Trotwaer. Jaargang 31
(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 225]
| |||||||||||||||||||||||||||
Swietwei nei de ein
| |||||||||||||||||||||||||||
1.1. ProduksjeAs men de lêste hûndert jier ris stekproefgewiis neigiet wat dêr yn boekfoarm oan oarspronklik Frysk bellettristysk proaza ferskynde en men lit dy boeken gewurde dy't allinne mar wurk befetsje dat earder al ris yn boekfoarm publisearre waard, dan komt men, as men yn 1898 begjint en dan hieltyd tsien jier fierder giet, út op 'e folgjende oantallen: 1898: neat, 1908: 1, 1918: 1, 1928: 4, 1938: 4, 1948: 8, 1958: 6, 1968: 16, 1978: 12, 1988: 18 en 1998: 21 (sjoch bylageGa naar eind*)). As men fierders neigean wol hoefolle fan dy boeken as roman of langere proazastikken beskóge wurde kinne en men giet der foar it gemak fan út dat it dan gean moat om proazastikken dy't as ien gehiel presintearre binne en sa likernôch hûndert of mear siden telle, dan giet it om de folgjende sifers: 1898, 1908 en 1918: neat, 1928: 1, 1938: 3, 1948: 6, 1958: 4, 1968: 12, 1978: 9, 1988: 13, 1998: 10. Dy sifers jouwe oan dat de leafhawwer fan Fryske romans no al sa'n tritich jier yn trochsneed omtrint alle moannen rekkenje kin op ien nij wurk yn dat sjenre. Opmerklik is dat yn 1968, doe't útjouwers noch gjin oerheidssubsydzjes ta har foldwaan hiene, mar leafst 12 nije romans ferskynden. Ferlike mei proaza sjogge de sifers foar poëzy der sa út: 1898: neat; 1908: 1; 1918: 4; 1928: 2; 1938: 3; 1948: 3; 1958: 3; 1968: 11; 1978: 15; 1988: 14; 1998: 12. Njonken 91 wurken mei bellettrv (57%) steane dus 68 mei poëzy (43%). Dy ferhâlding proaza poëzy is miskien net sa opmerklik foar in lytse litera- | |||||||||||||||||||||||||||
[pagina 226]
| |||||||||||||||||||||||||||
tuer, dêr't poëzy altyd navenant in grut plak yn hat, mar wol as men dy ferliket mei in gruttere literatuer as de Hollânske bygelyks. Men hoecht mar eefkes yn in boekhannel om jin hinne te sjen om konstatearje te kinnen dat it tal poëzybondels net folle mear is as in tsiende part fan it tal bellettristyske wurken. Dochs wint it ferskil tusken de beide sjenres oan as men op de stekproef ôfgean mei (sjoch de grafyk) en begjint de Fryske literatuer yn dat opsicht wat mear op in gruttere literatuer te lykjen. It hie fansels moai west om dizze sifers, en daalks ek dy oangeande de auteurs, ris mei dy fan byg. de Hollânsktalige literatuer en literatoaren te ferlykjen, mar literatuerûndersyk en neifreegjen by it Sintraal Buro foar de Statistyk en it Sosjaal Kultureel Planbureau wize út dat, ôfsjoen fan globale sifers oer boekproduksje yn syn gehiel en lêsgedrach, gjin detaillearre gegevens beskikber binne. | |||||||||||||||||||||||||||
1.2. De auteursKoartby is fan de lju dy't har yn dizze ieu mei it Noardfrysk dwaande hâlden hawwe in karakteristyk sketst yn de bydrage ‘Zum Sozialprofil nordfriesischer Sprachpflegerinnen und Sprachpfleger’ fan Enke Christiansen, Erk Roeloffs en Thomas Steensen yn it Nordfriesisches Jahrbuch 1998. De útkomst dêrfan wie dat fierwei it grutste part manlju wiene (87%) dy't har wurk yn it ûnderwiis hiene of noch hawwe (39%). Dat makke my nijsgjirrich nei it profyl fan de skriuwers en dichters fan myn stekproef. Fierders wie ik benijd nei har âldens. Komme skriuwers fan romans oer it generaal letter mei har wurk foar it ljocht as dichters en hoe âld is de debutant yn trochsneed? Op basis fan myn stekproef kom ik wat dy dingen oangiet ta it folgjende: | |||||||||||||||||||||||||||
