en, keningsballen, cartoons, gedichten, toanielstikken, strips en sjongbundels oer it keatsen. It idee komt fan Pieter Breuker, de Fryske deskundige op it mêd fan keunst en keatsen. De tentoanstelling hat in heech Breukergehalte, der is net in fitrine of je komme in boek fan, in brief oan of in artikel oer Pieter Breuker tsjin. Of in tegeltsje mei ôfbyldingen fan keatsers út syn samling. Breuker in bytsje kennende, is der oer de yndieling grif goed neitocht, mar ik begryp net wêrom 't it flutboekje Tuskenspul tusken Breuker syn prachtige blomlêzing út 'e keatsliteratuer en in boek fan Vestdijk leit. Likemin begryp wêrom 't in boek fan de klisjeeman Johan Lolkama, troch Breuker en syn maten fan WIS-IN oait ris ûnbarmhertich finaal kapot skreaun, no pontifikaal te pronk leit. Sûnder ien kritysk wurd, ek net yn de katalogus.
Miskien lient it - meast skreaune - materiaal him ek net foar in tentoanstelling, mar earder foar in boek. Mar dat boek wie der ommers al - it niisneamde standertwurk fan Breuker. Tafallich hyt dat boek ek BOPPE! It docht wat idel oan allegear. Krekt as it omkaft fan it jongesboek Keatse foar de krânse fan Jelle Bangma, dat fansels ek in plakje op 'e tentoanstelling krigen hat. Hiel feitlik en sûnder te ligen, mar och sa pretinsjeus, stiet op de achterkant fan it boek: ‘“Keatse foar de krânse” is it earste keatsboek foar de jeugd sûnt “De jonge priiskeatser” (1932) fan Nynke fan Hichtum.’
Ik fyn 't in saaie tentoanstelling yn in foarmjouwing út 'e tiid fan Jelle fan Sipke Froukjes. En braaf. Al hielendal yn 'e sfear fan de dichtrigels dy 't op 'e foarside fan de katalogus stean: ‘... bliuwe keatsers trou en earlik, jimmer krigel, sljucht en rjocht.’ Allinne Geart Gratama komt mei syn cartoons boppe dit nivo út. Hy lit keatsers tsjin elkoar raze: ‘Allé allé. Kop der by! Sla in moaie keats! Allé! Ram him op dy autoscooter! Allé! Allé!’ Mar fierders braaf dus, och sa braaf.
En dy braafheid wolle se no ta belied meitsje, dy keatsbobo's. Struktureel en yntegraal noch wol. Wylst 't keatsen ien fan de meast nuete sporten is: it is foar de helt fan tiden kuierje fan it perk nei de opslach en oarsom (fansels is der yn 't foarbygean krekt even romte foar psychologyske oarlochsfiering mar dêr falle gjin klappen by), der is gjin doping yn 't spul, nimmen besoarget in oar mei de earmtakke of in tackle in blessuere, dêr steane gjin stekken om it fjild - keatsen is in yn- en ynfatsoenlike sport. En der soe gjin kloaten oan wêze, as der sa no en dan net in keatser wêze soe dy't him ûnfatsoenlik gedraacht. Dy't de grinzen siket fan wat kin en wat krekt net mear kin, en dêr even oer hinne giet. Want flokken leit op 'e grins fan wat mei en wat net mei - it heart net sa mar it heart sa moai - en op dy grins is it libben faak it spannendst. Dan feart it publyk op, dan is der praat, dan bart der wat.
En dan gaat het kaatsen met vloeken, schuttingtaal of schelden gepaard. En grif yn wat oare bewurdingen as fyftich jier lyn, hoewol...yn Jelle fan Sipke-Froukjes flokt it neefke fan de dûmny leafst fjouwer kear achterelkoar... Mar wêr hawwe wy it feitlik oer? Okkerdeis ha 'k by it jongeskeatsen yn Berltsum west, om ris te sjen hoe 't it der mei de ferloedering fan ús keatsjeugd foarstiet. Yn ien oere ha 'k trije kear ‘shit’, twa kear ‘kut’ en ien kear ‘godferdomme’ heard. En ik fûn 't alle kearen terjochte.
Want: do rekkest de bal lekker, hy sjit prachtich út 'e nap, mar gottomme krekt twa sintimeter kwea... Dan is ‘shit!’ dochs wol it minste wat je roppe. En hoe jong de maten ek binne, ik hearde gauris ien sizzen: ‘Neat oan