paard’ rydt tusken de fjochtsjende binde troch, oeral leit bloed. Mick Jagger sil letter ferklearje dat it de heftichste rel wie dy't se ea op in konsert meimakke hiene. Net iens troch tadwaan fan de fans, mar troch it furieuze optrêden fan 'e plysje.
Fan sa'n broeierich sfearke is neat te merken as wy om healwei seizen by yngong A oan 'e Laan 1940-1945 it terrein fan de Grinzer Draf-en Renbaan opstappe. De jonges fan 'e security company dy't troch organisator Mojo ynhierd binne kontrolearje allinne mar oft wy ek ‘blikjes’ by ús hawwe. Wy net, mar oaren blykber wol, it leit besiedde mei blik dat net meinommen wurde mei op it terrein. De merchandising-merk draait op folle toeren. Allinne beropsfotografen is it tastien by it konsert foto's te meitsjen, om doch in foto fan de Bridges to Babylon te krijen wurdt ús in tegoedbon yn 'e hannen treaun. Opstjoere nei Michael & het FAN Association-team, mei twa gune ekstra oan postsegels, en in ‘kosteloze live-kleurenfoto’ yn superformaat sil tastjoerd wurde. Ik weagje de gok.
In struibriefke mei it ‘tongue & lip’-logo makket reklame foar it Stones People Magazine. Mei in oplage fan 40.000 eksemplaren yn 41 lânen is it sûnder mis it grutste fanklupblêd fan The Greatest Rock ‘n’ Rollband in the World. Ik nim gjin abonnemint, foar ynformaasje oer de Rolling Stones, sykje ik myn heil wol op it Internet dêr't tsientallen websites omtinken oan 'e groep jouwe. Foar de tinten mei Rolling Stones t-shirts, broeken, CD's, posters en oare Stones-snypsnaren is der gjin trochkommen oan. It is ècht big business.
Op it grutte terrein fan 'e Draf- en Renbaan sit en leit it folk inkele oeren foar it begjin fan it konsert yn groepen bymekoar, it is suver in sentimental journey: de reek fan joints sa grut as in altsaks kringelt omheech, froulju, dy't Sara al lang sjoen hawwe, yn superkoarte tiger-stof-rokjes, rinne grutsk mei de beppesizzers oan 'e hân. Trije generaasjes Stones-publyk trekke op nei de foarste rigen. Wy sykje in plakje neist de linker ‘mixtoren’ en hawwe in machtich útsicht op it poadium.
It poadium fan Bridges to Babylon slút perfekt oan by de ‘grut, grutter, grutst’-gedachte fan 'e band. It troch Mark Fischer ûntwurpen ûnbidich grutte ding is mar leafst 54 meter djip, 26 meter breed en 25 meter heech. Ut 'e yngewanten fan it poadium sil letter op 'e jûn noch in 52 meter lange bridge foar it ljocht komme. Eachlûkers binne fierders in gigantys grut ovalen fideoskerm en twa dito grutte opblaaspoppen. Dy twa froulju symboalisearje de deasunden ‘luiheid’ en ‘vraatzucht’. Alteast dat fertelt in Stones-fan my, dy't sa't liket streekrjocht út 'e Flower Power tiid stapt is. Se wit ek noch te fermelden dat de ynstruminten fan de Stones oansluten binne op it Electro Voice X-Array PA System, dat ûnder oaren bestiet út 100 fersterkers en 160 lûdsprekkers mei in folsleine kapasiteit fan 252.000 Watt. ‘Maar zeg, dat hoef je niet allemaal op te schrijven, ik stuur je wel even een mailtje met wat logistieke gegevens...’ De oare deis noch lês ik op myn Daewoo-skerm dat wannear't de Rolling Stones yn Grins optrede ergens oars yn Europa twa oare poadiums ferpleatst of ôfbrutsen wurde. Trije ploegen-de Steelteamsfan 25 man reizgje yn 15 frachtweinen mei elke set mei. Sa'n 170 man folgje de bandleden permanint.
Even nei healwei achten komt der beweging op it poadium, Catatonia begjint mei it foarprogramma. De Welske band makket op my gjin bysûndere yndruk, al moat sein wurde dat sjongeres Cerys Matthews wol in hiel eigen lud hat. De hoasbui mei bliksem en