1.2.1. SekseGiet men by it proaza fan de op it omslach neamde skriuwers (dus net besoargers) fan de boeken út niisneamde jierren nei ta hokker sekse hja hearre, dan jout dat fan de ferhâlding froulju: manlju it folgjende byld: 1898, 1908 en 1918: net fan tapassing; 1928: 1:1; 1938: 0:4; 1948: 1:5; 1958: 2:5; 1968: 1:14; 1978: 2:9; 1988: 7:11; 1998: 4:15. By poëzy komt men wat dat oangiet op it folgjende út: 1898 en 1908 n.f.t.; 1918: 0:3; 1928: n.f.t.; 1938: 0:3; 1948 n.f.t.; 1958: 0:2; 1968: 2:8; 1978: 2:11; 1988: 2:9; 1998: 5:4. De totaalsifers foar proaza binne dus: 18 froulju (22%) en 64 manlju (78%) en foar poëzy: 11 froulju (22%) en 40 manlju (78%). As men op dizze sifers te seil gean kin, dan is it dus net sa, wat ik eins al ferwachte hie, dat men ûnder de dichters mear froulju fine soe as ûnder de proazaïsten. Earst yn de jierren '80 liket it tal froulju dat skriuwt en dichtet oanmerklik oan te winnen. No komt men sa likernóch út op goed 30% fan it totale tal skriuwers en dichters. Yn 1998 lit de siferrige sjen dat it tal froulju dat yn dat jier dichtbondels publisearret grutter is as it | |||||||||||||||||||||||||||
[pagina 227]
| |||||||||||||||||||||||||||
tal manlju. Yn alle gefallen op it mêd fan de poëzy liket de ferhâlding froulju: manlju dus lykwichtiger te wurden. | |||||||||||||||||||||||||||
1.2.2. DebutantenAs men fierders neigean wol hoefolle fan dy skriuwers yn dy jierren foar it earst mei in bellettristysk boek foar it ljocht komme, dan komt men op de folgjende oantallen debutanten: 1898, 1908 en 1918: gjinien, 1928: 1 (1 romanskriuwer), 1938: 1 (1 romanskriuwer), 1948: 2 (2 romanskriuwers), 1958: 1 (1 romanskriuwster), 1968: 4 (4 romanskriuwers), 1978: 3 (1 ferhaleskriuwer en 2 romanskriuwers), 1988: 5 (5 romanskriuwers) en 1998: 4 (2 ferhaleskriuwers en 2 romanskriuwers). (By it wurd ‘romanskriuwer’ binne ek dy lju oantsjut dy't stikken fan mear as 100 siden fiksje skreaun hawwe, mar dy't har boeken net ‘romans’ neame.) Fan dy debutanten is fan 1898, 1908, 1918, 1928, 1938 en 1948 gjinien frou. Yn 1958 is de iennige debutant in frou, yn 1968 en 1978 is by de debutanten gjin frou; by de fiif nije romanskriuwers fan 1988 binne 2 froulju en fan de twa nije ferhalebondelskriuwers fan 1998 is ien in frou. Wat de debutanten by de poëzy oangiet, binne de sifers: 1918: 3 manlju; 1938: 3 manlju; 1948: 1 man; 1958: 1 man; 1968: 2 manlju; 1978: 5 manlju; 1988: 1 frou en 1 man; 1998: 3 froulju en 2 manlju. It persintaazje debutanten is, sa't men grif ek wol ferwachtsje soe, by de dichters folle heger (43%) as by de proazaïsten (26%), dy't it faak net by ien publikaasje litte. En yn ferliking mei earder tiden, doe't it steapeltsje Fryske boeken dat jierliks útkaam faak net mear as in goed hânfol wie, binne der foàr de oarloch mear debuten (wol 50% of mear) as de lêste desennia. Yn trochsneed leit dat persintaazje fan de seis nei-oarlochske jierren fan de stekproef op 31%. Hoewol't it fansels mar om lytse sifers giet, liket it byld dat de froulju yn de poëzy yn it opkommen binne, ek as debutanten, ûnderstreke te wurden troch de stekproef. | |||||||||||||||||||||||||||
