Harmen Wind
Nije tiid
De skearsliper, koperslagger, hynstesmid,
opstekker, turfmakker, foarsjonger, sleatgraver,
leedbidder, mier, stille plysje, doarpsomropper,
fearskipper, mealder, pûstertraper, fisker,
brêgedraaier, ielrikker, bôlesutelder, kêderider,
mollefanger, skroar, tonnekroader, petroaljeman,
omrinder, baakster, strjitsjonger, striker, skearbaas,
kloklieder, komelker, kuorker, touslagger, molkfarder,
swartferver, kûper, - se spilen fan ruten, witwêr.
De lêste boer is juster deadrukt troch de bolle
dy't er earmerkte. It doarp bestiet út twadde
huzen. Op 'e tsjerkestrjitte weidet in kweltse
âld bok. De rêst is hjir te snijen.
| |
Jefte
Gjin wurd kin wat it neamt behâlde,
mar lit my mar, ik hâld fan dy.
Bliuw by my, leafste, bliuw by my,
no't nachten langje en de kâlde
noardeaster op it finster stiet.
Lit my dy mei dyn namme reitsje,
lit my dyn wêzen wekker meitsje
en ivich stim jaan oan dit liet.
Lit my - do bist hjir net, allinne
fynsto bestean yn wat ik sis,
wûnder om sûnder dy te kinnen.
Lit my - ek dêr't gjin wurd mear is
wit ik dat wy tegearre binne,
do bliuwst, salang as ik dy mis.
|
|