Trotwaer. Jaargang 31
(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 283]
| |||||||||
Fryslân 500
| |||||||||
De provinsjale plannenIt begjin fan it fieren fan Fryslân 500 leit foar de butenwacht by de gearkomste fan de Steatekommisje foar Algemiene en Ekonomyske Saken op 25 jannewaris 1996. Op de wurklist stiet it projektplan ‘Vieren van 500 jaar provincie Fryslân’. It útstel fan Deputearre Steaten rint út op it oprjochtsjen fan in stichting en it beskikber stellen fan in subsydzje fan 25 tûzen gûne. It werklike begjin leit fansels earder en, passend yn de provinsjale tradysje, sels folle earder. Ik ha Kommissaris Hermans sizzen heard dat it op 9 novimber 1989 leit. Op de jûn fan dy histoaryske dei gie de grins fan de DDR foar de eigen boargers nei it westen ta foar it earst iepen. De Muorre foel. Dat barren iepene ek oant dan sluten argiven. Oebele Vries die yn Leipzig foar de Fryske skiednis nijsgjirrige fynsten. Ynienen wie de komst fan Albrecht fan Saksen yn 1498 nei Fryslân wer aktueel. It útstel fan Deputearre Steaten gie lykwols net werom nei dy ûnferjitlike jûn yn Berlyn mar ferwiist nei 1993, as der yn de media berjochten ferskine oer de histoaryske fynsten yn it Saksysk Steatsargyf. DS nimme dêrnei de foarstap ta it meitsjen fan plannen foar in betinking. De notysje Friesland op de drempel van de nieuwe tijd: 500 jaar provincie fan de hân fan ryksargivaris Douwe de Vries en Akademy-histoarikus Hans Mol, soe de grûnslach wurde foar in manifestaasje ‘die meer is dan een aantal herdenkingen en studiebijeenkomsten. Met name het bedrijfsleven zal geïnteresseerd moeten worden en op cultureel gebied zal het om aansprekende aktiviteiten moeten gaan, met een brede uitstraling’. Dat lêste hoecht gjin nij te dwaan. Utstrieling is der tsjintwurdich ommers nea te folle! Liket myn âlde Van Dale, dy fan 1970, by it lemma ‘uitstraling’ noch foaral oan waarmteferlies te tinken, hjoed de dei is it in suver mytysk begryp dêr't it perfoarst net langer sûnder kin. ‘Als bestuurslaag zijn de provincies gezamenlijk een veranderingsproces inge- | |||||||||
[pagina 284]
| |||||||||
gaan dat moet leiden tot een energiekere uitstraling’, sa seit it CDA-ferkiezingsprogram 1999-2003. En de nije boargemaster fan Ljouwert seit yn de zakenspiegel fan maaie 1999: ‘Het gaat erom wat je uitstraalt.’ It giet net om enerzjikens, nee, it giet allinne om de útstrieling. It moat enerzjyk lykje, enerzjyk wêze is fansels hiel wat oars. Provinsjale Steaten steane net ôfwizend foar de foarstap fan de deputearren oer, mar der moat wol oan twa betingsten foldien wurde: it moat in feest wurde foar it hiele folk en ien en oar moat finansjeel binnen de stringen holden wurde. (It Abe!-debâkle heart noch mar krekt ta it ferline.) Mar mei 25 tûzen gûne kin der tsjintwurdich net bot útstriele wurde en sadwaande leit der foar de Steategearkomste fan 16 desimber 1996 in nij útstel om in kredyt fan ien miljoen gûne beskikber te stellen. Dat is yn elts gefal in bedrach dat de kachel waarm hâlde kin. It útstel neamt fjouwer doelen foar it feestje:
‘Foar de hiele Fryske befolking...’ Dêrby giet it om it oersetten fan de earder troch de Steaten oanjûne betingst. Dy betingst lit, de polityk eigen, likemin in tekoart oan ambysje as in grut realiteitsbesef sjen. Fansels, in betinking kin op in folksfeest útrinne, mar lit in betinking har ta folksfeest promovearje? In wat beskiedener ambysje hie dochs ek mooglik en - yn elts gefal efternei besjoen - in stik realistysker west. It einferslach fan de Stichting Fryslân 500 sitearret de boppeneamde fjouwer doelen sûnder it fermelden fan de fiif kursivearre wurden: ‘Het evenement dient een feestelijke gebeurtenis te zijn.’ Foar wa wurdt net sein en dêrmei wurdt net earlik rjocht dien oan de skiednis en de krityske diskusje dy't de organisaasje fan it feest oplevere hat. De earst stelde betingsten wurde, as it feest efter de rêch is en it resultaat dúdlik, bysteld. Net sa elegant, soe ik sizze. Mar feitlik is it suver noch slimmer. Want wat seit de Stichting Fryslân 500 yn har einferslach? Dat de diskusje - en dus net de beslútfoarming - yn de Fryske Steaten foar it stichtingsbestjoer de oanlieding west hat om it tenei oer in betinking ynstee fan in feest te hawwen. Ek de doelen binne op 'e nij skreaun. It giet no om: ‘a. het promoten van Fryslân’, en ‘b. het vergroten en verspreiden van de kennis van de Friese geschiedenis’. Hoe kin dat yn relaasje ta de provinsjale beslútfoarming? Wêr hawwe de Steaten in miljoen gûne foar beskikber steld? Wannear binne de Steaten mei de feroarings yn de opset akkoart gien? Ik sil my fierder mar neat fan de nije doelen oanlûke en oan de ein fan myn ferhaal de útkomsten fan it hiele barren nochris hifkje oan de oarspronklik stelde fjouwer doelen. Dy binne op harsels moai genôch. ‘Het geloof in eigen kracht bij de Friese bevolking te stimuleren.’ Dat is dochs prachtich. Allinne wat betsjut soks? Giet it folle fierder as de skriemerige ferhalen dy't Fryske of noardlike beliedsmeiwurkers skriuwe moatte om it nedige jild yn Brussel los te praten? Ek dan giet it fansels om gelegenheidsnotysjes, dêr't men der mei yn slagget om Flevolân ta Euro- | |||||||||
[pagina 285]
| |||||||||
peesk efterstânsgebiet te definiearjen. It liket op de werklikheid fan de dokter dy't mient dat de wrâld noch allinne út pasjinten bestiet. Dy pasjinten wurde yn it útstel neamd. Earst giet it om de ‘Friese bevolking’ en dêrnei om de ‘gehele Friese bevolking’. It útstel giet noch fierder. Yn marketingtermen wurdt der oer ‘belangrijke doelgroepen op landelijk en internationaal niveau’ praat. Feitlik giet it fansels allegearre net folle fierder as it ferkeapjen fan in produkt. De ferpakking is boppedat wichtiger as de ynhâld. De konsuminten sille mei in feestje ta it keapjen ferlaat wurde. It giet net om in feest om it feest, om it plezier fan it betinken of om doelen sûnder bybedoelings, nee, it giet om it ferkeapjen, it ‘sellen’, om boargemaster Peper en syn eardere frou te sitearjen, fan it produkt Fryslân. Wat it produkt Fryslân ynhâldt wurdt ek dúdlik makke. It giet yn de plannen om de presintaasje fan ‘mogelijkheden en potenties die er nu en in de toekomst zijn’. Dat wiist mar goed en yn elts gefal op in foarútsjen en it fermogen om de werklikheid ûnder in dunsbêd fan abstraksjes wei te moffeljen. Stel je foar: de sichtber makke takomstige potinsjes. Wat binne dat? Hjir liket noch mar ien ding te dwaan. De dames en hearen provinsjale bestjoerders klaaie har út, komme it toaniel op en binne dêrnei in jier lang troch it folk te bejubeljen. In echt folksfeest dêr't de besteande en takomstige potinsjes te sjen binne. En, sa stel ik my foar, nei de ôfrin fan it hiele barren geane de bestjoerders ta de eigen bûse om de makke ûnkosten te beteljen, sadat men nei de feestlikheden fuortendaliks wer mei beide fuotten op de grûn stiet. Dat it Kolleezje him wol fine kin yn de opset fan it hiele barren sa't it stichtingsbestjoer dat foar eagen hat, is minder ferrassend as wannear't dat net sa west hie. Hoe is it stichtingsbestjoer nammentlik gearstald? It foarsitterskip is yn hannen fan de Kommissaris fan de Keninginne, en dus net fan de Deputearre foar Kultuer. Dy mei twadde foarsitter wurde. Fierder kriget in vice-presidint fan de Ljouwerter rjochtbank, tagelyk Keamerhear fan de Keninginne, in sit yn it bestjoer. Soks is fansels hiel praktysk, as der mooglik yn de takomst noch wat fan de Keninginne ferwachte wurdt. Ek in direkteur fan de Aegon en de ryksargivaris yn Fryslân wurde bestjoerslid fan de nije stichting. Sa'n bestjoersgearstalling hie yn de santiger jierren net foar de hân lein. De organisaasje fan wat in folksfeest wurde moat, wie yn dy jierren grif net opdroegen oan sa'n wat elitêr bestjoer. Boppedat fierde it Provinsjaal Bestjoer yn dyselde jierren de regel yn sels gjin sit te nimmen yn bestjoeren dêr't de Provinsje in finansjele ban mei hie. Sokke dûbele lidmaatskippen waarden doe foar sawol de leden fan Deputearre as fan Provinsjale Steaten taboe ferklearre. Sa'n regel komt tefoaren dat men jinsels brieven skriuwe moat of, bygelyks yn it gefal fan besunigings, ta rolkonflikten ferfalt. Ik wit net oft dat Steatebeslút ea wer ynlutsen is, mar ferjitte is op himsels fansels ek genôch. De bestjoersgearstalling ûnderstreket it tinken dat de nije stichting feitlik in ferlingstik fan de Provinsje is. De foarsitter hat as Kommissaris fan de Keninginne de yn it earstoan net bot entûsjaste Steaten sa fier krigen dat it feest yndied syn beslach krije koe. Dat slagge pas doe't er de Steaten synisme en te min besieling ferwiet. En dat holp, want de Steaten stelle har dêrnei, op in Frysk-nasjonale útsûndering nei, plan-út achter de útstellen op. ‘In de statenvergadering buitelden de statenfracties over elkaar om enthousiasme uit | |||||||||