[pagina 228]
| |||||||||||||||||||||||||||
1.2.3. AldensDe âldens fan de skriuwers út dy jierren is yn trochsneed (ôfrûne op hiele jierren) as men de al ferstoarne proazaïsten en dy skriuwers net meirekkenet dy't bydroegen hawwe oan sammelbondels mei wurk fan in ferskaat oan skriuwers: 1898, 1908 en 1918: net fan tapassing, 1928: 68, 1938: 43, 1948: 49, 1958: 54, 1968: 48, 1978: 59, 1988: 54, 1999: 56. Giet men de trochsneed leeftyd fan de debutanten nei dan is dy yn de jierren 1898, 1908, 1918 en 1928 net fan tapassing, yn 1938 is de iennige debutant: 52, yn 1948 binne de debutanten: 64 en 29, yn trochsneed dus 47, yn 1958 is de iennige debutante 37, yn 1968 binne de leeftiden fan 4 debutanten yn trochsneed: 44, yn 1978 fan de 3: 43, yn 1988 fan de 5: 40 en yn 1998 fan de 4: 47. Utgeande fan de leeftiden fan de skriuwers fan de stekproef kin sein wurde dat de Fryske bellettrist as er by syn libben publisearret yn trochsneed 54 jier âld is en as er debutearret 44. Foar poëzy binne dy leeftiden yn trochsneed: 1898 en 1908: n.f.t.; 1918: 39; 1928: n.f.t.; 1938: 28; 1948: n.f.t.; 1958: 24; 1968: 50; 1978: 47; 1988: 52; 1998: 59. It tal debutanten ûnder de dichters út dy jierren en harren leeftiden binne yn trochsneed: 1898 en 1908: n.f.t.; 1918: 3: 39; 1938: 3: 28; 1948 n.f.t.; 1958: 1: 25; 1968: 2: 32; 1978: 5: 43; 1988: 2: 45; 1998: 5: 67. Utgeande fan de leeftiden fan de dichters fan de stekproef kin sein wurde dat yn trochsneed de Fryske dichter as er by syn libben publisearret 48 jier is en as er debutearret 47. Benammen de hege jierren fan de debutanten Tite de Boer en Antsje Hiddema (beide 90) fertekenje mooglik it byld fan de âldens fan de dichterlike debutanten yn 1998. As men harren net rekkenje soe, dan soe dy trochsneedleeftyd 39 jier west ha. As men op dat lêste getal oanhâldt, dan is de dichter trochstrings sa'n fiif jier jonger as de romanof ferhaleskriuwer. Dat de âldens fan de trochsneed debutant earder oprint as sakket hat grif te krijen mei it feit dat hieltyd mear lju, nei't hja út it wurk stapt binne, mei skriuwen as leafhawwerij begjinne en nei ferrin fan tiid mei har produkten oan 'e merk komme. | |||||||||||||||||||||||||||
[pagina 229]
| |||||||||||||||||||||||||||
1.2.4. BeropKrekt as foar de Noardfriezen dy't har mei har taal dwaande hâlde is foar de Westerlauwerske Friezen dy't skriuwe en/of dichtsje it ûnderwiis de grutste wurkjouwer (46%). Dêrneist hat in relatyf grut part fan de literatoaren har wurk yn de sjoernalistyk: 16% wurket foar in krante of in oar nijsmedium. Oare beroppen dêr't skriuwers en dichters fierder de kost mei fertsjinje binne dy fan amtners (6%), soarchferlienders (6%), nearingdwaanden (5%), tsjinstferlienders op banken, kantoaren ensfh. (5%), dûmnys (4%) en boeren (2%); 9% hat gjin betelle berop. As men wat it berop oanbelanget, de ferskillen tusken manlju (77 yn oantal) en froulju (22 yn oantal) neigiet, komt men út op 'e folgjende getallen en persintaazjes: nei it net hawwen fan in betelle berop (9 froulju: 43%) hellet it ûnderwiis by de froulju it heechste persintaazje: 19% (4 froulju). Dêrnei komme de sûnenssoarch en de fersoarging op it tredde plak 14% (3 froulju). Wurk foar kranten en oare media en wurk yn de