Tegels
Meinou P.
Wy hienen wat te fieren. By ús is wat fiere synonym mei ite en drinke, dat wy teagen nei de stêd, sûnder krekt te witten wèr't wy ús bedjerre litte soenen. Gauris skriuw ik tips fan famylje en kunde op, mar ik koe yn myn taske allinnich mar in briefke fan freondinne Christel fine mei de namme ‘Lorraine’, in renomearre restaurant yn Amsterdam.
‘Ryd dêr dan mar hinne’, sei ik tsjin myn man, doe't wy op it Europaplein wienen. Hy makke ien ekstra rûntsje op 'e rotonde en socht dêrnei in parkearplak by de Aldehou.
Underwilens hie ik sa sterk oan Christel tocht, dat it my net ferwûndere dat wy har yn de Lytse Tsjerkstrjitte tsjinkamen.
‘Dat kin ik’, sei ik.
Fansels fregen we har om rie.
‘Piet Paaltjens’, sei se.
Dy gelegenheid wienen wy fergetten.
Wy hienen dêr noch mar ien kear earder iten, en dat moast op de dei óf tsien jier lyn west hawwe. As wy letter wer ris soenen, wie it ticht of te fol. Mar dy iene kear siet ús noch goed yn it ûnthâld. Alles wat wy foarset krigen, hie hearlik west. De spinaazje ek, allinnich hie dêr sân yn sitten. Under de kofje mei in digestyf, hienen wy in ludike manier betocht om dat witte te litten. Wy skriuwden op de achterkant fan it deimenu Immortelle hûndert en ien, en lieten dy lizze.
Underweis dêrhinne koenen wy net betinke wêrom't it restaurant nei Piet Paaltjens neamd wie. Syn heit hie apteker en wynhanneler oan de Voorstreek west en dêr is Haverschmidt ek berne, wist myn man.
‘Fynst neat oer iten yn syn gedichten’, dosearre er fierder, ‘mar nammerste mear oer drinken. Syn Weltschmerz wie fansels te grut om in hap troch de kiel krije te kinnen, al praat er yn Nagelaten snikken wol mei leafde oer in ytkafee yn Leiden, de Bierkneipe fan Muller. Mar ja, dan hie it better sa hite kinnen. Ik leau dat it yn “De Friesche Poëet” is dat er in panne sop wegeret om't de frou dy't it oanbiedt net in earizer draacht en krom Hollânsk praat as Friezinne. By eintsjebeslút wurdt er yn dat gedicht sels opfretten, troch de haaien. En yn “Jan van Zutphen's afscheidsmaal” komt ek al gjin gerjocht foar.’ No ieten wy wer like lekker. Ik sei dat it spitich wie dat wy doe net in kopy fan dat sonnet makke hienen.
‘It wie net in sonnet’, sei myn man. ‘Wy hienen it basearre op in Immortelle dêr't Paaltjens en syn freon Sand yn foarkamen. Hy resitearre dy sûnder stykjen te bliuwen, fiif kwatrinen lang.
‘Dat kin ík’, sei er. ‘en dat ha 'k doe ek foar dy opsein.’
Ik koe it net litte en fertel dêrnei de gastfrou dy't sûnder earizer, mar goed Frysk pratend betsjinne, wêr't wy it oer hienen.
‘Oh, wienen jimme dat? Jawis, jim sieten doe oan de oare kant. Dat kaartsje is der noch wol!’ Se helle it út in plakboek mei reaksjes fan gasten.
‘Zeg Paal’, riep Sand, ‘jij straks beroemd
een eetcafé naar jou genoemd
ik niets, dat doet mij kniezen!’
‘Beroemd’, zei Paal, ‘wou jij dat graag?