[pagina 286]
| |||||||||
te stralen voor het feest’, sa skriuwt de Leeuwarder Courant fan 17 desimber 1996. ‘Make it swing’, sa is de eigentiidske oprop fan de PvdA-wurdfierster. No, dat kin net better, it útstelde miljoen wurdt beskikber steld, allinne hellet in twadde heal miljoen om de amtlike bystân foar de stichting te beteljen it net. Noch net, want letter giet it yn de beste provinsjale tradysjes wol troch. | |||||||||
De Kommissaris fan de KeninginneMei oan de iene kant syn rol as foarsitter fan it Kolleezje fan Deputearren en oan de oare kant as foarsitter fan it stichtingsbestjoer hat de Kommissaris fan de Keninginne himsels net yn in maklike posysje manoeuvrearre. Winliken hat er no alle petten tagelyk op: dy fan it slachtoffer, de fertochte, advokaat en rjochter. Ik gean dat rychje efkes bylâns. By in ôfstimmen fan de útstellen stiet de stichtingsfoarsitter mei lege hannen. De man driget it slachtoffer fan de eigen ambysjes te wurden. De kritisy fan de provinsjale plannen sjogge de Kommissaris as fertochte. Hy is de oanstichter fan de snoade plannen om in swarte side út de Fryske skiednis op te ikkerjen. Ek as it feest op in debâkle útrint, is de stichtingsfoarsitter de earste dy't as fertochte ferantwurding ôflizze moat. Fierder is de Kommissaris de pleitbesoarger, de advokaat fan belanghawwende. Hy bepleitet, sûnder de minste efterhâldendheid, in mei man en ponge efter de plannen te stean. En as foarsitter fan it Kolleezje fan Deputearren is er dan ek noch de rjochter, dy't de plannen meitsje of brekke kin troch al of gjin stipe oan it feest te jaan. Kommissaris Hermans hat him der yn de rin fan it hiele barren oer ferwûndere dat krekt hy op syn ferantwurdlikens foar it feest oansprutsen waard, troch guon lju sels as de kweade genius sjoen waard. Ik ha my ferwûndere oer syn ferwûndering. Ik ha my der ek oer ferwûndere dat Hermans de pet fan stichtingsfoarsitter opsette, wylst er him as bestjoerder by oare gelegenheden krekt tsjin it dragen fan dûbele petten, en dat is noch wat oars as it hawwen fan byfunksjes, ferset hat. De Kommissaris fan de Keninginne wie yn earder dagen foaral ryksorgaan. Hy seach der op ta dat der yn de provinsje gjin dingen barden dy't net pasten yn it strjitsje fan de ryksoerheid. Dat soe yn de rin fan de tiid feroarje. Fan ryksorgaan waard er wat langer wat mear provinsjaal orgaan. Dat hie ûnder mear te krijen mei it feit dat de inisjativen foaral fan syn kant komme moasten, as iennichste profesjonele bestjoerder op it Provinsjehûs. Tagelyk wie er yn Den Haach de pleitbesoarger foar de provinsjale en gemeentlike belangen. Dat wie de tiid dat de deputearren noch twaris wyks op it Provinsjehûs kamen. Freeds om de stikken te heljen en tiisdeis om dêr meielkoar oer gear te kommen. Fierder waard der noch net it measte fan har ferwachte. De Kommissaris regele it wol, en oars wie de griffier der ek noch. En op it Ljouwerter Provinsjehûs, noch wichtiger, de sjef fan de tredde ôfdieling: Juffer IJtje IJsselstein.Ga naar eind1. Har ûntkaam neat, yn elts gefal net it behear fan de provinsjale finânsjes, de tolheffings, it Provinsjaal Elektrisiteitsbedriuw, de printwurken fan de griffy, it tafersjoch op it behear fan de gemeentefinânsjes, de finansjele ferhâldings tusken Ryk, Provinsje en gemeenten en fierder de behearsoarderings fan de gemeenten. Foar Juffer IJsselstein dy't sânenfjirtich jier yn tsjinst fan de Provinsje wie, har hûndertste bertejier falt krekt dit jier, hienen de hearen bestjoerders, sa wol de oerlevering, in hillich ûntsach. As Juffer IJsselstein har feto útspruts wie de saak foargoed bekeken. | |||||||||
[pagina 287]
| |||||||||
(Foto: Paul Jansen/Leeuwarder Courant)
Dat alles soe yn de rin fan de sechstiger jierren feroarje. Der kamen fulltime deputearren mei eigen wurkkeamers op it Provinsjehûs en dat makke de rol fan de Kommissaris oan de iene kant noch provinsjaler en oan de oare kant ek minder swier. Politisearring en profesjonalisearring soargen foar in minder pregnante rol fan de troch it Ryk beneamde amtsdrager. Tagelyk krige it Kolleezje polityk sjoen stadichoan wat mear te ferhakstûkjen. Sûnt de Provinsjewet fan 1962 is de Kommissaris net langer ryksorgaan mar man of frou fan de provinsje. Kommissaris Wiegel hold him noch wat op ôfstân as it om de provinsjale polityk gie. Hy waard yn de Provinciale almanak allinnich neamd