tsjinstferliening op banken, kantoaren, ensfh. helje beide 10% (elk twa froulju) en by de froulju is ien lytse selsstannige (Teatske Alzum). By de manlju is de folchoarder: ûnderwiis: 53% (41 manlju); wurk foar kranten en oare media: 18% (14 manlju); oerheid 8% (6 manlju); lytse selsstannigen en dûmnys 5% (elk 4 manlju); tsjinstferliening 4% (3 manlju); en sûnenssoarch/fersoarging en de agraryske sektor elk 3% (elk 2 manlju) en as lêste 1 bedriuwsekonoom (Th. Mollinga). As men it hawwen fan gjin betelle berop net meirekkenet, liket it wurk fan de froulike skribinten dus wat minder iensidich as dat fan de manlike skriuwers en dichters. Ferliket men op inselde manier de dichters en de proazaïsten, dan binne de ferskillen net sa grut: ûnderwiis (dichters: roman-/ferhaleskriuwers): 57%: 39%; wurk foar kranten en oare media: 13%: 21%; oerheid: 7%: 5%; sûnenssoarch en fersoarging: 4%: 7%; oerheid: 0%: 5%; lytse selsstannigen: 2%: 7%; dûmnys: 4%: 3%; boeren 2%: 2%; gjin berop: 11%: 7%; oaren: 0%: 2%. Dy sifers lykje út te wizen dat men by de roman- en ferhaleskriuwers justjes minder ûnderwizers mar dêrfoaroer mear krantefolk fine kin as by de dichters. Om nei te gean oft der wat beropskategoryen de lêste tweintich jier in soad feroare is, soe men de gegevens út 'e stekproef oer 1988 en 1998 byinoar nimme kinne en dy mei de persintaazjes fan de stekproef as gehiel ferlykje kinne. De útkomsten binne net sa spektakulêr oars: ûnderwiis is in noch gruttere sektor fan belang wurden (fan 46% nei 51%); it wurk foar kranten en oare media hâldt it selde persintaazje: 16%; skriuwers en dichters dy't yn 'e sûnenssoarch of de fersoarging wurkje nimme mei 5% ta fan 6 nei 11% en de lju dy't yn 'e tsjinstferliening en dy't gjin betelle berop hawwe mei 2% fan resp. 5 nei 7% en fan 9 nei 11%; der binne gjin lju yn direkte tsjinst fan gemeentlike of oare oerheden, gjin lytse selsstannigen en boeren mear dy't skriuwe of dichtsje. | |||||||||||||||||||||||||||
[pagina 230]
| |||||||||||||||||||||||||||
1.3. GearfetsjendOp basis fan de stekproef kin men de lêste tritich jier dus krapoan alle moannen 1 nije roman, justjes mear as 1 fersebondel en krapoan in heale ferhalebondel ferwachtsje. 3 fan de tsien fan dy wurken binne skreaun troch froulju; by goed 4 fan de 10 dichtbondels giet it om in debut, wylst dat by proazawurken mar foar in fjirdepart jildt. De dichter is yn trochsneed sa om ende by de 48 en de roman-c.q. ferhaleskriuwer ± 54. Hja wurkje yn likernôch de helte fan de gefallen yn it ûnderwiis en dêrneist is de krante in wichtige wurkjouwer foar harren. | |||||||||||||||||||||||||||
2.0. It hjoeddeiske proazaNei dizze sifers en persintaazjes dy't hooplik wat in eftergrûn jaan kinne, wol ik besykje yn te gean op wat ik sjoch as feroaringen en ûntjouwingen yn 'e hjoeddeiske Fryske bellettry. Ik sil wat dat oangiet koart krieme. | |||||||||||||||||||||||||||
