Altyd wat!
Tr. Riemersma
Pornografy is keunst
De organisaasje fan it Holland Festival hat him tige lilk makke oer it feit dat op lêst fan justysje de foto fan in man mei in stive kul en in bern fan 'e útstalling helle waard. Dit wie gjin pornografy, dit wie keunst! Rjochter Jansen hat besletten dat de foto wer ophongen wurde mocht, it wie net echt in goare foto. Mar wat foar Jansen de trochslach joech, wie dat it gyng om in foto fan in heit en in soan, makke troch de mem. It wie in famyljekykje en gjin pornografy. De rjochter naam dêrby tankber in argumint oer dat him oanrikt wie troch de wurdfierder fan it Festival.
Dy wurdfierder neamde twa arguminten om de beskuldiging fan pornografy te wjerlizzen:
1. | it giet om in keunstobjekt en dat kin gjin pornografy wêze; |
2. | it giet om in famyljekykje en dat kin gjin pornografy wêze. |
De arguminten binne beide ûnsin, mar dat mei hinnebruie. Wat ik echt stom fyn, is dat se stridich mei inoar binne.
De rjochter wie sa snoad om it twadde argumint te brûken, it earste hie er him grif oan fertild. Dochs hie er dêr mear eare mei ynlizze kinnen; wat er no dien hat is him foar in prinsipjele diskusje weiwine en mei in skynargumint de boel besljochtsje: it giet om in kykje dat frou Chapell fan baas Chapell en it lytse Chapelltsje makke hat, en it is dus allegearre sa suver en ûnskuldich as wat. Dat is skriklik nayf tocht. Wêrom soenen de Chapells dit kykje net bruke om har der oan op te geilen?
Mar dat is net it wichtichste, en dêr hawwe wy en hat de rjochter ek noch gjin sprút mei noadich. De saak is dat dizze ôfbylding net funksjonearret as in snapshot fan in húslik tafrieltsje. De Chapells hawwe dit kykje út it album plôke en as keunstobjekt publyk makke. Dêrmei feroaret de status fan it objekt en de resepsjesitewaasje. De ôfbylding wurdt as keunstobjekt losmakke fan syn pragmatyske relaasjes. Wa't de ôfbylde personaazjes binne, wat de yntinsje fan 'e skepper fan it objekt is, dat docht allegearre net ta de saak. It giet om in man en in jonkje en de beskôger is frij om der fan te tinken wat er wol: in aardige man mei syn soantsje of in goare pedofyl mei syn slachtoffer.
It earstneamde argumint doocht likemin: dit is gjin pornografy, dit is keunst. Pornografy en keunst binne gjin tsjinstelden. Pornografy is altiten keunst (mar net alle keunst is pornografy). Saaklike teksten, bygelyks yn medyske hânboeken of foarljochtingsboeken, oer it hoe en het fan it neuken, binne gjin pornografy. Se hawwe de yntinsje om minsken yn en foar te ljochtsjen en de goede fersteander ferstiet se sa. Dat jildt krektsa fan 'e ôfbylding fan geslachtsdielen dy't ta doel ha om de beskôger wat te learen of by te bringen.
De feroardieling as pornografy hat altiten betrekking op teksten en ôfbyldingen dy't net ornearre binne foar saaklike kommunikaasje, mar om der oer nei te tinken, op troch te fantasearjen, yntellektueel en moreel mei om te boartsjen.
Wat wy keunst neame, slacht op objekten dy't ta har doel komme troch se te besjen en te wurdearjen as dingen op harsels, losweakke út in pragmatyske kontekst. Yn 'e litera-