as foarsitter fan Deputearre en Provinsjale Steaten. Mar syn opfolger Hermans is dêr de man net foar en nimt mear as ien provinsjale beliedsportefeuille foar syn rekken. Bestjoerlike fernijing, foarljochting, represintaasje en promoasje en koördinaasje belied en behear hearre ta syn taken. Yn dy sin falt it ek te begripen dat hy it foarsitterskip fan Fryslân 500 op him nimt; dat heart alhiel ta syn mêd. Foar de nije stichting is de Kommissaris as foarsitter fansels in stik bûter yn de brij. Foar him iepenje no ienris doarren dy't foar in oar sluten bliuwe. En dat is benammen fan belang as it giet om de ‘ynteresse’ fan it bedriuwslibben. It bedriuwslibben toant dy ynteresse troch meielkoar in bedrach fan in treddel miljoen gûne op te bringen. Dat is de muoite wurdich, hoewol't it fansels ôffalt as der sjoen wurdt nei it tsienfâldige fan dat bedrach dat yn België útlutsen is foar it fieren fan de fiifhûndertste bertedei fan Karel V. It is ek minder de muoite wurdich as betocht wurdt dat elektra-leveransier NUON de grutste bydrage foar syn rekken nommen hat. De monopolist NUON hat der alle belang by om | |||||||||
[pagina 288]
| |||||||||
de relaasje mei de Provinsje wat op te poetsen en slacht as kwasy-fiskus de kosten maklik under syn twongen klanten om. Men kin ûngelyk oer sok dwaan tinke, mar ik wit wol dat soks ûnder Juffer IJsselstein grif net bard wie. De Kommissaris fan de Keninginne is wakker foar it Fryslân 500-barren. Better as de Steateleden sjocht er dat de Provinsje wol wat ‘útstrieling’ brûke kin. Sa maklik hawwe de provinsjes it ommers net. Gemeenten en Ryk hawwe beide net folle mei dy frijwat oerstallige bestjoerslaach op. Wat hat men oan in tuskenlaach mei allerhanne ‘earjende’ taken: inisjearje, koördinearje, kontrolearje, advisearje, regissearje en stimulearje? Ut it provinsjale fermidden sels is it byld fan de sersjant ôfkomstich.Ga naar eind2. In funksje dy't ek allegeduerigen under fjoer leit. Sawol offisieren as manskippen binne fan betinken dat er it net goed docht, en by de provinsjes is dat net oars. It giet om in diffuze bestjoerslaach, dy't yn Fryslân mooglik noch wat dúdliker is as yn tal fan oare provinsjes, mar hjir sa stadichoan likemin oerhâldt. Sûnt de jierren tachtich kin in tanimmend synisme oer de oerheid waarnommen wurde. Dêr is ek alle rêden ta. Under mear in RSV-affêre, in IRT-kwestje, in CTSV-saak, de fiskfraude, in paspoartenkête en de problemen mei de stúdzjefinansiering hawwe foar it ôfblierjen fan it oansjen fan de oerheid soarge. En de Provinsje Fryslân sjongt mei yn datselde koar mei in Winsumer-fiadukt-affêre en it gedoch mei it baggerdepot. Soks soarget der ek hjir net foar dat de populêrens tanimt. En hoe stiet it mei de opkomst foar de Steateferkiezings? Hoe serieus wurdt de Provinsje winliken nommen? Der is sadwaande alle rêden om it imago ris op te poetsen. Wat is der dan moaier as in feestje foar alle ynwenners? Dat is nochris wat oars as it oer de flier krijen fan lulk folk út Koudum of Surhústerfean, om't dat yn opstân komt tsjin de provinsjale, mar troch ryksbetingsten diktearre ambulânseplannen. Of ynwenners fan Ljouwerteradiel en Menameradiel dy't al oer har toeren reitsje by it earste beste provinsjale opsetsje om de aspiraasjes fan de provinsjale haadstêd wat romte te jaan. Of dwerskoppen dy't mar net it goede fan wynmûnen of fûgeltsjelân sjen wolle. Mei sokke saken is gjin ferkiezingswinst te heljen, nee, dan in feestje. En it is de Kommissaris dy't de opdracht fan syn amt wiermakket en as earste it belang fan sa'n barren ûnderkent. Op 16 desimber 1996 is fierwei it grutste part fan de Steaten it mei him iens. Dat it feest kin begjinne! | |||||||||
It Fryslân 500-barrenSkiednis, kultuer, ekonomy en bestjoer binne de fjouwer tema's fan it Fryslân 500-barren.Ga naar eind3. It earste tema laat ûnder mear ta in plechtige fiering fan fiifhûndert jier sintraal bestjoer, in trije dagen duorjend wittenskiplik kongres, in histoaryske dei Trip troch de tiid en de útstalling Saksers yn Fryslân. It tema kultuer wurdt útwurke yn in inkelde dagen duorjend popfestival Frozenland yn it Ljouwerter Griene Stjer-gebiet. Boppedat kriget Omrop Fryslân de gelegenheid om in programmarige It Fryslân fan... te meitsjen. It tema ekonomy wurdt oerset yn in bedriuwemanifestaasje Greentechnics '98. De tarieding fan wat in permaninte multy-mediale presintaasje fan de ekonomyske potinsjes fan Noard-Nederlân (sic) neamd wurdt, komt net fierder as it stadium fan plannemeitsjen. It tema bestjoer kriget stal yn de offisjele betinking fan fiifhûndert jier sintraal bestjoer yn Fryslân. Dy betinking wurdt, op wat it waar oanbelanget | |||||||||
