Literatuer is gjin amusemint (2)
It soe ek yn Fryslân sa wêze moatte dat literatuer eat tafoeget oan de tinkwrâld fan de lêzer.
Mar binne de foaroardielen yn Fryslân net slimmer as yn it oare Nederlân? Leararen binne ornaris it symboal dêr't mei earbied oer praat wurdt. Earbied en eangst meitsje in skriuwer mûsstil, hânsum foar de krekte wurden op 'e rigel.
Mei oare wurden: Hâldt in skriuw(st)er genôch fan Fryslân? Hâldt Fryslân genôch fan syn skriuw(st)ers? Hja moatte ôfskie nimme fan in Fryslân en har learaars. Ommers, de boerefaam is al jierrenlang oan de pil en de boer buorket high-powered fia de monitor.
Itty Sluis