Boppedat binne bern ‘agents of chaos’. De dichter is sels ek bern (neffens Nietzsche is der mear bern yn 'e man as yn 'e frou). It boartlike ha bern en dichter mienskiplik.
It gebrek oan frije wil foar sintúchlike wille oer komt op it aljemint yn ‘Hja is it wurd’, dêr't de protagonist, ek al hat er wat striid mei de frou, gjin wjerstân oan syn gleonens biede kin:
men sjocht har lizzen en gjin lekken oer
jins hynder stegert, men hat gjin kar
hja is it wurd, hja is it fleis
men snúft en snokt en falt foar har
By dizze dichter wurdt it momintane ûnderfinen fan 'e wurklikheid werjûn, dus werjûn, soe ik hast sizze, as in ‘stream of consciousness’, en de ôfwêzigens fan ynterpunksje heart no ienris by de ‘stream of consciousness’ as in koekje by de kofje. In karakteristyk foarbyld fan sa'n gedicht is ‘Wol nuodlik boartsje’, dêr't dit fragmint út komt:
wol sân froulju en de lusten alle dagen
ik wol op Redford en Schimanski lykje
wol de jongsten mei de moaie skonken
sjoch se hingjen, mei net sykje
wolst har treast, har wûnderlike wyskes
ik har lippen, har kûpeltsjes fan tytsjes
ik wol har mankelike nachten wytsje
wol safolle, kin in bytsje
Voilà, hjir sjogge je it Kooistra-prosedee op syn dúdlikst: ferbaal-assosjatyf (bygelyks ‘wol’ as befêstiging en as ôfkoarting fan ‘ik wol’), net symbolistysk.
No't ik sa de klam lein ha op 'e útdrukking fan 'e oanwêzigens fan 'e gaoatyske sintugewrâld, kinne je je ôffreegje: hoe komt it dat dizze poëzy net as los sân útinoar falt? Dat komt ûnder oaren trochdat de foarm, ôfsjoen fan ynterpunksje, konvinsjoneel is. De measte gedichten ha einrym, en it ritme wurdt moai yn 'e stokken holden. Sa fjouwerje we mei de dichter de sintugen en de lusten by del, besykje de bern, wurde traktearre op har skientme. Dochs sit der wol ôfwikseling yn it ritme, dat it net ferfeelt en in mars wurdt.
Ik soe Jan Kooistra graach jukstaponearje mei Harmen Wind, as kontrasten. Beiden binne lyryske dichters, mar sa ûnkein as Harmen Wind foar my is, sa suver is Kooistra (lis ik Wind ‘omkromte by’, lit in oar dat dan rjochtsette). Kooistra, oars as Wind, hat gjin oanstriid om it libben yn it algemien te besmodzgjen at er him ris machteleas, ferfeeld of ympotint fielt. Hy skriuwt dan op wat er fielt, sûnder dat er wraak nimme wol. ‘Dat heart der ek by, alles heart derby’, soe it motto fan syn ûnpretinsjeuze poëzy wêze kinne.
Grappich, der sit ien gedicht by dêr't de protagonist himsels yn oanklaget, wat wol sa earlik is, en net it libben of oare minsken of ‘la condition humaine’. Dat is ‘Mei de bear yn 'e put hie ik wurden’, dêr't by wize fan útsûndering in amerij fan wearze yn beskreaun wurdt, wearze dy't de dichter foar himsels fielt. Mar ek dêr it besef, dat dit in tydlike faze is, dy't dêrom gjin boaze ivige wierheden op 'e wrâld sette moat:
hâldst fan druk op 'e grime, wintelst dy yn
rabberij en oarmans leed, op 'en duer ferdomst
dysels en my derby, út myn eagen stjonkend swyn
sjoch datst by dyn skeukend team fan skimen komst