Meiwurkers
Eize de Boer (1951) wennet yn Hurdegaryp en is free-lance ferslachjouwer. Skriuwt û.o. foar de F-side, it Friesch Dagblad en Actief, it wykblêd foar Tytsjerksteradiel en omkriten (û.o. alle wiken in aktueel kursyfke op rym). Wie jierrenlang meiwurker fan Frysk en Frij en hie ek wol bydragen yn De Strikel.
Sikke Doele (1942) is keunstredakteur fan de Ljouwerter Krante. Publisearre literêr wurk Podium, De Tsjerne, De Strikel en Sonde, dêr't er ek redakteur fan wie. Krige yn 1971 in Rely Jorritsmapriis. Yn 1977 ferskynde syn dichtbondel It swiet geniet; yn septimber komt syn proazadebút De Gouden Teeman út.
Piet Hemminga (1946) is as bestjoerskundige oan de Fryske Akademy ferbûn. Hâldt him dêr benammen dwaande mei de fraach op hokfoar wize it oerheidsbelied oangeande regionale talen yn West-Europa ta stân komt.
Ate de Jong (1951) koe sels better flokke as keatse. Om doch wat by de toppers te hearren, skriuwt er út en troch oer 't keatsen. Hy wurket by COS Fryslân, it sintrum foar ynternasjonale gearwurking. As er syn sin kriget sponsort dat sintrum yn 2002 de jonge keatser Rutmer van der Meer, dy't dan de PC wint, mei op syn shirt: Keatsen is in wereld-sport.
Sietske de Jong (1947) is neist har wurk as ynformaasjemeiwurker hast al har frije oerkes kwyt oan literêre aktiviteiten, sawol op it mêd fan de Nederlânske as de Fryske literatuer. Debutearre yn 1997 mei Ikaros baarnende soan en hopet noch ris in roman of ferhalenbundel te publisearjen.
Steven de Jong (1935) wie redakteur fan De Tsjerne (lêste nûmer), quatrebras en Trotwaer en oant begjin 1997 dosint Nederlânsk oan it Lienward College yn Ljouwert; skriuwer fan fersen, kritiken, essays, ferhalen en de (autobiogafyske) roman De Wuttelhaven del (Gysbert Japicxpriis 1992).
Jitske Kingma (1959) is sjoernaliste. Se wurke op de steds-, kultuer- en einredaksje fan it Friesch Dagblad en wie de lêste jierren sjef fan de redaksje. Yn 1989 sebutearre se mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges. Sûnt koart is se yn tsjinst fan by ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins.
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993).
Durk van der Ploeg (1930). Wennet te Feanwâlden. Wurket as skriuwer. Resint ferskynden fan him Skepsels fan God (roman) en ‘Fedde Schurer: dichter en dieder’ (essay) yn de bondel Ik bin jim sjonger. Yn tarieden It wurk fan 'e duvel (roman).
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan.
Hylke Speerstra (1936), sjoernalist en skriuwer. Wie haadredakteur fan Schuttevaer, het Agrarisch Dagblad en de Leeuwarder Courant. Publisearre ferhalen en romans yn it Nederlânsk en it Frysk. Meikoarten ferskynt It wrede paradys / Het wrede paradijs, in mânske bondel mei emigrantenferhalen.
Jabik Veenbaas (1959) studearre Ingelsk, Frysk en wiisbegearte, skriuwt toanielstikken, ferhalen en skôgings, publisearre yn Hjir en Trotwaer, wurket as oersetter en makke in grut part fan de fertalingen foar de Spiegel van de Friese poëzie (1994). Is resinsint Frysk fan de Ljouwerter Krante.
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Publisearre û.o. de dichtbondels Skrousk, Je mutte hore wie ut seit, Dàt ok noch en deagewoandea en (tegearre mei Doeke Sijens) In útjouwerij fan QuizeQuânsje.
Sietse de Vries (1955) is redakteur fan de Leeuwarder Courant. Syn earste roman, De boargemaster, ferskynde yn augustus 1998; De dea fan Nico Dekema folge in healjier letter.
Harmen Wind (1945) is as direksjelid ferbûn oan in learare-oplieding yn Doetinchem. Hy skriuwt Frysk- en Hollânsktalige fersen. Syn lêste bondel yn it Frysk is Plak, yn it Hollânsk wie dat Plaatselijke Tijd. Yn 1987 wûn er de Fedde Schurerpriis foar literêre debuten.