2.1. De bûtenkantYn syn artikel ‘Fryske boekfersoarging hurd yn 't neigean’ yn de Leeuwarder Courant fan 23 febrewaris 1996 hat Durk van der Ploeg wiisd op it temin oan omtinken foar de uterlike fersoarging fan it boek. Fryske boeken falle faak wol op, mar dan yn ûngeunstige sin. En Van der Ploeg hat (faak) gelyk. Yn 'e boekhannel sjoch ik fuort it ûnbidige boek Ik bin jim sjonger: Fedde Schurer dichter fan it liet. En ja hear, dêr binne dy koweletters wer, dêr't Van der Ploeg it al oer hie. Ek binne der, wat my opfalt, wer de paginanûmers op de blanko siden. Diskear boppedat moai fet printe. As der ien skaaimerk fan Fryske boeken is, dan is it grif it ôfprintsjen fan sidenûmers op wite siden. Aldergelokst is der dêrfoaroer bygelyks de nije rige Fryske Klassiken en binne der mear geunstige útsûnderingen. Mar dochs hat de útris fan romans en dichtbondels de lêste desennia net faak oanlieding jûn ta loovjende en priizgjende wurden. It hat net safolle doel om Van der Ploeg syn kleisang oer de Fryske boekfersoarging oan te foljen mei noch wat ekstra kûpletten. Mar it is faaks wol in goed ding om oan te jaan dat útjouwers oantrune wurde moatte om flyt te dwaan op it uterlik fan de boeken. In ‘Liuweprint’ is in begjin, mar der moat mear mooglik wêze. Ik ha net it idee dat útjouwers no echt fjochtsje om dy priis. As by in útjouwer in boek útkomt mei de titel De smaak fan narkoaze yn in omslach dêr't jin it weewetter fan yn 'e mûle rint, dan moat men de Fryske saak wol o sa tagedien wêze om sa'n boek te keapjen. Yn in digitalisearre wrâld is it mei wat desktop publishing net sa dreech om boeken en boekjes op 'e merk te setten. Mar it sil hieltyd dreger wurde om yn tiden dat elkenien ynternet en de firtuële biblioteek yn 'e hûs hat, dy boeken en boekjes te sliten as dy net keapsjoch bylkje. Boeken sille it yn dy takomstige konkurrinsjestriid wol úthâlde, mar dan sil it, neist ynhâldlike kwaliteit, gean om harren taastberens en om hoe't se der útsjogge. | |||||||||||||||||||||||||||
2.2. De taalBehalve de oanklaaiïng fan it boek, moatte ek styl en stavering har gerak krije. Ornaris wurdt in soad frije tiid fan hiel wat minsken stutsen yn it redigearjen en beslypjen fan de tekst dy't lang om let it fiat kriget om printe te wurden. Alle útjouwers hawwe dêr wol har minsken foar. Mar nettsjinsteande dat goede wurk dat dy minsken dogge, lykje redaksje en edysje fan de tekst foar it each fan de krityske lêzer dochs faak de slútposten te wêzen. Faaks | |||||||||||||||||||||||||||
[pagina 231]
| |||||||||||||||||||||||||||
soene útjouwers harren subsidiïnten dúdliker meitsje moatte, dat foar profesjonele korrektoaren, redakteuren en/of tekstbesoargers jild op it kleed komme moat. In oar sjapiter, dêr't ik nei oanlieding fan it ferskinen fan Eelkje Tuma har roman Leafste lea (1996) ek al ris oer op 'e tekst west haw, binne de feroaringen yn 'e Fryske taal, dy't nei myn sin ek yn de moderne Fryske roman reflektearre wurde moatte. Nei't myn besprek en in dêropfolgjend stik fan my in lytse stoarm oan reaksjes los makken, kamen yn 1998 twa boeken út, dy't elk op har eigen manier de Fryske taal sintraal stelden: Meindert Bylsma syn roman Shit my mar lek! en Tryns-Ryms syn rapport oer de Friezen, Toatelos, yn in alhiel eigenoanrette taal. Nettsjinsteande al dy reaksjes, bliuwt it probleem dat oankommende Fryske skriuwers, wannear't hja har skriftlik uterje wolle yn har eigen taal, konfrontearre wurde mei de navenant grutte diskrepânsje tusken it saneamde standertfrysk en de ferhollânske (en feringelske) ferzje dêrfan dy't hja yn de deistige omgong brûke. Dy kleau kin nei myn betinken net oerbrêge wurde troch hjir en