De polemyk: revolúsje, rabberij of djipgong?
De fraach nei de betsjutting fan keunst yn it algemien en literatuer yn it bysûnder is troch de ieuwen hinne al faak steld mar noch nea definityf beantwurde. Ik tink ek net dat der in definityf antwurd bestiet. De wize dêr't de fraach nei dy betsjutting op steld wurdt en dêr't it antwurd op formulearre wurdt, stiet altyd yn it ramt fan in tiid en is dus skreaun op de faaie blombledsjes fan it fergean.
As wy, let-tweintichste-ieuwers, it wurd literatuer brûke, sprekke we dalik in weardeoardiel út. Literatuer, dat ymplisearret foar us kwaliteit en djipte. Mar kwaliteit en djipte binne fansels fage begripen. It giet om dingen fan stofbehanneling en styl, fan oarspronklikheid en krêft, dy't har fierhinne oan konseptuele ramten ûntlûke. Yn 'e praktyk moatte jo by elk boek dat jo lêze net sljochtwei sykje nei fasetten fan kwaliteit dy't fan tefoaren fêstlizze, jo moatte ek jo eigen opfetting fan kwaliteit, jo kritearia, befreegje.
De útspraak fan Josse de Haan is yn betreklik algemiene termen steld, mar ferwiist nei alle gedachten nei de literatueropfetting sa't dy de earste desennia nei de oarloch formulearre waard troch de neomarksisten, troch tinkers as Adorno en Horkheimer. Dy tinkers funen, simpel sein, dat de literatuer helpe moast om de minsken wekker te skodzjen út hat kapitalististysk-konsumptive healsliep en om de sosjalistyske revolúsje op gong te bringen. As Josse de Haan oer de literatuer seit, dat dy in ‘funksje hat yn 'e maatskippij, yn dy sin...’, past soks wierskynlik yn dat ideologyske ramt.
Foar ien dy't yn sa'n ideologysk ramt tinkt en skriuwt, moat de polemyk wol in sintraal plak ynnimme. De polemyk, it striidskrift, prikelt ommers suver qualitate qua en is dus wol in hiel gaadlik ynstrumint om de minsken oan te fiterjen ta maatskippijkrityk en úteinlik ta feroaring fan de maatskippij.
It neidiel fan dy fisy is, tinkt my, it feit dat dy it kwaliteitsoardiel oer keunst ûndergeskikt makket oan har ideologyske korrektheid en har dêrtroch úteinlik beheint yn har frijheid. Elke oerfloed oan ideology foarmet in bedriging fan de frijheid fan de keunst, oft it no giet om in ideology fan lofts as om ien fan rjochts. Ideologyen binne biterige hûnen. Hâld se op ôfstân.
Dochs, de polemyk is ek foar my in weardefol sjenre. In kultuer kin allinne bloeie as der romte is foar prikeljende krityk en diskusje. Ik tekenje wol oan dat goede polemiken seldsum binne. Ek in goede polemyk, in goed kritysk stik, moat foldwaan oan kwaliteitskritea-