Meiwurkers
Freark Jan Bergstra (1914) wie húsdokter en sosjaal-psychiater, foarsitter fan de Fryske Akademy en redakteur fan De Tsjerne. Ferline jier ferskynde fan him Skiep binne der inkeld om skeard te wurden. Tsien essays oer de Friezen en it Frysk.
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Foarich jier ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei.
Ulke Brolsma (1943) is de soan fan de skriuwer Liuwe Brolsma en pakesizzer fan Reinder Brolsma. Gie nei de kweekskoalle op It Hearrenfean en de School voor de Journalistiek te Utert; hy is no foarljochter fan de Gemeente Zaanstad. ‘It hûs’ is syn earste ferhaal.
Lida Dykstra (1961) is keunsthistoarikus. Wurke by de Stichting Monument van de Maand en it Museum Joure. Wûn yn 1993 de Gouden Pen fan de Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen. Publisearre dêrnei fjouwer Fryske en twa Hollânsktalige berneboeken, koarte ferhalen en lesmateriaal. Skreau foarich jier Leaverikjes, it Aksjeboek foar de Bern.
Eric Hoekstra (1960) studearre Ingelsk en algemiene taalwittenskip. Wurket op it P.J. Meertens Instituut by Dialectologie. Is dwaande Nietsche syn Also sprach Zarathustra yn it Frysk oer te setten. Fan him ferskynde foarich jier Dat zijn nou typisch Friezen. Is ferbûn oan M3. Frysk Literêr Blêd foar it Tredde Milennium.
Jelle Krol (1957) studearre Ingelsk en Frysk, wie redakteur fan Trotwaer, sette mei Popke van der Zee de Beowulf (1984) oer, publisearre oer Douwe Kalma en besoarge dy syn Samle fersen (1996), bespriek Frysk proaza foar de Leeuwarder Courant (1992-1998) en wurket as konservator op it FLMD.
Henk van der Meulen (1925) wie redakteur fan de Leeuwarder Courant, dêr't er no noch resinsjes foar skriuwt. Fan him ferskynde yn 1997 in monografy oer de byldzjend keunstner Jerre Hakse.
Huub Mous (1947), keunsthistoarikus, is as konsulint foar byldzjende keunst ferbûn oan Keunstwurk.
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Fan him ferskynde foarich jier de ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen. Hy wurket oan in biografy fan Reinder Brolsma.
Piter Terpstra (1919) wie selsstannich sjoernalist, skriuwt Fryske en Nederlânske romans, toanielstikken en dokumintêres.
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Publisearre û.o. de dichtbondels Skrousk, Je mutte hore wie ut seit, Dàt ok noch en deagewoandea en (tegearre mei Doeke Sijens) In útjouwerij fan QuizeQuânsje.