dêr mei wat populêre wurden (lykas ‘fetgoar’ yn Nei de klap (1999) fan Tr. Riemersma) te struien, hoe sympatyk dat oars ek oerkomme mei. As de noarm fan it standertfrysk ferhollânske wurde moat om sa troch de jongerein begrepen te wurden, dan hat it Frysk eins gjin reden mear fan bestean, sizze de haadrolspylders fan Shit my mar lek!. En Toate-los, mei syn frjemde Kluk-klukstaal, liket te sizzen: as't dan sa graach in ienfâldige taal hawwe wolst, hjir is ien! Fansels sil de tiid wol útwize hoe't ien en oar komt, mar om it earste part fan dit stik der by te beheljen: hoe fier moatte/meie jo gean yn it behoffenjen fan de skriuwtaal fan jonge skribinten? De skriuwtaal moat ek jonge minsken - en dan bedoel ik net yn it foarste plak fjirtigers en fyftigers - útnoegje/(útnoadigje?) om it as har ekspresjemiddel te brûken. Yn 'e 60-er jierren wie it Frysk, sa't út it rychje romanskriuwers by it jier '68 bliken docht, by tritigers yn alle gefallen noch sa populêr, dat fjouwer it foar in roman brûkten. By it rychje romanskriuwers út '98 is net ien ûnder de 43; en fan de skriuwers en skriuwsters fan alle boeken dy't ik fan 1992 oant en mei 1998 bespriek, wiene allinne Eelkje Tuma en Jetske Bilker tritigers. De oare kant fan 'e medalje is, dat âldere minsken, as hja mei pensjoen geane krekt it Frysk as har taal ûntdekke en dy foar harren, meast lette debuten brûke. | |||||||||||||||||||||||||||
2.3. Nije generaasje?It is dus mar de fraach oft it wol sa is, ‘dat de jongerein stadich yn opmars is’, sa't Pieter de Groot yn syn stik ‘De Literêre Steaten fan Fryslân’ (Leeuwarder Courant, 12-3-1999) hawwe wol, hielendal wat it proaza oanbelanget. Fan de 61 romans/novellen dy't ik fan 1992 oant en mei 1998 bespriek, binne 40 skreaun troch minsken dy't mei it wurk ophâlden binne. As der lju yn opmars binne, dan benammen de generaasje fan fyftichplussers. Dat is nammers neffens it ûndersyk fan Jehannes Ytsma ek de generaasje dy't Fryske boeken lêst. Yn syn artikel ‘De roman in de eenentwintigste eeuw. Terug naar de bron?’ skriuwt Ton Anbeek oangeande it literêre proaza fan hjoeddedei dat de situaasje ferskilt mei dy fan de lêste hûnderttweintich jier yn dy sin, dat ‘er nu geen nieuwe generatie staat te trappelen om het onbegrepen kunstproza te omhelzen. Middelbare scholieren besteden gemiddeld vier minuten per dag aan lezen. En in die paar minuten zullen ze eerder naar span- | |||||||||||||||||||||||||||
[pagina 232]
| |||||||||||||||||||||||||||
nende verhalen grijpen dan naar driedubbelgelaagde teksten die bol staan van literaire verwijzingen.’ Dy situaasje sil yn Fryslân net folle oars wêze as yn de rest fan Nederlân. Mar benammen wat romans oangiet, is der likemin in jonge generaasje dy't klearstiet om dat nije wurk te skriuwen: sels gjin nix'er of net-nix'er. It byld fan de Fryske literatuer as in literatuer fan en foar âldere minsken, dat foar in part yn it neigean rekke wie troch in generaasje nije skriuwers dy't yn 'e jierren '60 en '70 opkommen wie, wurdt sa spitigernôch op 'e nij besterke. Neffens ûndersiker Jehannes Ytsma is benammen foar jongerein de merkromte foar it Fryske boek navenant grut. (Foar jongerein yn de kategory oant 20 jier: 36%, foar dy fan 20 oant 30: 28% en foar dy fan 30 oant 40: 21%; foar de oaren komme de persintaazjes ûnder de 20%: fan 40 oant 50: 16%; fan 50 oant 60: 16%; fan 60 oant 70: 9% en fan 70+: 6%.) Dy merkromte soe dus eins opfolle wurde moatte, mar hooplik net allinne troch detektives en (romantyske) avontuereferhalen dy't troch lju boppe de 40 skreaun wurde. De útdaging bliuwt om jongerein net allinne oan it lêzen, mar benammen ek oan it skriuwen te krijen, leafst fan it langere proaza. | |||||||||||||||||||||||||||
