Antwurd oan Jansma en De Jong
Jansma en De Jong reagearje emoasjoneel op it twadde part fan myn kollum ‘Te gek om los te rinnen’. Dat is har kar fansels en har frijheid. Ik fyn it net snoad, want emoasjes benimme jo it sicht op 'e werklikheid. Ik sil sa koart mooglik myn opfettingen taljochtsje.
Ik leau net yn in weardefrije wittenskip. Wittenskiplik ûndersyk kin yn tsjinst stean fan nobele en perverse doelstellingen. Mar it ferbieden fan wittenskiplik ûndersyk om de perverselingen it swijen op te lizzen, is it alderstomste watst dwaan kinst. It is better dat sân rassistyske rotsakken har rotsoai spuie kinne yn goare publikaasjes as dat ien ynteger wittenskipper it swijen oplein wurdt.
Dat der yn Dútslân net twivele wurde mei oan it offisjele tal fan seis miljoen holocaustslachtoffers, hat ta doel om âlde en nije nazis mûledea te meitsjen en dat der yn Nederlân gjin tekstkritysk ûndersyk dien wurde mei nei Anne Frank har deiboek, hat inselde strekking. Sa snoad bin ik ek wol. Mar ik hâld út dat it middel slimmer is as de kwaal. Wittenskiplik ûndersyk ferbiede is fout. Hoe dan ek, altyd, yn alle omstandichheden. Dat is it earste wat ik op 'e lever hie.
It twadde is: de Israëlys misbrûke de holocaust as frijbrief foar nasjonale en ynternasjonale smjuntestreken, en de pakesizzers fan 'e minsken dy't de holocaust bewurke of gewurde litten hawwe, knipe de eagen ta.
Nasjonaal: de Israëlys binne al fyftich jier dwaande mei it etnysk klinzgjen fan wat sy as har lân beskôgje en de ynternasjonale wrâld krekt docht of hat er stront yn 'e eagen en spilet tuike-tuike. De Palestinen hawwe like lang yn Palestina wenne as de Albanezen yn Kosova, en beide oerkomt itselde lot: ferdreaun, har doarpen platwalst, har oantinken útwiske. De ferûntweardiging fan 'e westerske wrâld is lykas ornaris tige selektyf. Dy stakkerts fan Albanezen sitte op it stuit dat ik dit skriuw al fjouwer wike yn tintekampen, guon Palestinen al fyftich jier. De Israëlys hawwe in goed hûndert ferdreaune Albanezen ophelle om dy yn har lân wat op te wouterjen. Dat sille wy wol beskôgje moatte as in eksempel fan 'e ferneamde Joadske humor.
Ynternasjonaal: de Israëlys steure har abslút net oan 'e ynternasjonale rjochtsoarder. Dat is tinkt my foldwaande oan it ljocht kommen by de Bijlmermeerenkête. Schiphol is desennia lang brûkt as smokkelrûte fan wapens en oar reau en de Nederlânske officials hawwe de êgen ta dien. De holocaust ommers... As de enkêtekommisje him beklaget oer it gebrek oan iepenheid fan de El Al, begjint fuortdaliks in lokale lul te skriemen oer ‘antysemitisme’. De Jong hat grif gelyk: sa bin jo sûn en sa bin jo antysemyt.
As ik op grûn fan wat ik hjir skriuw tenei ek as in antysemyt te boek stean moat, no, toe dan mar. Ik soe it pas echt slim fine as ik derfan beskuldige waard dat ik alle dagen de jerappels oanbaarne lit.
Tr. Riemersma