telâne yn in fabryk dêr't se platwalst wurde en dêrnei omboud ta ‘nuttig voorwerp’, fan lantearnepeal oant kop en pantsje. Keesje en Miertje - dy't de reis nei it eilân ek ûndernommen hat - witte noch krekt op it nipperke oan de wals te ûntkommen.
It is, nettsjinsteande alle komike en brike sitewaasjes, eins mar in somber ferhaal. In roman noir foar bern. Keesje is de underdog, in stek yn 'e bûs dy't net tsjin 'e grutte jonges op kin en gauris narre wurdt. De tocht nei it eilân is in romantyske flecht út 'e werklikheid dy't neat oplevert: Keesje komt telâne yn in hurde, wrede wrâld mei stúmske domkoppen oan 'e macht en foar it gewoane folk gjin oar perspektyf as de fabryk dêr't hja omboud wurde ta ‘nuttig voorwerp’. Op skoalle hearsket in barbaarske diktatuer: bern dy't tefolle witte, wurde mei de holle yn in smeltoven treaun. De minsken op it eilân steane ûnferskillich foarinoar oer. As ien fan de porsleinen froulju stroffelt en oan barrels falt, is der net ien dy't him dêr drok oer makket:
‘Tja,’ zei Tedje. ‘Zoiets gebeurt.’
(...)
Hoog-Keesje bleef snikken. ‘Wat erg, wat è-hè-hèrg! Kunnen we haar niet lijmen?’
‘Wat?’
‘Lijmen. In è-helkaar lijmen. De stukjes.’
‘Ach joh, daar ben je uren mee bezig.’
De beide eilânbern dêr't Kees en Miertje mei optrekke, stekke úteinlik gjin poat út om har te helpen en naaie tegearre út mei de boat fan Keesje en Miertje. As Keesje wer thús is en fertelt fan syn aventoer op it eilân, wol noch net ien him leauwe: ‘Ze lachten hem uit. Ze lieten zich niet voor de gek houden. Allemaal leugen en bedrog en verzinsel wat dat kereltje vertelde. “Ga spelen jongen,” riepen ze. “Met je zusje!”’
Yn Ferjiteilân is it eilân foar de kust in virtual reality wurden en binne de aventoeren fan Krieltsje (= Keesje) en Myrkje (= Miertje) it gefolch fan in út 'e hân rûn ynteraktyf computerspultsje. Heit Grytzen soarget op it moment suprême, as Krieltsje ferplettere driget te wurden troch de wals, foar de oplossing troch de stekker fan 'e computer, dy't op tilt slein is, út it stopkontakt te lûken.
Oan de opperflakte is de bewurking rûger en wreder as it orizjineel. It narjen fan de jonges bygelyks wurdt yn it orizjineel summier oanjûn, men moat it hast tusken de rigels troch lêze. Yn de bewurking lykwols wurdt dat gegeven breed útmetten:
(Krieltsje komt op mei in ammerke sjipsop.)
‘Hy hat sjipsop yn it ammerke, jonges.’
‘Wat leaf.’
‘Hy sil de fjoertoer fan syn heit waskje.’
(Ien fan de jonges nimt in hantsjefol sân en struit dat yn it ammerke.)
‘Kinst it strân ek moai himmelje, Krieltsje.’
‘En de see, d_ is ek hartstikke smoarch.’
‘Hast dêr wol genôch Jif yn, Krieltsje?’
‘Jif? Krieltsje syn mem sparret Air Miles, dy krijst net by Jif.’
‘Hat jim mem al hast genôch foar in nij servys, Krieltsje?’
As Keesje yn it orizjineel fertelt oer de post, ‘die stond te zoenen met Annegien’, dan makket dat yndruk op 'e jonges sûnder dat se der neier op ynfreegje. Yn 'e bewurking is sa'n simpele meidieling oer in stikeme tút lang net genôch om as stof foar sensaasje te tsjinjen en wurdt yn in spesjaal liet - skreaun troch Peter Sijbenga, dy't ferantwurdlik is foar de myzyk en de lietteksten - wiidweidich omtinken jûn oan de spannende details: ‘Wêr joech hy har