By it ôfskie fan Jelle Krol as LC-resinsint
Piter Terpstra
Jelle Krol hat nei in perioade fan sân jier syn taak as resinsint fan Frysk proazawurk foar de Leeuwarder Courant dellein. It jout foech om dêr even by stil te stean.
It beoardieljen fan literatuer en lektuer yn in provinsjaal deiblêd stelt hege easken. Kritiken yn literêre blêden moatte de literatuer tsjinje. Skógingen yn kranten moatte rjochte wêze op de lêzers. Dat se benammen in ynformative taak hawwe betsjut net dat se wiidweidich meidiele moatte wat der yn de romans en ferhalen bart. De keunst is om helder en gearfetsjend de ynhâld wer te jaan en ek wat mei te dielen oer de auteur en syn wurk. It oardiel moat koart en krêftich wêze. It boek mei likegoed heech wurdearre as folslein fersmiten wurde, mar yn de measte gefallen sil de krantelêzer belang hawwe by in nuansearre besprek. As in goede resinsint ek in goede sjoernalist is, dan hat dat syn foardiel.
Skriuwers en skriuwsters binne net altyd like wiis mei resinsjes. Falle dy kritysk út dan fiele se har wol gauris miskend, ferwite de resinsint dat er der neat fan begrepen hat of sels dat er in oardiel jout sûnder it boek goed lêzen te hawwen. In soad ferwar hat de auteur net, want de kranten nimme - terjochte - gjin anty-kritiken op. Hy kin de skôger in lilke brief stjoere, op hege poaten nei him ta gean of him tenei sûnder groetsjen foarby gean.
It beroerde is dat de Fryske literatuer bysûnder lyts is en dat wy elkoar hast allegearre kenne. Men soe soms hast werom wolle nei de tiid om 1915 hinne, doe't der, sa skreau Tom van Deel okkerwyks yn Trouw, noch gjin nammen ûnder de resinsjes stiene. Mar fan Krol, dy't him net folle yn skriuwersrûnten bejoech, kin sein wurde dat er ûnôfhinklik oardiele.
It ûngenedich en ûnmeilydsum ôfkreakjen fan boeken kin de evenredige Jelle Krol ek net taskreaun wurde. Myn beswier tsjin him is wol dat er wat al te royaal en serieus omtinken jûn hat oan alle nije romans en ferhalen, ryp en grien, dy't yn it Frysk útkamen. Der ûntkaam him neat. Hy hat yn syn soms wiidweidige besprekken gauris te hege easken steld oan boeken, dêr't er net folle fan ferwachtsje koe omdat it sjenre fan de skriuwer pretinsjeleas wie, folksaardich en tradisjoneel. Hy skreau ek wolris mear oer wat it boek nèt as oer wat it wól wie. It wie ûntmoedigjend foar de auteur, dy't no ienkear net better koe en it wie dêrom oerdreaun om oan sokke lektuer sa folle oandacht te jaan.
Yn syn tankwurd by de útrikking fan de Gysbert Japicxspriis sei Paulus Akkerman dat er neffens de iene kritikus djipper dolle en neffens de oare minder tradisjoneel skriuwe moast. ‘Allegearre goede rie, mar je moatte it fansels ek kinne.’ Paulus wie tefreden mei de jeften dy't him jûn wiene en hy fertsjinne yn alle gefallen wòl de oandacht dy't Jelle Krol him yn de rin fan de jierren jûn hat.
Hoewol it net gebrûklik is yn besprekken djip op werprintingen yn te gean hat Krol de yn syn perioade útkommen boeken út de rige Fryske Klassiken resinsearre. Dat hat op himsels in goed ding west. It is foar de literatuerhistoarje fan belang dat wurk dat earder wichtich west hat, foar lettere generaasjes wer beskikber komt en dan út it eachpunt fan