stiet noch regelmjittich op 'e achterste poaten en doopt syn pinne yn 'e jittik. Sjoch de rubryk ‘Altyd wat!’ yn dit blêd.
Q, de. Utjouwerij fan QuizeQuânsje dêr't it op dit stuit eins te goed mei giet om dwers te wezen. Hat sûnt dizze maityd in nije foarsitter yn 'e persoan fan Doeke Sijens, in skriuwer dy't yn syn Dwersreedstikken noch alris dwerse kneppels smyt. Dat wa wit.
Piebenga, Tjitte. Guon lju út it Frysk literêr fermidden (Jan Kooistra!) kinne it bloed fan dizze LC-poëzij-resinsint wol drinke. Piebenga mei de lju graach ris dwers tsjin de hierren ynstrike, mar as ik myn sin sis: Tjitte Piebenga is sa goed as bôle, eins te goed foar dizze wrâld. Soe ris in polemyk yn Trotwaer begjinne moatte, mei al dy sabeare Fryske dichters.
Oppewal, Teake. Wie, mei Pier Boorsma, sa dwers om gjin fersen fan Jelle Kaspersma yn de Spiegel van de Friese Poëzie op te nimmen. Ha ik dêrnei noait mear betraapje kinnen op dwersbongelerij.
Noordmans, Jacob. Dizze man is sa dwers, dat er it sels, wat slimmer is, syn lêzerspublyk, net iens mear yn 'e gaten hat. Elke sneon weroan preket er dwers tsjin de ‘ontkerstening’ fan Fryslân en de wrâld yn. Mar wêrom yn de goedichheid docht er dat yn in tale Kanaäns (=Hollâns)? Dwers?
Miedema, Baukje. Feroare har (skriuwers)namme yn ‘Bauky’ Miedema om in resinsint, Anne Wadman, ris hearlik de gek oan te stekken. It is de lêste tiid fierste te stil om Baukje hinne. Trotwaer ferskynt no tsien kear yn 't jier Miedema, skriuwe blinder, it ‘Trotwaer-toaniel-poadium’ is foar dy! Om mar ris in dwerstrjitte te neamen.
Leest, R.R.R.. It kaam by him net op ien R mear of minder oan. Mar hy stiet blykber sa fier boppe de Fryske skriuwerij dat er net iens mear mei docht. Tsja...
Klazinga, Bertus. Hy wurdt dwers as bobo's har mei syn kreative toko bemuoie. Sjappo Bertus!
Jong, de Steven. Stiet op dit stuit mei stip op numer ien yn 'e Frysk Literêre Dwersbongelers Top Tsien. Foar mear ynformaasje ferwiis ik graach nei it foarige nûmer. Voorwaarts Steven!
IP2r90, Rendez-Vous. Literêr Frysk polemysk tydskrift fan Josse de Haan, dat spitigernôch in sêfte dea stoarn is. Ik zeg U sta op Johannes, neem de pen ter hand en veeg er nog eens in!
HHispel. Utjouwer fan it Frysk literêr Tydskrift Hjir, it tydskrift dat altyd in moanne letter ferskynd as op it omkaft stiet. Dat is lekker dwers.
Groot, Pieter de. Dwers yn 'e baas syn tiid. Is dat ek dwers?