Trotwaer. Jaargang 31(1999)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 223] [p. 223] Lida Dykstra Danse macabre ljochtmoanneman, de nacht is âld kom, lit ús walse troch de seal foardat dyn byltnis stadich feal wurdt en dyn hândruk kâld wy dûnsje om de ûnderwrâld dwylsinnich narje wy de deal ljochtmoanneman, de nacht is âld kom, lit ús walse troch de seal te ninter ûnder 't albewâld fûn ik sa'n geast, ûnmjitlik eal mar 't ôfskied driuwt, it foarporteal gean ik net troch út selsbehâld ljochtmoanneman, de nacht is âld [pagina 224] [p. 224] Tekens myn namme yn 'e snie sil tel ferdwine leafste, 't is tiid, de guozzekloft skriuwt swarte runen tsjin de skimerloft hjoed sil ik my foargoed oan dy ferbine dyn wente lang ferfallen ta ruïne dyn namme lústering fan in geroft in ieu, in jier, ien ferzen skoft dan jou ik my by dy yn it ferline och lea, wat duorret ljochtdei lang de tekens fan myn namme binne wei stil wachtsje ik de ivige ûntferming befongen troch dyn izige omearming twa geasten komme gear op winterdei in skelfink sjongt de lêste leafdesang Vorige Volgende