Tegels
Meinou P.
It wykblêd HP/De Tijd lit yn syn rubryk ‘Zelfportret’ bekende persoanen alle wiken antwurd jaan op deselde fragen. Yn de wike dat de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint holden waarden, wie mr. Jim Janssen (Muntok, Bangka 1932) oan bar. Mr. Jim Janssen die mei mei in eigen list: ‘europees Verkiezers Platform Nederland’. Hy keart him tsjin fierdergeande federalisearring fan Europa, mar dêr fine jo neat oer yn it stikje. Der wurde allinnich mar fiifentweintich fragen nei it priveelibben steld en de aspirant Europeesk fertsjintwurdiger fan it platfoarm Nederlân wie idel genôch om iepenhertich te antwurdzjen.
Ien fan dy standertfragen is hokker eigenskippen jo yn in frou wurdearje. ‘Leafdefolle soarch,’ sei de polityk-yndividualist.
No mei der om my fan alles wol stean, fan in lichte ûnnoazelens oant bizarre bazichheid ta, mar net leafdefolle soarch. Ik sjoch syn frou al mei in loksillige glim om 'e mûle leafdefol de flier fan it húske dweilen as er wer ris, letterlik, bûten de pôt pisse hat en fleurich nei bûten ta draven om leafdefol de garaazje iepen te setten as se him oankommen heart, as wie it in reaksje op in ympuls fan de eroatyske ôfstânbetsjinning. En dan wol ik it noch net iens ha oer de soarch dy't er ferwachtet fan syn sekretaresse.
Wat wurdearre dy Europyf it measte yn in man? ‘In ûnôfhinklik oardiel,’ sei er sûnder fierder kommentaar. Dêr sil er thus net folle swierrichheden mei hawwe, dus.
As grutste ûndeugd neamde er syn kulinêre genietingen, mar hy fertelde ek dat iten, drinken en geselligens foar him needsaaklik is om him ûntspanne te kinnen. En frou Janssen mar leafdefol mei soarch alle mooglike resepteboeken neisneupe om mei nije delikatessen te kommen, sadat mr. Jim, as er him wer ûnfoech ferfretten hat, har de skuld dêrfan jaan kin dat er dochs wer tajûn hat oan syn grutste swakte. En hat er syn gerak net hân, dan kin er har ûnôfhinklik ferwite dat er him thús net ûntspanne kin.
Dy bekentenis seit mear as in partijprogram. Op sa'n man stimme jo dochs net?
Wêrom is der gjin tydskrift yn Fryslân dat soksoarte rubriken hat? Hawwe wy gjin ynteresse foar de minsklike kanten fan ús pommeranten? No, ikke wol!
‘Frou oankommend Steatelid, hokker eigenskip wurdearje jo it meast yn in man?’
‘Hmm, ik soe sizze: leafdefolle soarch.’
Nei it lêzen fan dat selspertret yn de HP wie der noch mar ien wêzentlike fraach dêr't ik mei sitten bleau: soe de frou fan mr. Jim de platfoarmfertsjinwurdiger like lekker itensiede kinne as syn mem?