Altyd wat!
Tr. Riemersma
Anty-smooksjippe
Minister Elske Boarst wol de literatuer ynsette tsjin it smoken. Dat liket net in snoad idee.
Underfiningen mei oare soarten oertsjûgingsliteratuer hawwe útwiisd dat òf ‘it boadskip’ òf ‘it literêre’ syn gerak net krijt. Wy hawwe - ek yn it Frysk - pro-kristlike, pro-soasjalistyske en anty-drankliteratuer hân. In poerseldene kear sit der in literêr akseptabel wurk tusken - mar dan wurdt it boadskip wei. Ornaris lykwols stiet it boadskip sa op 'e foargrûn, dat it boek as literatuer net te fertarren is. ‘Tendinsliteratuer’ wurdt it yn sa'n gefal neamd en dêr wurdt mei bedoeld dat it triviaal, minderweardich is.
Om earlik te wêzen, Boarst doelt ek net op hege literatuer, mar op ferdivedaasjeteksten, te witten sjippesearjes. No, dat is dus dochs al flutliteratuer en wat tendins mear of minder kin dêr neat oan bedjerre. Mar jilde foar ferdivedaasjeliteratuer oare wetten as foar serieuze literatuer?
Ik kin my foarstelle dat Boarst redenearret: literatuer mei hege of mei lege kwaliteit, dat kin my neat skele - as it doel mar berik wurdt. Mar nochris: hat flotte flutliteratuer wòl ynfloed op it dwaan en litten fan 'e minsken?
Boarst tinkt grif fan àl. Se seit, neffens de Ljouwerter Krante: ‘In soapseries zie je jonge mensen voortdurend ontzettend veel roken. Jongeren identificeren zich daarmee. Laat ze nu eens een astma-patiënt in zo'n serie schrijven, waarna al die mooie, jonge mensen ophouden met roken. Dat geeft een enorm effect.’
Foar in dokter is dat dom praat: fan smoken krijt men gjin astma. Minsken mei astma kinne net goed oer reek, mar dat is heel wat oars. Dat hâldt gjin boadskip yn oan smokers, oars net as dat se yn it selskip fan astmapasjinten it smoken even ynhâlde moatte.
Nee, as men in òfskrikwekkend foarbyld op it toneel sette wol, dan soe ien fan dy moaie jonge minsken nei it smoken fan in heal pakje sigretten eksplosive kanker krije moatte en yn it ferrin fan minder as fjirtjin dagen dea deldonderje. Dat soe grif in enoarm effekt jaan. Mar oft it jonge minsken fan it smoken ôfbringt? Se soenen it grif wol spektakulêr fine, mar har derom feroarje?
Straf helpt allinnich as dy daliks op 'e sûnde folget, mar it ferfelende fan kanker is dat dy him earst jierren letter oantsjinnet. De measte lju dy't kanker krije, binne oer de fyftich. En dy binne yn 'e eagen fan jonge minsken stokâld en dy hearre op dizze wrâld eigentlik al net mear thús.
Dat ik sjoch it sober yn foar Elske har kampanje. Mar it hat syn goede kant ek: wêr soe de sûnenssoarch fan betelle wurde moatte as wy allegearre opholden fan smoken?