‘Krije wy dan ek televyzje?’ frege ik. Ik hie der wolris ien op de Nijstêd sjoen, yn in etalaazje.
‘Wy moatte earst mar ris sjen hoe't dít ding it docht.’
Heit helle in ferlingsnoer op, sleat it apparaat oan, tovere mei de spoelen, de tried en de knoppen om en sette de mikrofoan op tafel.
‘Hjir moatte jim yn prate.’
‘Wat moatte wy sizze?’
‘Jout neat, samar wat. Wy prate gewoan troch.’
‘Hast him op sicht of hast him al kocht?’ frege mem.
‘No ja,’ andere heit, ‘ik haw him yn 'e winkel al útprobearre, dat hy hoecht net mear op sicht. Hy docht it goed. En as der wat mei is, dan haw ik de garânsje. Ik haw der twa jier garânsje op.’
‘Dus do hast him al kocht.’
‘Ja ju, toe no mar. Jonges, sizze jim ek ris wat.’
Ik stinde der wakker op om, mar koe sa gau net wat betinke.
‘Ik wit neat,’ sei ik skruten, ‘heit, set him even stil.’
‘Nee jong, je moatte der fluch by wêze mei sa'n apparaat. Ad rem. To the point.’
Hy seach myn broer oan en knikte. Dy wachte efkes en sei doe bedaard:
‘Hallo hallo. Wie stinkt daar zo. Het mannetje van de radio.’
Heit drukte op de stopknop.
‘Foar sok ôfwaaid praat is dit ding net bedoeld. Is dat begrepen?’ Hy draaide de spoel werom.
‘No spylje ik him ôf.’
‘Hast him op sicht of hast him al kocht?’ klonk it, ‘no ja, ik haw him yn de winkel al útpro-’
‘Bin ik dat?’ rôp mem, ‘wat in rare stimme! Dêr praat ik net mear yn.’
Wy fûnen allegearre dat wy mar nuvere mal klonken.
Heit glimke.
‘Ik hie wol tocht dat jimme dat sizze soenen. Dat leit net oan dit apparaat, mar oan ússels. Jim fine allegearre dat by it ôfdraaien myn stimme wol goed klinkt, netwier?’
Dat wie sa.
‘Mar ik fyn sels myn eigen stimme ek frjemd. Dat komt omdat ik myn stimme binnentroch hear. Der rint in buis fan de mûle nei de earen, de buis fan Eustachius, en dêr giet it lûd troch. Mar mei dit apparaat hearre jim jim stimme sa't in oar dy heart.’
‘Mei dat ding hear ik mysels dus sa't ik echt bin,’ tocht ik, ‘krekt as mei twa spegels tagelyk, dan kinne je ek sjen hoe't je der yn it echt útsjogge.’
Dêrnei moast der muzyk opnommen wurde. Mem spile in koart stikje op