‘Utsletten, ús Astra kin it it bêste dwaan’, sei Minne. De pear bern dy't yn Sichum tahâlden wiene as de dea foar dizze grouwélige swarte bouvier. Der waard ek flústere dat er alris skiep tenei kommen wie. In gefaarlike hûn. Einliks hie Astra al mei in spuitsje wei wêze moatten út in wrâld dêr't gjin plak is foar skieppebiters.
‘As we mei dat moarderige bist fan dy om it hûs rinne ha je alle kâns dat er wyld wurdt’, sei Sietse en nipte efkes oan de lytse Beerenburg dy't Janke mei golle hân ynskonken hie foar de helden fan Sichum. ‘As Astra dea minskefleis rûkt, springt er sa troch de ruten’, miende Doeke. Wat dêrnei barre soe, woe Doeke mar leaver net wite.
Koene se wat oars? Nee, wie it beslút, hja koene net oars. En sa waard besletten. Net yn it wykein, want dan baarnde oeral ljocht yn it hûs en koene minsken op 'e dyk faaks sjen dat der wat frjemds barde.
Freedtejûn giene Minne en Doeke der op út. De oaren bleauwen efter by Janke en har lytse Pico. By it hûs oankommen begûn Astra allemachtich oan de rym te lûken. Doeke en Minne seagen elkoar efkes oan. Se tochten itselde. ‘Dat docht er net foar neat’, sei Doeke. Minne hie der hâlden en kearen oan om syn hûn yn betwang te hâlden.
Astra bleau ynienen stean by in fleurich boskje blommen. De kop gie foardel. Foar't hja sykhelje koene fleagen kluten en blommen har om de earen. ‘Lit him ophâlde’, rôp Doeke, ‘oars giet de hiele tún nei de kloaten.’ ‘Nee, nee’, rôp Minne, ‘miskien sit hjir wol wat. Sokke bisten fiele dat oan.’
Minne hie syn Astra ek net stuitsje kinnen. De blommen fleagen mei grutte bôgen oer it paad. It gie djipper en djipper. Nei't er in mânsk gat yn 'e tún makke hie, joech Astra it ynienen oer. Der kamen gjin bonken nei boppen, hielendal neat. Minne die krekt as wie er de hûn de baas en sleepte Astra rjochting hûs. Mar nei dit ferheftich optreden wie it bart mei Astra's ynspiraasje. De poat gie hjir en der omheech, dat wie alle fierdere aksje.
Wat no? De tún lei der mâl hinne. Opromje woene se. Krekt op dat stuil kaam der in auto de dyk út. Ferstuivere giene se efter it hûs stean. Soe... miskien wiene dit de bewenners? Mar nee de auto ried foarby. Doeke en Minne brochten de saak wer in bytsje op oarder, foarsafier dat mooglik wie.
De tocht hie neat oplevere. It riedsel bleau en sneontejûn baarnde wer rûnom it ljocht.
Doe kaam Doeke mei in fynst. As se no de krante ris tipten. Anonym natuerlik. Skilje dat der wat nuvers wie mei it hûs dêr't al earder de twa