Trotwaer. Jaargang 31
(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[binnenkant voorplat]
| |
[Nummer 6]Trotwaer wol in poadium wêze foar Fryske skriuwers en in kweekfiver foar nij literêr talint. Kreative bydragen wurde ôfwiksele mei skôgingen en boekbesprekken. Dêrneist jout Trotwaer omtinken oan algemien-kulturele ûntwikkelingen en ferskynsels. De redaksje stribbet nei ferskaat. Yn elk nûmer proaza, poëzij, besprek en kommentaar. Geregeldwei in fraachpetear en in literêr-histoaryske skôging. Ut en troch in spesjaal nûmer. In eksplisyt program hat de redaksje net: alle sjenres en alle streamingen binne wolkom, mits fan behoarlik nivo en lêsber skreaun.
|
|