2.4. Swietwei nei de einBy de navenant jonge skriuwers (Jetske Bilker, Margryt Poortstra en Doeke Sijens) fan wa't yn de jierren '90 ferhalebondels útkommen binne, falt op dat yn harren proaza it tawurkjen nei in pointe alhiel net mear fan krúsjaal belang liket te wêzen. It giet gauris mear om de sfear as om it plot. Yn dy sin binne it mear sketsen as strakke short stories. Wat dat oangiet - mar it soe tafallich wêze kinne-, liket it aksint yn dat sjenre him wat te ferskowen. By it wurk fan de justjes âldere, mar yn de jierren '90 debutearre skriuwer Sjoerd Bottema, is yn dy syn ferhalen ek dy sfearbeskriuwing fan grut belang. Hy liket, nei safolle jierren boekekultuer, troch it fariearjen op besteand literêr wurk yn syn boek Neaken as in ierdbei (1998) in beskate postmoderne wurgens om sels noch wer mei in nije plot oan te kommen te suggerearjen. De fraach is oft ditsoarte fan yntertekstualiteit yndied opfette wurde moat as in nije tendins yn it moderne Fryske proaza en as in ‘signatuur van de tijd’, krekt as ‘sampling’ dat yn de Hollânske literatuer fan de njoggentiger jierren is neffens Anthony Mertens. It soarte ferwizing dat Bottema tapast, is lykwols, nei myn betinken, fan alle tiden en net typysk foar ús tiid. Mar it tsjut wol op in wrakseljen mei it proaza en op in besykjen om de wenstige paden te ferlitten. Ofsjoen fan it niiskrekt neamde wurk, lit it proaza fan dit desennium yn safier wat nijs sjen, dat by de KFFB, foar it earst nei krapoan sechstich jier, gjin typyske KFFB-romans mear ferskine. Nei De boer fan it Jolderenhôf fan Peggy Klinkhaemer (1993) binne der, foar safier't my bekend is, by de KFFB net mear fan dy meast fan en foar froulju skreaune, typysk streekbûne en nei it sentimintele útskaaiende famyljeromans ferskynd. Yn it plak dêrfan komt de KFFB no mei gauris minder klisjeemjittige romans en mei oersettings fan òf ferneamde wrâldliteratuer òf fan romans of ferhalen dy't mei Fryslân ferbân hâlde. Op in hiel oare manier as yn de typyske KFFB-roman, mear by de tiid en psychologysk ynkringender wurde frouljuslibbens stal jûn yn it resinte wurk fan Margryt Poortstra, de ferhalen fan Saakje Huismans, de romans fan Doete Venema en yn de oant no ta bêste roman fan Riek Landman: In sterke frou (1995). Fierders ferskynde fan Hylkje Goïnga yn dit desennium de neffens my meast humo- | |||||||||||||||||||||||||||
[pagina 233]
| |||||||||||||||||||||||||||
