‘Alvestêdetocht op moandei’ en ‘Geen gevlag op zaterdag’ stiet te lêzen op 'e spandoeken dy't de bern meitôgje yn in protestdemonstraasje tsjin it organisearjen fan de tocht op de frije sneon.
As Tsjam mei syn heit en mem by it begjin op 'e rûte west hawwe te sjen, komt er hielendal ferklomme thús. Hy hat ien fan de âldste dielnimmers, Rûchburd, dan al holpen om syn tocht troch te setten. Tsjam is in sosjaal fielend mantsje! Letter op 'e dei giet Tsjam mei syn folk yn 'e auto nei Frjentsjer en fia in omwei komme se yn 'e Akademy-stêd oan. Ek dêr is it ien grutte gekkeboel. Under it útroppen fan ‘Ien, twa, trije it kin yn Frjentsjer wol wat lije!’ wurdt de auto fan Tsjam-en- dy troch it bolbjirken jongfolk op it iis dondere. Tsjam wurdt oerriden troch de Alvestêderiders, rekket ferwûne, mar wurdt no op syn beurt holpen troch Rûchburd.
As de Alvestêdetocht al lang en breed troch Henk Angenent wûn is, giet Tsjam op syk nei Rûchburd om him te betankje. Dan ek hawwe Rûchburd en Tsjam in petear oer de Alvestêdetocht: ‘Wy binne der yn de wrâld om elkoar te helpen, jonkje. Do hast my earst holpen en yn Frjentsjer wie it myn beurt. Mar dy Alvestêdetocht wie my gjin stoer of krúske wurdich!’ sa seit Rûchburd. Om eefkes letter te ferfolgjen: ‘De sterken dogge mei, de aldersterkste wint en de hakkenkrukken steane oan de kant!’ Tsjam reagearret dêrop mei: ‘Dat heart by de Alvestêdetocht, sizze se!’ Dat is de âlde Rûchburd net mei him iens: ‘Mar dat moat feroarje, jonkje! En dat kinsto dwaan... Sitte der ek hakkenkrukken by jim yn de klas?’ As Tsjam dúdlik makket dat hysels in ûnhandige rider is jout Rûchburd syn jonge freon in opdracht: ‘Sykje der noch in pear hakkenkrukken by, jonkje... en dan trene, oars net as trene... folhâlde oant ik der wer bin... en dan...’
Tsjam, Henk, Hakem en Karin, it kwartet ‘hakkenkrukken’ yn 't kwadraat, litte it der net by sitte en trene harre it apesoer. As dan lang om let Rûchburd wer werom is en de Alvestêdetocht ferriden wurde kin, easkje Tsjam en syn maten de haadrol op. De konklúzje nei't se mei har fjouweren oer de finish riden binne is dizze: ‘Dizze fjouwer jonge minsken ha de Alvestêdetocht foar altyd feroare. Har geheim wie de freonskip ûnder elkoar en tusken minsken en guozzen...’ In kromke moralistys, mar perfoarst net steurend. En dat komt omdat it hiele ferhaal grôtfol mei humor sit. Tjerkstra & Klazenga beslaan yn feite de Alvestêdetocht, alteast de útwassen, finaal mei de gek. Alle alternative Alvestêdetochten wurde bygelyks eefkes fleurich op 'e hakke nommen. De lêzer wurdt in spegel foarhâlden, dit ferhaal stiicht boppe it banale út!
Fergelykje wy de Frysktalige en Nederlânstalige ferzje, dan docht bliken dat Tjerkstra foar de Hollânse fariant mear wurden nedich hat. Hy is yn it Frysk skerper. Wat yn it Nederlânse album ek opfalt, is dat der noch al wat Frysk stean bleaun is. Soks ferheget de autintisiteit en de Hollanners sille de tekst fêst wol begripe. Ek yn it Nederlâns hellet Tjerkstra taalgrapkes út, sa stavert er de nammen Bolsward en Hindeloopen as ‘Bolswar’ en ‘Hindeloope’...
Dat de tredde stêd op 'e Alvestêderûte in pear kear as ‘Drylst’ stavere wurdt, is fansels in fersin en om my hie it wurd hakkenkrukken ek wol ferfongen wurde mocht troch it folle moaiere preamkeskowers. Mar dat is detailkrityk. Dizze nije Tsjam sjocht der prachtich út en der falt foar jong en âld in soad te genietsjen!