[pagina 289]
| |||||||||
ien fan de moaiste dagen fan it jier, bywenne troch Prinses Margriet. Presidint Clinton lit by dy gelegenheid in skriftlike lokwinsk takomme. Net ûnder de fan te foaren oankundige tema's falle barrens lykas Friesland Vaart, in maritym spektakel yn de Súdwesthoeke, in flagge-aksje yn de mande mei de Dokkumer Vlaggencentrale, Simmerbarren 500, in optreden fan De Kast op De Lemmer en Domino D-day. As ik dy barrens optel, kom ik meielkoar op sa'n fiifentweintich eveneminten. Inkelde fan dy barrens krije efterôf fan de kant fan Fryslân 500 de kwalifikaasje teloarstellend mei: Greentechnics '98, Frozenland, Fryslân yn 'e pronk en it Simmerbarren 500 binne net tafallen. Op it programma steane fierder noch allerhanne barrens, dêr't fan sein wurde kin dat dy ek sûnder Fryslân 500 grif plakfûn hienen. Dy tel ik dan ek mar net mei. Dat jildt bygelyks foar it útrikken fan de Europeeske miljeuprizen (trouwens nea earder fan heard en yn de takomst wierskynlik ek nea wer yn it nijs), de presintaasje fan de stúdzje Skiednis fan Fryslân/Geschiedenis van Friesland 1750-1995 of de iepen dei fan de Koninklijke Luchtmacht op de Ljouwerter fleanbasis. ‘Ook Fryslân 500 was een aanleiding om deze open dag in Leeuwarden te organiseren.’ Fansels, mar de Ljouwerter basis wie wer oan bar om de p.r. fan de Luchtmacht in setsje yn de goede rjochting te jaan. En ik haw sels begrepen dat it Departemint fan Definsje neat hawwe moast fan in oparbeidzjen mei Fryslân 500, dat troch Den Haach as in regionaal barren sjoen waard. Ik sil net alle barrens bylâns rinne. Ek sil ik net it hiele Fryslân 500-evenemint evaluearje. Ik stel wol fêst dat de organisearjende stichting yn har einoardiel posityf oer de gong fan saken is. It einferslach seit: ‘Het merendeel van de evenementen heeft beantwoord aan de doelstellingen van Fryslân 500, het promoten van de provincie Fryslân en het vergroten en verspreiden van de kennis van de geschiedenis van Fryslân. De maatschappelijke discussies over Fryslân 500 hebben uiteraard ook stevig bijgedragen aan de publiciteit met betrekking tot dit project. Vooral de evenementen die op een breed publiek gericht waren, zoals Friesland Vaart en de Historische Dag, hebben volledig aan de verwachtingen voldaan. De ervaringen met Greentechnics en Simmerbarren 500 zijn voor wat betreft het aantal deelnemers en bezoekers teleurstellend geweest. Daar staan echter publiekstrekkers, zoals het optreden van De Kast, de elfstedenetappe in de profronde voor beroepsrenners en zeker ook Domino-D-day als geslaagde evenementen tegenover. Het popfestival Frozenland was inhoudelijk weliswaar een succes maar had qua publieke belangstelling te kampen met de slechte weersomstandigheden en toch ook met het feit dat zo'n festivalformule een aantal jaren moet staan om echt een groot publiek te trekken.’ Och, sa sil it yndied allegearre wol wêze, mar ik wol sels noch efkes werom nei de oarspronklike doelen, dêr't de Steaten oardel miljoen gûne foar jûn hawwe. Hoe stiet it tsjintwurdich mei it leauwe yn de eigen krêft by de Fryske befolking? Is dat noch tanommen? Dat wie dochs it earste doel fan it hiele ûndernimmen. En binne de mooglikheden en potinsjes dy't der no en yn de takomst binne, noch oan wichtige lanlike en ynternasjonale doelgroepen presintearre? Ik kom dat yn it einoardiel fan de stichting net tsjin. Fansels, de stichting hat dy doelen ta de eigen twa werom brocht: de promoasje fan Fryslân en it fergrutsjen en it fersprieden fan de kennis fan de Fryske skiednis. It einfer- | |||||||||
[pagina 290]
| |||||||||
