jier útkaam. ‘Autodidacten met veel plezier’ waarden Hofstra en Bos doe yn in artikel yn it Friesch Dagblad noch neamd. Mar it ‘plezier’ soe net lang mear duorje. Noch gjin moanne letter, by in optreden op it Tsjoch-festival yn Drachten, ûntplofte de bom ûnder it talintrike duo. Nei in mislearre optrêden liet Gerrit Bos (neffens it Friesch Dagblad fan 22 septimber 1997) it publyk witte: ‘Meensen, ik ken jim nou wel sêge dat dit de laatste keer weest het dat 't Kratsje speuld het. Ut is nyt anders.’ Dêrnei hawwe je dochs net mear safolle heard fan dy glorieuze winner fan LIET '91. Mar miskien komt dat wol wer, want Gerrit Bos like in bliuwer op 'e muzykpoadia te wurden. Hy hie it yn him.
Dat kin net fan alle LIET-winners en -dielnimmers sein wurde. By de suksessen en hege klassearringen sille grif wolris wat tafalstreffers sitten hawwe. Guont hawwe miskien allinnich ‘foar de aardichheid’ meidien en oaren moatte it musisearjen letter op in sêfter sin setten hawwe. En der binne nei alle gedachten spesjaal foar LIET ek wol ‘gelegenheidsbands’ ûntstien, dy't nei dielname oan it festival wer ûntbûn waarden. Want hoe is oars te ferklearjen dat je fan sa'n soad dielnimmers letter noch mar sa'n bytsje of sels hielendal neat mear heard hawwe? Wêr is Egbert Beers bleaun, dy't yn 1993 ien waard mei it liet ‘Sûnder thús’? Wat is der oerbleaun fan 'e studinteband Some like it NOT, dy't mei it numer ‘te deun’ winner waard fan LIET '96. En bestiet it hjir earder al neamde frouljustrio Mingde Noaten, dat yn '92 alle oaren op alle fronten fersloech, noch?
Der bliuwt nei dat sukses soms mar sa'n bytsje oer. Der soe ris in ed útbrocht wurde moatte mei LIET-toppers, sadat der yn alle gefallen wàt bewarre bliuwt. Mooglik kin de tsiende ôflevering fan LIET in oanlieding wêze foar it útbringen fan sa'n skiif?
In dielnimmer dy't wol bekendheid holden hat en aktyf bleau, is de groep French Connection, de winner fan LIET '95. Mar oer dat winnende liet ‘Iselmar’, dêr't letter fan sein waard dat it plagiaat wie, hat dan ek sa'n soad te dwaan west, dat de groep nei al dy publisiteit in begryp wie foar elkenien. French Connection wie oant no ta de iennige LIET-winner sûnder priis, want dy hat de groep nei it trelit weromjûn. Mar sa te sjen en te hearren hat de reputaasje fan 'e groep net te lijen hân fan dat wûnderlike LIET-akkefytsje.
De kwaliteit op LIET wie wolris wat wikseljend. It iene jier foel it resultaat ek wat better út as it oare. Soms hie de earnst tefolle de oerhân en wie it allegear nochal tam en dreech. Dan wie de seal bliid as der einlings wer ris in stevich nûmer brocht waard of in komyske act. Sa brocht Doede Bleeker as lêste dielnimmer de fleur der wer yn by LIET '91, nei't nochal swiersettige lieten as ‘In bytsje dea’ (Trio Wim Beckers), ‘Dyn triennen’ (Gerard Rinsma) en ‘It sil nea mear sa wêze as it wie’ (Melvin van Eldik) de revu passearre hiene. Dan wie ‘Buurman syn haan’ fan 'e ‘misthoarn’ út Starum dochs hiel wat oars. Nei ferrin fan tiid hat Doede Bleeker trouwens hearre litten, dat ek hy wol deeglik in serieuze kant hat.
In oar komysk hichtepunt (om it sa mar te neamen) by LIET wie de bydrage fan it duo Paul Morelli en André Bralts yn 1993. Harren jankfodde ‘Net gûle Janke’ (op tekst fan Baukje Wytsma) brocht yn 'e seal gâns triennen te weech, mar dat kaam fan it laitsjen. It optrêden fan Morelli en Bralts is miskien wol de idioatste act dy't oait op in lietefestival fertoand waard. Of setten dy twa doe al de toan foar de ôflevering fan 1999 en mooglik folg-