haadrol, mar de earen. Mei inoar omgean is yn it alderearste plak mei inoar prate, dus ek nei inoar harkje. It is dúdlik, dat der twa organen yn de haadrol stean: behalve de earen ek de mûle. En, op in wat oare manier, dochs wer ek de eagen, want as minsken mei inoar prate sjogge se inoar ek oan. Alteast, sa wie it, en is it noch yn it tradisjonele ferkear fan minsken ûnder inoar. En hoe wichtich dêryn it sjen is, blykt as der defekten binne yn it hearren: dan kinne guon minsken noch aardich út de fuotten mei de ‘technyk’ fan it liplêzen, dat men leare kin. En op film en televyzje heart en sjocht men it praten ek tagelyk.
Wy moatte noch efkes werom nei it ras. Der binne net allinnich diererassen, mar ek minskerassen. Yn in net al te fier ferline, dat foaral de âlderen ûnder ús noch tige dúdlik yn it ûnthâld sit, binne der mei help fan it ‘rasseprinsipe’, dat in grouwélich en misdiedich foaroardiel wie, de skandelikste ûnrjochtmjittichheden úthelle; tink mar inkeld oan de joadeferfolgingen fan it Dútske nasjonaal-so-sjalisme. Sa mâl as it dêre en doe dien en gien is, hoecht it net oeral en altyd.
Der is ek neat op tsjin, dat der ris opmurken wurdt dat in bepaald persoan in typysk foarbyld fan syn of har ras neamd wurdt. En it is mear as begryplik dat der ûnder de Joaden, it folk dat faaks wol it meast te lijen hân hat ûnder rassediskriminaasje en -ferfolging, minsken binne dy't graach sjen litte wolle dat hja ta dat ras hearre, en dy't dêr grutsk op binne. En krekt trochdat de Joaden, omdat se faak ferfolge waarden, oer hiel Europa (en ek wol derbûten, bygl. Amearika) ferspraat rekke binne, waarden hja it ynternasjonale ras by útstek, mei in oanpassingsfermogen as men oars komselden sjocht. Dat hat syn foardielen, mar it kin ek neidielen hawwe. Sa as it foar de Joaden krekt in grut neidiel wie, dat se yn it earste plak as in ras beskóge waarden, ynstee fan as in folk. Want as jo besjoen wurde as fertsjintwurdiger fan in ras, dan wurde jo dêrmei beskôge as in dier en dan kin der al gau oer wichtige aspekten fan de algemiene minsklikheid hinne sjoen wurde.
Ien fan de grutste wearden fan de algemiene minsklikheid is de kommunikaasje. In sûn minske libbet net op himsels en inkeld om himsels, hy hat ek belang by oaren, giet der fan út dat oaren ek belang by him hawwe en hat der belang by dat oaren belang by him hawwe. Dat sjocht men fansels it alderdúdlikst by it ferskynsel fan de pearfoarming, de erotyk dy't syn sterke ympulzen hellet út de seksualiteit. Mar elke op dit punt wat ‘neutrale’ bining tusken minsken, lit ús sizze: de gewoane freonskip tusken yndividuen fan deselde sekse, bout mienskiplikheid op, en sa ek in empiryske mienskip, in groep, in feriening, in firma, in fakbûn, in kader dêr't in bepaald geastlik nivo heech (of soms ek leech) hâlden wurdt.
Elke organisaasje, oft dy no in saaklik of in ideëel doel neistribbet, moat it hawwe fan it ‘esprit de corps’ fan de dielnimmers. Dy ‘esprit de corps’ bynt de yndividuen oan inoar, befoardert de niging fan it yndividu om syn persoanlike belangen te identifisearjen mei de belangen fan de groep, oft dy belangen no saaklik, ekonomysk-finansjeel (bygl. kapitalistysk) binne, of ideëel (bygl. etysk), wittenskiplik, estetysk (bygl. muzyk of oare keunstfoarmen).
Wy binne begûn by de Friezen, wy binne by de minsken yn it algcmien útkommen. It devys fan de Jongfriezen fan 1915 wie:
‘Fryslân en de wrâld’. Wy binne útkommen by Fryslân n de wrâld, Fryslân òm de wrâld. Lit ús hoopje, dat wy sterk genôch stean om yn al