slach merkt oer it earste doel op dat de media in soad omtinken oan it hiele barren jûn hawwe. Mar dat liket my dochs wat meager ta. Hokfoar media, wêr, wannear, hoe? De eveneminten hawwe der, neffens de stichting, mei foar soarge dat der in soad toeristen nei Fryslân ta kommen binne. Dy konstatearring wie ik al earder tsjinkommen en wol út de net hielendal objektive mûle fan Thea Meinderts, wurdfierster fan it Fries Bureau voor Toerisme. Thea Meinderts brûkte trouwens, yn tsjinstelling ta de skriuwers fan it Fryslân 500-einrapport, noch de term ‘waarschijnlijk’ (FD 8/9/88). Elts sifer of ûndersyk mist ommers. Wis, der binne sifers oer de besettingsgraad fan de bungalowparken yn Fryslân of de ferhiersifers fan de boatsjeferhierders, mar dy sizze allegearre neat oer de effekten fan Fryslân 500. Toeristen wurde oeral en rûnom en mei rjocht en reden let en set, mar sieten ûnder de Fryslân 500-gongers ek ‘belangrijke doelgroepen op landelijk en internationaal niveau’? Yn it einferslach bin ik mar ien bûtenlanner tsjinkommen, nammentlik de neikomling fan Albrecht fan Saksen, in histoarikus fan profesje. Dat ik kin my suver net yntinke dat dy ta de wichtige doelgroepen op ynternasjonaal nivo heart. Presidint Clinton stjoerde in telegram, mar dat is fansels wol hiel wat oars as it Provinsjehûs mei in besite ferearje. Beide falt te organisearjen, mar de Presidint naam it âlderwetske ynstrumint fan in telegram foar kar. In persoanlik e-mailtsje fan Bill oan Loek, of mooglik alle e-mailadressen yn Fryslân, hie dochs ek kinnen? Fierder binne der noch wat popmusisy fan oer de grins kommen en luts Simmerbarren 500 in ôffallend tal jongeren út ferskate Europeeske perifeare regio's. Dan Domino-D-day. Dat luts allinne al foar de Dútske televyzje mar leafst 9,5 miljoen minsken. Ik wol net útslute dat under dy grutte massa ek inkelde minsken sitten hawwe dy't ta de wichtige doelgroepen op ynternasjonaal nivo hearre, mar it grutste part sil ûntgien wêze dat dy foar it dominostientsje sa grutte dei út Ljouwert kaam. Om dan ek te sizzen dat Fryslân 500 op it punt fan de ynternasjonale útstrieling oan de ferwachtings foldien hat, liket my suver wat oerdreaun. It is krektlyk de fraach oft de lanlik wichtige doelgroepen wol berikt binne. Dat de Keninginne de reis nei Fryslân net makke hat, is wat my en mooglik de keamerhear oanbelanget, de earste ôffaller. Mar wa binne der wol berikt? Dat makket it einferslach net dúdlik. Wat wol dúdlik is, is dat it tema ekonomy praktysk hielendal yn it wetter fallen is. Dat jildt ek letterlik foar it toerisme yn 1998. Friesland Vaart hat trouwens krekt it spektakel west dat in soad minsken lutsen hat. Feitlik is it byld dat de bûtenwrâld, dat wol sizze de fan bûten kommende boargemasters, kommissarissen en oare wettersporters, der fan Fryslân op nei hâldt, nochris mei Friesland Vaart befêstige. Frozenland en Friesland Vaart ûnderstreekje beide de marketingteory dat it bot dreech is om in nij produkt op de merk te bringen. It is folle makliker om it besteande yn winst om te setten. Meskyn is dat wol tagelyk de befêstiging om it leauwe mar foaral yn de eigen krêft te sykjen! Dat Fryslân 500 de kennis oer de unike skiednis fan de provinsje en syn bestjoer stipe hat, wol ik befêstigje. Dat ‘unyk’ wat tefolle in pleonasme is, lit ik mar foar wat it is. It is wis dat Fryslân 500, mei holpen troch in inkelde dissidinte miening, der ta bydroegen hat om de skiednis, lykas dy him fiifhûndert jier ferlyn ôfspile, ta te ljochtsjen, te aktualisearjen en te bediskusearjen. Fryslân 500 hat in his- | |||||||||
[pagina 291]
| |||||||||
toarysk debat oplevere dat troch in soad lju mei fjoer fierd is.Ga naar eind4. Yn dat ferbân docht it dochs wat frjemd oan dat de redaksje fan it tydskrift Fryslân yn it maaienûmer fan 1998 de kar makke om wol in tal histoaryske bydragen te leverjen, mar net oan de diskusje diel te nimmen oer wat hja neame ‘volksfeest’ kontra ‘einde vrijheid’. Foar dy redaksje stiet it fêst dat 1498 ‘één van de mijlpalen in de Friese geschiedenis was’ (en net is!). It folk hie grif wat mear fan dy fakbroeders ferwachte. | |||||||||
In folksfeest?Ik kom by it lêste doel fan it hiele barren: ‘Het dient een feestelijke gebeurtenis voor de gehele Friese bevolking te zijn.’ De stichting hat, sa't ik al opmurk, de eardere hege ambysjes wat nei ûnderen bysteld, mar dan noch bliuwt it dreech evaluearjen. Sa is ‘feestlik’ wol in bot subjektyf begryp. Wat foar in katolyk wakker feestlik is, is dat foar in frijmakke grifformearde mooglik hielendal net. En wat in Limburger of in Brabander in hiel feest fynt, sjocht in Fries meskyn earder as in wat treurich meitsjend plat fermaak. De stichting is net oan sokke bespegelings begûn, mar oardielet dat ‘het draagvlak onder de Friese bevolking voor een viering of herdenking zoals deze groter had moeten zijn’. Mei oare wurden, it hat net foar eltsenien feest west. Wêrom net? It antwurd op dy fraach besiket