Literatuer is gjin amusemint (3)
Polityk-korrekte apekoal
As sjoernalist bin ik it folslein mei Josse de Haan iens: polemyk moat in wichtich plak ynnimme yn 'e literatuer. Skriuwers dy't de koal en de geit sparje, dy't wurdearring fan publyk en resinsinten as heechste ideaal hawwe, binne de dea yn 'e pot foar de lêzer en foar de krante.
Ek hat Josse de Haan gelyk as er it oer de maatskiplike funksje fan de literatuer hat. Hoefolle skriuwers wurde net dreaun troch argewaasje oer de maatskippij? Argewaasje oer de idelens en dommens fan politisy, oer de pronksucht fan buorman dy't al wer in nije auto kocht hat en oer de machtswellust fan sjefs yn it algemien en fan har eigen yn it bysûnder? Sokke literatuer is nuttich foar de skriuwer - it skeelt yn 'e doktersrekken - en foar de lêzer dy't wer ris befêstige wurdt yn wat er altyd al tocht (oer domme lêzers dy't de eagen iepene wurde troch tûke skriuwers meitsje ik my gjin yllúzjes).
Lykwols doch ik de stelling fan Josse de Haan ôf as polityk-korrekte apekoal. Yn it foarste plak om't literatuer per definysje in foarm fan amusemint is. Wa soe al dy tsjokke boeken oars útlêze? Yn it twadde plak om't ik my troch Josse de Haan net foarskriuwe lit wat literatuer is en wat net. En yn it tredde plak om't elkenien dy't ûntkent dat er him tusken alle Manns en Joyces troch net graach fernuveret mei in Inspector Morse of in oar lichtsinnich wurkje, liicht. En oars is er - om it fêste skelwurd fan myn âldste soan foar lêzers mar ris te brûken - in stúdzjepik.
Sietse de Vries