lêze dy't te heech grypten en boppedat net by har belibbingswrâld oansleaten. Foar harren leeftydsgroep is der net in protte yn 't Frysk beskikber. Yn in oar fraachpetear, yn 1992 yn Boekenijs, wer mei Baukje Wytsma, seit se, dat se foar har lêspublyk skriuwt, net foar resinsinten. Anne Wadman wie sa freonlik, har boeken foar har op taalflaters nei te sjen. Dat er oer de ynhâld ek wol te sprekken wie, docht bliken út in resinsje yn Frysk en Frij.
Durk van der Ploeg hat yn de Ljouwerter Krante fan 29 septimber 1989 Skaden oer de snie besprutsen. Hy fynt it net in echte misdiedroman, fynt dat Riek Landman tefolle oer de kop hellet en is fan betinken dat de skriuwster de ferhaaltriedden mar wat raffelje lit. Hy steurt him ek oan it ‘oprinnend tal taalflaters’. Hy hat der in stik as sechstich optekene yn syn taalboekhâlding en beslút mei: ‘It is fansels tige moai dat der elk jier wer in tal boeken op 'e merk brocht wurdt, mar it moat der fansels al wat op lykje, oars helpt de Fryske skriuwerij en útjouwerij himsels nei de barbysjes. Amen.’
Riek Landman stelt har produksje der net om út, sa docht bliken. It jier dêrnei set se Rots yn 'e dize op 'e wrâld en yn 1992 De Bolleman brieven. Jan Kroes, dy't it boek spannend fynt en memorearret dat Riek Landman heech op it listje fan de meast ferkochte Fryske titels stiet, konstatearret wol dat se net op in eigenskipswurd mear of minder sjocht en dat it hiel wat keunstgrepen kostet om alle stikjes fan de puzel te plak te krijen.
Mei Trinus Riemersma, dy't him ek oer De Bolleman brieven en oer It Heerema kristal bucht, kriget Riek Landman in swiergewicht oer de lea. Noasket De Bolleman brieven him noch wol - al hat er de kaart der by om te sjen oft it kempinkje by Entremont no súdlik of noardlik fan dat doarp lei - yn syn besprek fan It Heerema kristal nimt er Durk van der Ploeg syn rol as boekhâlder oer. Hy rint frou Landman, sa't er har gauris neamt, nei op taalflaters en rûst dat der sa'n tûzen ûngerjochtichheden yn steane. Hy fynt, dat der fierstefolle tafallichheden yn foarkomme en dat ‘frou Landman nei tsien rigels al fergetten is wat se skreaun hat’. ‘Kwattelje mar del, se frette it wol.’ Dat se it frette, is wol dúdlik. Neffens útjouwer De Friese Pers heart Riek Landman ta de better ferkeapjende skriuwers. In sterke frou rûn oant no ta it bêste, dat boek belibbe trije printingen en der binne mear as fiiftûzen fan ferkocht. Dêrmei komt se yn 'e buert fan Froukje Annema en Hylkje Goïnga. Mannich Frysk skriuwer hellet har nea yn. In echte bestseller, lykas De fûke hat sân printingen helle en Feroaring fan lucht fjirtjin. Topper is altyd noch De Gouden Swipe fan Abe Brouwer. Dêrfan leit de fyftjinde printinge no yn 'e winkels.
In sterke frou en it yn 1998 útkommen In echte man wurde troch de kritisy wat swierder hifke as de ferdivedaasjeboeken. Jelle Krol is yn de Ljouwerter Krante noch net foar Riek Landmans mear literêre styl fallen. Jan Jongsma fynt de nije lijn yn it Friesch Dagblad ûnthjittend.
Bliuwt de fraach, wat je no mei Riek Landman har wurk moatte. Der in definysje op los litte en byhâlde wêr't it heakket? Der in bataljon djipfriezen trochhinne jeie, sykjend om taalflaters? Of it priuwe, fiele, swittend ta je nimme? Ik optear foar it lêste. Wat my oanbelanget is der neat mis mei ferdivedaasjefrysk, soapfrysk, leafdesfrysk en eilan-yn-'e-sinne-frysk. Fansels mei sa min mooglik flaters, dat besiket Riek Landman ek, sa't se yn ferskillende fraachpetearen sein hat. Mar doel fan dizze boeken is ferdivedearje. Dus, brân der yn frou Landman, lit se mar switte!