It imago fan Fryslân (9)
It Fryske hokje is te lyts
As wy mei de kearn dwaande wêze wolle, dan moatte wy by de keunstner begjinne. Dy is dwaande mei ‘de meest individuele expressie van de meest individuele emotie, zodanig dat er bij degene die daar mee in aanraking komt, een schoonheidsontroering wordt gewekt’. Sa learde ús learaar Nederlânsk my dat op 'e Ljouwerter HBS.
Ik wol graach nei dy keunstner harkje of sjen. Wêr't sy of hy wennet ynteressearret my net. As dat yn Fryslân is, dan kin wy it oer in kulturele utering yn Fryslân ha. As de taal derby komt wol ik dat ek noch wol ‘Fryske Kultuer’ neame. Mar yn alle oare gefallen giet it gewoan om keunstners dy't tafallich yn Fryslân wenje. En de keunst dy't se meitsje is net foar de krante, mar foar my, fanwegen dy ‘schoonheidsontroering’. Foar de keunstners is it moai as de kranten der oer skriuwe, dêrtroch komme der mear minsken om fan har keunst te genietsjen. Dan kin it ek noch geunstiger wêze as de Volkskrant of de NRC der oer skriuwe, simpelwei omdat dy in soad lêzers ha. Mar wichtich is it net. Want it giet om dy keunst en it publyk foar dy keunst.
Lit de keunstners yndie ynteressante keunst meitsje, dan komt it publyk fansels. Dat hat gelokkich neat mei provinsjegrinzen te krijen. De ‘oaren’ dêr't Gryt it oer hat, wenje neffens my oeral. Foar ynteressante keunstners is it Fryske hokje fierstente lyts.
Johan van der Zee