It idelteutebrechje
It brechje by Bartlehiem sil, nei in soad argewaasje en yrritaasje yn dat doarp oer it plan der in soarte fan Alvestêdemonumint fan te meitsjen, dus dochs gewoan in keunstwurk bliuwe yn de wettersteatkundige betsjutting fan it wurd. Is dat spitich? Nee, perfoarst net. Want dat brechje fol tegeltsjes mei koppen fan Alvestêderiders soe it lânskip omraken skeind hawwe.
Brechjes as dy by Bartlehiem binne de ienfâldichste eksimpels fan betonbrêgebou. Der binne noch party fan yn Fryslân en se missteane, no't de tiid soarge hat foar in patina, alhiel net yn de omkriten. As de sinne der op skynt, wurde je net ferbline troch weromkeatsend blikkerjend ljocht. En as de loft griis is of it waar dizich, falle se faak al hielendal net mear op. Wûnders fan boukeunst binne it fansels net, dizze brechjes. It binne wol pretinsjeleaze merktekens fan anonime funksjonele wettersteatsarsjitektuer út de begjinjierren. En dêr moatte je net sûnder needsaak mei omgrieme, mar dy moatte je safolle mooglik yn 'e oarspronklike steat litte sa lang't se noch in funksje ha en net om ferkearstechnyske redenen ferdwine moatte.
Wêrom soene je yn 'e goedichheid sa'n ûnnoazel brechje optuge mei in tsjin it lânskip flokkend blau tegelpatroan fol mei troanjes fan minsken dy't ivige rom sykje om't se ris in Alvestêdetocht útriden hawwe?
Mei elkoar hawwe sûnt de earste tocht fan 1909 sa'n fyftichtûzen riders in Alvestêdekrúske helle. Dy kinne fansels net allegearre ferivige wurde op sa'n brechjemonumint. Mar gjin need. In grut tal fan har is al ferstoarn en de kâns liket frij lyts dat it fiere neiteam noch in foto fan har al lang yn frede rêstende krúsridder ynstjoere sil om op in tegeltsje ôf te printsjen. Fierders sille der grif in soad krúskebesitters dy't te nofter wêze foar sa'n tegeltsjeplan, it eins mar grutte poppekasterij fine. Minsken dy't, sa ha 'k wol meimakke, net iens mear krekt witte wêr't har Alvestêdekrúske opburgen is en dy't it pas nei lang sykjen weromfine yn in sigaredoaske efter yn in laadsje fan it kammenet. Minsken ek dy't it folbringen fan in Alvestêdetocht moai relativearje kinne en beweare dat bij ridlik waar en op net te min iis elkenien dy't net in al te grutte klûnhakke is, Ljouwert wol foar tolve oere nachts helje kin.
It ienfâldige eksimpelfan betonbrêgebou by Bartlehiem.
Wa sille dan wól har portrettegeltsje op in brechje ha wolle? Fral idelteuten, tink ik. Lykas de man dy't ik op in resepsje fan in sportferiening moete en by wa't ik op de revers fan syn kolbertjaske in Alvestêdekrúske seach. By neifraach swetste hy ûnbidich op