de stichting likemin te jaan. Lit ik dan ris besykje dêr wat fan te sizzen. In part fan it antwurd haw ik al jûn. De ambysje en pretinsje om in feest foar de hiele Fryske befolking te organisearjen binne te heech grepen. Dat doel waard formulearre troch de provinsjale polityk, nei't dy der earder net waarm foar rûn wie en skittere hie mei syn synisme. Doe't dat fan de foarsitter net mocht, is it oare uterste keazen en moast it om in feest foar de hiele befolking gean. Mar it tinken oan in moai feest foarmet gjin groeisume grûn foar in sune realiteitssin. It is de oanpak fan reklamemakkers en marketingdeskundigen: net iens it sicht op, mar allinne al de hoop op gouden bergen ropt fan blidens tal fan jubelkreten op. Bestiet ‘in hiele Fryske befolking’ oars as yn de sin fan statistyk of demografy? Fansels net. De ynwenners fan Fryslân foarmje, net yn it lêste plak as it om in feest giet, likemin in ienheid as dy fan Grinslân, Amsterdam of New York. Sels de yn Fryslân fierde doarpsfeesten binne yn it algemien in toanbyld fan ferdieldens. Der is in groep dy't feestfiert en der is in groep dy't dat net docht. Sels bûtengewoane omstannichheden lykas in langduorjende bittere kjeld, oarloch of honger feroarje dêr yn essinsje neat oan, hoewol't in Alvestêdetocht sûnt de tachtiger jierren wat oars tinken docht. Dat lêste byld fertekent lykwols de werklikheid. Fryslân ûnderskiedt him wat mienskipssin oanbelanget net substansjeel fan hokfoar oare regio yn Nederlân ek. Mooglik binne der hjir en dêr lytse nuânseferskillen, mar dat binne net mear as kraskes op in fierder gled oerflak. De polityk hat yn myn eagen it eigen ideaalbyld tefolle foar de werklikheid oansjoen. Der is in tredde ferkearde ynskatting makke as it om it draachflak foar in folksfeest Fryslân 500 giet. It jier 1498 kin, lykas dúdlik wurden is, net allinne as it begjin fan modern sintraal bestjoer sjoen wurde, mar is tagelyk it ôfskie fan wat as de Fryske frijheid bekend stiet. Tsjin de positive konnotaasje fan it begryp frijheid, wat dat eartiids ek ynholden hat, kinne net folle begripen op en grif net in term as modern sintraal bestjoer. | |||||||||
[pagina 292]
| |||||||||
Modern is in adjektyf dat it altiten wakker goed docht, mar yn dit stik fan saken in anagronisme is. Sintraal en sintralistysk binne yn Fryslân net de meast neistribbe ambysjes. En bestjoer stiet foar in soad minsken tsjintwurdich lyk oan de trije B's, net dy fan de eardere Grinzer bôle fan Bolt, Brands en Bus, mar fan belestings, bemuoisucht en burokrasy. Dyselde oerheid kin de troch harsels beävensearre seinigings, en dy binne der in hiele soad, noch sa ienfâldich en breed nei foaren ta bringe, de wedstriid wie yn 't foar al ferlern: frijheid fersus sintraal bestjoer: 10-0. Leit it op de wei fan in provinsjaal bestjoer om in evenemint lykas Fryslân 500 te organisearjen? Moat, breder formulearre, in oerheid feestjes foar it folk organisearje? Foar it antwurd op dy fraach kinne twa, lyk foar elkoar oer steande, stânpunten ynnommen wurde. It earste stânpunt is dat de oerheid mar gjin feestjes organisearje moat. Nee, de oerheid moat him beheine ta de meast needsaaklike previntive taken: soargje dat de minsken gjin honger lije en wenje kinne en dat kriminaliteit bestriden en oarloch tefoaren kommen wurdt. It dêr foaroer steande stânpunt is dat de oerheid fansels sa no en dan ek in feestje organisearje moat. Sjoen nei de skiednis is der net folle draachflak foar it earste minimalistyske stânpunt te finen. It oerheidsbestjoer yn Europa hat in lange tradysje yn it hâlden fan betinkings. En dan giet it foaral om it betinken fan de eigen prestaasjes en gruttens of betinkings dy't it naasjebesef stypje. It betinken fan Fryslân 500 is wat dat oangiet gjin nije ûntwikkeling yn de taken fan de oerheid. Krekt oarsom, de diffuze posysje fan de Provinsje as yntermediêre bestjoerslaach, de swakke posysje fan Fryslân binnen it hiele Nederlânske bestjoersbarren en it yn it algemien net bot positive imago fan de oerheid, kinne allegearre in rêden wêze om it middel fan de betinking en it feest yn te setten. Ik set lykwols in fraachteken by de wize sa't ien en oar staljûn is. De mearderheid fan de ûnder de flagge fan Fryslân 500 plakfûne eveneminten mist eltse ferwizing nei de oanlieding of sels de organisator fan it feest. Frozenland, Domino D-Day, Simmerbarren 500 of Friesland Vaart binne mooglik bêst