Wy wiene by nacht en by dei oan 't wurk, it wie noch slimmer as yn Snits. Willem en Aaltsje van Dyk fan Easterwierrum kamen mei harren twa jonges fan 'e boat en reizgen fuort troch nei Durbanville. Dêr soene se earst mar in skoftke by ús yn. It wie al jûn wurden doe't se deryn kamen. De lêste twa dagen en nachten hiene se amper in wink yn 'e eagen hân, mar Willem makke in koffer los, skuorde syn mansjesteren wurkbroek mei lapen foar de knibbels derút, ferstrûpte him dêr't wy by stiene, treau hammer en knyptange ta de broeksbân yn en stie al bûtendoar. “Der moat wat gebeure,” rôp er, “wy kinne net by de froulju sitten bliuwe.” Even letter wiene wy oan 't spikerjen.
Wy buorken foarút, rillegau koene wy ommers de pleats yn Durbanville keapje. In goed stee, bêst lân, poergeskikt foar follegrûnstûnbou, net folle minder as Klein Driefontein. Wy leveren oan 'e gruthannel dy't de seeskippen op 'e Kaap befoarriedzje. Befoarrieding fan de skipfeart, dêrfoar binne yn earste ynstânsje de Boeren nei Súd-Afrika kommen; om iten te leverjen foar de VOC, de Verenigde Oostindische Compagnie.’ ‘Wy fergeaten de binnenlânse merk net,’ seit se. ‘tagelyk ferkochten wy it folk foar skaplike prizen griente. Anne wie op syn fleurichst as er in lange rige kleurlingen foar net tefolle sinten in tasfol griente meijaan koe. As ik him dan sa hin' en wer fleanen seach en grappen meitsjen hearde, tocht ik: Yn Snits die er itselde. Yn 'e oarloch alles sa earlik mooglik ferpartsje, sa goed mooglik teplak bringe, sûnder der sels folle better fan te wurden.’ Har wurden klinkt gjin sprút teloarstelling yn troch, earder grutskens.
Hy: ‘It feroaret de lêste tiid, mar it wiene oant no ta net de swarten en kleurlingen dy't ús it libben soer makken. De blanke Afrikaners dy't foaroan yn tsjerke sieten, binne ús ôffallen. In ferrekt bytsje moraal. Nim in boer as Pyt Steenkamp. Dy buorke njonken us. Boppe ús lân hie er in wetterreservoir boud. Achter in hege ringwâl. “Pyt,” sei 'k op in moarn, “dy daam mei wol wat oan dien wurde, aanst brekt er troch, en dan strûpt myn fjouwer bunder griente der folslein ûnder.” “Ik stean der foar!” sei er wiis. “Do silst net in sint skea fan dizze man ûnderfine.”
“Ek net as de daam trochbrekt!” sei 'k.
“Ik stean der foar,” sei er. Noch gjin healjier letter, nei't ik nochris foarsichtich warskôge hie, briek de daam troch. Foar myn bedriuw in katastrofe. Tonnen skea. Mar Pyt Steenkamp hie yn 'e tsjerkebanken de juristen foar 't opskeppen. Se lieten my, sûnder in spoar fan skamte, hielendal barste. Gjin geweten by him en al syn broeders yn tsjerke. Ik bin der hinne gien. It die bliken, foar ús bestie allinne mar minachting. Minachting foar swarten, kleurlingen en oare heidenen.’
Hy komt oerein, toffelt nei de sliepkeamer, bliuwt in skoftke wei, komt werom mei in lytse fjouwerkante doaze, jout him wer del, hâldt it pakje