ristyske novelle fan de Fryske literatuer: Nei it park, oan 'e iene kant skrinend, mar oan 'e oare hast grotesk. Oare fêstige skriuwers dy't wat proaza oangiet yn de njoggentiger jierren har sterkste wurk leveren, binne nei myn betinken Piter Boersma, Meindert Bylsma, Durk van der Ploeg en Trinus Riemersma. Opmerklik is dat Piter Terpstra - dit jier wurdt er 80 - sa't it liket noch lang net útskreaun is en mei ferskate hechte histoaryske romans foar it ljocht kaam. Miskien literêr net it meast nijsgjirrich, dochs wie Sa wie 't sawat fan Rink van der Velde, ferskynd yn 1997, it jier dat de skriuwer 65 waard, by my ien fan de prachtichste boeken fan de ôfrûne jierren. De skriuwer ferhellet dêryn op syn eigen manier - it neiste, mar net it alderneiste sizzend -, wat him de jierren lâns wjerfearn is en wat de stof west hat foar gâns fan syn romans. As der ien is dy't de Fryske literatuer populêr makke hat, dan moat fansels Van der Velde syn namme (mei dy fan Paulus Akkerman faaks) wol neamd wurde. En as der ien ding by it proaza fan de njoggentiger jierren opfalt, dan is it wol dat de ferdivedaasjeroman dêr in oerhearskjend part yn krigen hat. Van der Velde hat dêr oan meiwurke troch it op 'e merk bringen fan syn plysjeromans oer Homme Veldstra (en Bonne Hos). It mei dan sa wêze, dat de typyske KFFB-roman ferdwûn is (hoewol't yn 1995 by in oare útjouwer fan H. Heeringa-Seepma noch De dochter fan Martsje ferskynde), it lichte sjenre slacht yn de njoggentiger jierren mear as ea tefoaren foar master op. Yn it tiidrek 1941-1991 binne neffens de list fan Wa hat it dien? as men oersettingen en berneboeken net meirekkenet 30 detektives c.q. misdiedromans en 1 bondel misdiedferhalen ferskynd; fan 1992 oant en mei 1998 binne dat respektivelik 12 en 2 (15% fan de yn totaal 91 oarspronklike nije Frysktalige romans en ferhalen út dy jierren). Ferdielt men dy oantallen detektives oer de ûnderskate desennia, dan komt men op de folgjende sifers: 1941-1949: 4; 1950-1959: 2; 1960-1969: 4; 1970-1979: 10; 1980-1989: 9; 1990-1998: 14 en 3 bondels misdiedferhalen. Ek neffens de santiger en tachtiger jierren, doe't ferlykbere oantallen Fryske boeken ferskynden, lit dat sjenre dus in flinke groei sjen. Fierders komme der yn 'e njoggentiger jierren in tal bondels Fryske reisferhalen op 'e merk. In echte doktersroman is der noch hieltyd net, mar de bondel Hearken hearken, dokter fan Hendrik Jan Bijsterveld moat grif ek ta it sjenre ferdivedaasjelektuer rekkene wurde. Gearfetsjend kin steld wurde, dat it literêre proaza fan de njoggentiger jierren droegen wurdt troch de fêstige skriuwers en dat op dat mêd mar inkelde jonge nijkommers sinjalearre wurde kinne. Fierders kin neffens my konstatearre wurde, dat hoewol't it persintaazje Frysk proaza dat mear wêze wol as ferdivedaasjelektuer noch altyd relatyf heech is, it tal boeken yn de lichtere proazasjenres gâns oanwint. In oanbod fan boeken foar in breed publyk, dêr't de Provinsje yn har belied sa op oanstien hat, liket foar wat it proaza oangiet sadwaande hieltyd mear realiteit te wurden. Ut it each fan lêsbefoardering is dat grif in goed ding. De fraach is wol oft de literatuer, no't de psychologyske roman syn langste tiid grif hân hat en maatskiplike engaazjemint yn it proaza fan de jongere skriuwers hieltyd minder in elemint fan belang is, de klam net te bot op sfear en ferdivedaasje komt te lizzen en oft it proaza net wat al te swietsjeswei op it jier 2000 oankoertst. Mar faaks is dat ek net mear as in weach dy't meikoarten wer foarby is. Hawar, ‘it giet swietwei nei de ein ta,’ sei 't âldwiif en hja iet fan in dimter koeke. | |||||||||||||||||||||||||||
[pagina 234]
| |||||||||||||||||||||||||||
Rieplachte wurk
|