Skythúspraat fan Karel Gildemacher
By De Hynsteblom op 'e Jouwer, de privaatútjouwerij fan Karel Ferdinand Gildemacher, ferskine sa út en troch hiele aardige boekwurkjes. Ik neam allinne Gildemacher syn onfergeteleke Sneker dichtbundels Seker, Blauwe Piter is un Sneker en 't Is mar wat je sien wille. Oan alles falt ôf te lêzen dat Gildemacher flyt docht op syn wurk: de boekjes dy't fan syn J.G.A. Eickhoff hânsilinderparse ôfkomme kinne besjen lije.
Lykwols, Gildemacher hat noch in drukkerij, Ut Skythús. De produkten dy't er dêr útkakt binne fan gâns minder kaliber. Op sneontemiddei - der is fierders gjin harsens dy't soks dwaan wol - lêst er de Skythús-ferhaaltsjes foar op Omrop Fryslân Radio. No ja lêze, it is mear in monotoan opdreunen, seldsum langtriedderich, skoalmasterachtich, saai mar benammen alderferskuorrendst ûnnoazel fan ynhâld. At sa'n ferhaaltsje ris op papier komt en de harker de gelegenheid kriget dat jeuzelpraat te lêzen, falt de stompsinnigens noch mear op.
Sa wie de krityk dy't Gildemacher op 17 oktober 1998 foar de mikrofoan fan Omrop Fryslân Radio spuide oer it takennen fan de Gysbert Japicxpriis oan Piter Boersma, nochris nei te lêzen yn it desimbernûmer fan dit tydskrift. Gildemacher hie it bekroande boek, It libben sels, dan wol net lêzen, mar in negatyf oardiel hied er al.
Op 3 july fan dit jier siet ús sneontemiddeisdûmny blykber ek wer ris om praat ferlegen en liet er syn ljocht skine oer in fers yn it Snekers, myn ‘Petticoatmeiskes’ (sjoch it junynûmer fan Trotwaer). Omdat it net sa'n grut fers is, hie
Gildemacher it diskear wol lêzen. Neffens it orakel fan 'e Jouwer soe de ynhâld net kloppe. De dichter, in âld buorjonkje fan him, koe ommers godsûnmooglik sjoen ha wat er beskreau.
Gildemacher tinkt dus dat de dichter ien fan de snotbongels út it fers is dy't nei de Petticoatmeiskes stean te gnuven. Wat in ûnferstân, de dichter en de persoanen dêr't oer skreaun wurdt, hawwe likefolle meiïnoar te meitsjen as in EO'er mei Yab Jum. It lêzen fan fersen is wat oars as it lêzen fan de Donald Duck.
Al it oare privee-praat dat Gildemacher dêrnei noch oer myn persoan buorkundich makke, hie it nivo fan dat fan in dronken papegaai. De ynsinuaasje dat de Trotwaerredaksje de kopy fan syn redaksjeleden mylder behannelje soe as dy fan oaren slacht fansels as in tange op un soute hearing en tsjûget fan in bekrompen kalvinistise geast.
‘It blêd moat dochs fol...’, wie Gildemacher syn konklúzje. En hy kin it witte, want hied er yn syn GJP-praatsje al net sein: ‘It is mei de Fryske literatuer soms krekt as mei it nijs fan Omrop Fryslân, tink ik wol ris. De helte fan de tiid is der gewoan gjin nijs, mar om't der al stjoertiid is, meitsje wy wat en wurdt de tiid dus fol makke.’ - Jaja, je mutte hore wie ut seit en foar de rest Kareltje (su noeme se dij in 'e Noarderhoek noch altiten) do kanst mij de haan naaie!
De heu,
Henk van der Veer