Trioel
Wat moat Chirac wol net fan ús tinke?
Wit Sjoerd Bottema net wat streekliteratuer is? Syn ‘Dwersreed’ yn Trotwaer nr. 4 lit it my wol tinke. len fan 'e grutste literêre wurken, Honderd jaar eenzaamheid fan Marques is streekliteratuer en bygelyks Scheepsberichten fan Annie Proulx kin men as streekliteratuer beskôgje. Streekliteratuer is gjin kwalifikaasje oer it nivo, it seit allinne dat de roman yn in bepaalde streek spilet en de nuveraardige sfear fan dy streek beskriuwt. Dizze útlis is yn elts wurdboek te finen.
Wit Sjoerd net dat wrâldliteratuer him ek ôfspylje kin yn in grutte stêd? En Perec dan mei Het leven een gebruiksaanwijzing en Jazz fan Tony Morrison? Hermans hie net altyd gelyk, Sjoerd. Kinst goed sitearje wat oaren sizze mar meist sels ek wol ris it ien en oar neigean.
Sjoerd slacht yn dizze ‘Dwersreed’ wol faker neist de spiker. Mei syn útspraak dat ik fyn dat Fryske literatuer him tefolle op it plattelân ôfspilet, hat er lykwols gelyk, mar tefolle yn ferhâlding ta wat? Boeken oer it Fryske plattelân binne der noait tefolle fansels mar om de stêd Ljouwert no suver noait yn in boek tsjin te kommen, dat fyn ik in gemis. Ljouwert heart ek by Fryslân. Dy fiif titels dy't Sjoerd opneamt steane yn gjin ferhâlding ta de titels fan boeken dy't op it plattelân spylje. Boppedat binne it gjin eigentiidske romans en De feestgongers fan Wadman spilet net yn Ljouwert mar yn Snits. Sjoerd hat myn utspraak út 'e twadde hân en der is him nei alle gedachten net ynflústere dat it my as Ljouwerter om myn eigen stêd giet, mei syn eigen problematyk en dan yn it Frysk. Allinne de moaie romans fan Piter Terpstra Fjouwer minsken yn in stêd en 80.000 yn in stêd bliuwe dan oer. Yn 't Nederlânsk beskriuwt Kees 't Hart, in Ljouwerter, dizze stêd wol. Ek Simon Vestdijk fûn Ljouwert ynteressant genôch.
Oer literatuer is in hiele protte te sizzen, ek dat de tiid dêr't wy no yn libje werom te finen wêze moat yn romans en ferhalen. Ik libje no en fyn de eigentiidske problematyk te min werom yn 'e Fryske literatuer. Myn útspraken binne folslein gjin kwalifikaasje oer it nivo fan dy literatuer. Ik sinjalearje allinne wat der net is en dêr't ik fan fyn dat it ek in plak yn boeken hawwe moat. Ut kranten en foar ús eigen tillevyzje wit elts dat hjir ek moarde wurdt (en ek net sa'n bytsje), bisten wreed behannele wurde, swervers binne, ynsest is, froulju mei holdoeken om troch de strjitten rinne, asylsikers binne, ek seksuele mishanneling is, ensafierder, ensafierder, yn 'e stêd likegoed as op it plattelân. Ik soe it faker weromfine wolle yn moaie literêre Fryske romans en ferhalen.
De tiid dat Fryske romans oer blommen en dunsjende fammen gean moasten, leit al lang efter ús. Anne Wadman hat sines der ek ta dien, wis en wrachtich. Of de útspraak fan him dy't Bottema sitearret (Fryske skriuwers binne nei de oarloch Fryske skriuwers wurden) wol stiet as in peal, is te betwiveljen. Wadman kin fan alles beweard hawwe mar as ik yn in resinsje fan myn boek lêze moat ‘Wat moat Chirac wol net fan ús tinke’ (slacht op it drugsmisbrûk yn Fryslân), wurdt it my grien en blau foar de eagen en goai ik, krekt as Bottema, alles op ien bult; alle nuânses lit ik dan farre. Dan sjakt it my neat mear!
Sietske de Jong