Pleit foar de waansin?
Kollega dichter, stúdzjegenoat en kritikus Remco Ekkers hat in tige ynformatyf en sympatyk artikel skreaun oer de dichter Harmen Wind (Trotwaer, 99-2). Hy hat nochal wurk fan syn ûnderwerp makke en it wiidweidich opset. Net allinne behannelet er ûnderskate bondels, hy hellet ek oare kritiken derby sadat men in nuansearre byld krijt.
Oer de dichter Wind wol ik it no net ha; ik soe der neat oan taheakje kinne. Wat my lykwols fernuveret, sterker noch, dêr't my de grize fan oer de grouwe rint, is de folgjende alinea yn Ekkers stik: ‘Een intellectuele dichter uit de twintigste eeuw kan zich na Nietzsche niet anders dan bewust zijn van het feit dat een objectieve werkelijkheid niet bestaat, dat alle waarheid subjectief is.’
Ik ha dêr al ris faker oer skreaun, altyd sûnder der kommentaar op te krijen, dus gong ik derfan út dat ik gelyk hie. Hoe kin ik sa'n alinea oan myn bern útlizze? No binne dy bern fansels gjin yntellektuele dichters út 'e 20e ieu, mar ôfstudearre bêtabarbaren út 'e 21e, dy't gâns mear fan differentiaalfergelikingen en relativiteitsteory ôf witte as ik. Mar ek op it nivo fan 'e beukerskoalle moat in bern dochs witte dat it feit dat juf twa eagen hat en gjin trije in objektive wierheid is, likegoed as is feit dat pratende bisten allinne yn ferhaaltsjes foarkomme.
As alle wierheid subjektyf is en in objektive wurklikheid net bestiet, wêr is dan ús rjochtssysteem op basearre? Hoe krijt in minske dan in motor, in radiotastel of in tv-tastel yn mekoar, hoe kin in sjirurch noch in operaasje útfiere? Wêr bliuwt de wearde fan 'e wittenskip? Men mei foar de romantyk en it anty-rasjonalisme pleitsje, mar net foar de waansin en de warhollerij.
It is fansels sa dat ús fermogen de objektive wierheid of wurklikheid waar te nimmen soms te beheind is. De objektive wierheid hat ûnderskate aspekten; somlike binne troch in bern te begripen, bygl. it feit dat de measte minsken ien holle ha; oare pas nei in tige spesjalistyske stúdzje en somlike noait: bygl. it antwurd op 'e frage ‘Wa bin ik?’ (neffens de dichter Jelle de Jong komt men dan altyd in each of in spegel tekoart). Dat betsjut net dat dy objektive wurklikheid net bestiet. Dat wy dy subjektyf belibje, is in hiel oar ferhaal. As Remco Ekkers dat bedoelt, sil er it dochs oars formulearje moatte.
Steven H.P. de Jong