attraktive eveneminten, mar hat de organisaasje dêrfan noch in relaasje mei de oanlieding ta Fryslân 500 of de Provinsje Fryslân? Nee, mar fansels it is oantreklik om sokke saken op te setten, om't der publyk op ôfkomt en dat is yn it foarste plak nedich om it draachflak foar it hiele barren te bewizen en yn it oarde plak, net minder wichtich, om dêrmei sponsors oer de streep te lûken. Dat is it euvel fan it marketingtinken sa't dat ek de grûnslach foar Fryslân 500 foarmet. De oerheid soe him yn myn eagen krekt wat minder fan sok tinken oanlûke moatte, oars as eltse partikuliere ûndernimmer dy't dêr no ienris yn de measte gefallen wol ta twongen is. De oerheid ferkeapet gjin ijsko's, giet net fallyt en kin ek net nei hûs ta stjoerd wurde. Yn it gefal fan de provinsjes en de gemeenten wurdt der ienris de fjouwer jier ôfrekkene mei help fan in sa stadichoan wat meager en âlderwetsk ynstrumint, nammentlik it kiezen fan fertsjintwurdigers yn de heechste organen fan dy oerheden. In ôfrekkenjen yn de sin fan besikerstallen of it tal kearen dat de media helle is, liket my bûten it foar it oerheidshanneljen jildende checklistje te fallen. Dat listje soe it resultaat wêze moatte fan in debat oer de (kearn)taken fan de oerheid, fan de Provinsje. Sa'n debat heart en moat trouwens fierder gean as allinne de fraach wat it allegearre kostet. | |||||||||
[pagina 293]
| |||||||||
Ta beslútIt Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân hat, sa't ik der tsjinoan sjoch, alle rjocht om ta it betinken fan fiifhûndert jier sintraal bestjoer te besluten. En der is alle reden om sa'n betinken te brûken om de besteande funksjes en it aktuele bestean fan de Provinsje nochris yn it omtinken fan de ynwenners te bringen. Op dy wize wurdt in provinsjaal belang tsjinne, dêr't de Kommissaris fan de Keninginne mei rjocht de foarstap ta nommen hat. It fraachteken komt pas om de hoeke as de manifestaasje har eigen libben begjint te lieden en los komt te stean fan dy foarstap en it wêrom fan it feest. Ik ha neat op mei de teatralisearring fan de polityk en fyn dat in popfestival, in Friesland Vaart of in Domino D-day mar moai oan it partikulier inisjatyf oerlitten wurde moatte. Ik set in fraachteken efter it ferskynsel ‘útstrieling’ as it om de oerheid giet. It giet om in hast ûngrypber ferskynsel, dat boppedat allegeduerigen om in oppoetsen freget. Ferblikke mei net en dus moat der hieltyd op 'e nij yn ynvestearre wurde. Dêrfoar stiet de hiele p.r.-wrâld klear. Mediatrenings binne oan de oarder fan de dei, handige fisagisten poetse it oansjen wat op, reklamejonges betinke in nije slogan en de Schwieterts, Stordiaus en oare adviseurs betinke aksjes en eveneminten om in blazoen op te fleurjen of te fernijen. Sa giet dat ek by de oerheid. Mar al sokke saken tsjinje allinne de bûtenkant. Foar in werklik ferbetterjen fan in reputaasje is hiel wat mear nedich as it krijen fan ‘meer smoel in de samenleving’ sa't it haaddoel fan de Provinsje foar de kommende tiid yn it noch mar krekt útkommen provinsjale rapport Trends 2010 ferwurde wurdt. Krekt oarsom, it moat om de werklike taakferfolling gean, om de berikte resultaten, om it oparbeidzjen mei tredden, om de organisaasje fan it eigen wurk, om de ferhâlding mei de eigen boargers, om de ôfwaging fan kosten en baten, en dat alles fan it witten út dat de oerheid ta de res publica heart; dat de publike saak tsjinne wurde moat, en dan giet it om hiel wat mear as om allinne euro en imago. It ‘esse non videri’ gou noch yn de tiid fan Juffer IJsselstein. Hja makke har net drok om de etalaazje, mar soarge der wol foar dat de winkel rûn. Hja stiet foar in net kontroversjele reputaasje en tagelyk foar in soberens dy't der foar soarget dat net de útstrieling de trochslach jout of dat skine yn it plak fan wêze komt. ‘Tiden hawwe tiden’, en dat jildt ek foar it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân. Fiifhûndert jier provinsjaal bestjoer is alle reden foar in feestje, allinne wat in oar feestje as dat Fryslân 500 west hat. Wat mear betinken en wat minder marketing, wat mear foar de eigen ynwenners en wat minder brede útstrieling. En it NUON moat elektra leverje en gjin Vitesse of Fryslân 500 en oare moaie doelen sponsorje. Ik tink nea oan Albrecht fan Saksen. Mar as ik oan de ein fan myn ferhaal kommen wat bekenne mei, soms, ja hiel soms, dream ik wolris fan Juffer IJsselstein.... |
|