Trotwaer. Jaargang 31
(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 259]
| |
Mei nei de oare ieu
| |
[pagina 260]
| |
Letter, doe't de striid oer him kommen wie, en hy wèr, mar nou hiel oars swalke, fielde er ferwûndere dat it stamlân weisonk, né, dat wie 't ek net, it roun oer yn al it oare. Alles waerd syn bloed en syn groun, mar nou folle taestberder. De opjage bern mei it swarte hier hearden der by; en in faem dy't yn 'e wyn opskau; en in stymske boer dy't swijend de fûgelfrijen herberge; mar ek: in nôtfjild efter de sédyk, it brokkelich silhouet fan in swart fabryk; it piipjen fan in tram en de rop fan in blommeman. Forgetten post is ekonomysk en subtyl skreaun. Gjin grutte wurden en feiten, it giet om it inerlik fan de fersetsman. De krêft fan dit boek hat Van Tuinen noch fergrutte troch gjin nammen te neamen: de minsken fan de sbotaazjeploech bliuwe anonym (bygelyks ‘de jongste fan de ploech’, ‘in kommandant’), Fryslân wurdt it ‘Gewest’ neamd, en It Hearrefean ‘it greate doarp dat in ûre eastliker lei’. Dêrmei komt it ferhaal los fan 40-45 en wurdt it universeel. Abstrakt is it boek net, dêr is de skriuwer te realistyk en te minsklik foar. ‘Proast dan, proast op 'e opfierders, op 'e reklassearders, op 'e braven, op 'e wetliken!’ ‘Op 'e ûnwetliken!’ ‘Op 'e treinen!’ ‘Op 'e beammen, de bommen, op 'e droppings!’ ‘Op alles!’ It liet him grandioos kâld hwerop, hwant it focht roun him hearlik troch de kiel, en hy joech him der alhiel oan oer. |