It is wer safier
Trinus Riemersma hat my yn syn stikje yn it maartnûmer fan Trotwaer op myn lange sionistyske teannen trape. No is it de plicht fan in stikjeskriuwer om op lange teannen te traapjen. Dochs rôp ik dizze kear ‘Au ferdomme!’
Ik bin gjin joad. Ik stie yn WO II as jonkje fan 5 oant 10 jier oan 'e ‘foute’ kant, mar krekt dêrom bin ik mei gâns frustraasjes út 'e puberteit kaam. Nee, dy tiid haw ik noch lang net ferarbeide.
De opmerking fan Trinus oer de tekstkrityske problemen bin ik it fansels mei iens (Mar by Anne Frank sit der in hiel ferhaal achter (it hiele ferhaal waard ûntkend). Dan hat er it oer de ‘sionistyske binde’. Hoe't men it ek besjocht, dat is net in prosionistyske formulearring. No meitsje marxisten in subtyl ûnderskie tusken antysionisme en antysemitisme, in ûnderskie dat my te logistysk is en nochal wat gefoelseleminten oerslacht en yn 'e praktyk, sa't yn Ruslân bliken die, antysemityske gefolgen ha kin. En wa syn belang is dêrmei tsjinne? (Om mei Trinus te praten).
Dan komt Trinus mei in ‘as’-ferhaal. ‘As ik op grûn fan in libbenslang ûndersyk [...] ta de konklúzje kom dat der net seis miljoen joaden deamakke binne mar fiif miljoen achthûndertsechtstich tûzen, dan bin ik strafber.’ Wa docht no libbenslang sa'n ûndersyk? Wêr bin dy 140 tûzen joaden fan Trinus bleaun? Elke joad is yn dit ferhaal wichtich. Dat seinen sels guon Dútsers yn 1955 ek, doe't in maat en ik se yn 'e pauze fan in fytstocht troch Noard-Dútslân yn 'e kroech tsjinkamen, somliken mei ien each, oaren mei ien earm of in manke poat.
As Trinus nei syn ûndersyk ta de konklúzje kaam wie, dat der 5 999 999 joaden fermoarde wienen, dan wie er noch strafber, want ek dy iene joad is wichtich, oft dat no tafallich Jezus Kristus is of lytse Mirjam fan 'e foddejoad út 'e Súpsteech.
De lêste alinea fan syn stikje is hielendal slim. Dat begjint mei de formulearring ‘De joaden en har meirinners...’. Antysemytysker kin ik it net betinke. Dat leit benammen oan dat generalisearjende wurdsje ‘De’. Wa bedoelt Trinus yn 'e frede? Alle joaden en alle minsken dy't gjin antysemyt binne?
Trinus is fansels gjin antysemyt. Lês syn ferhaal ‘It is wer safier’ (yn In fearnhûndert ferhalen) der mar op nei. As ik joad wie en it wie wer safier, soe ik bêst wol by Trinus en de frou ûnderdûke doarre. Dochs is men gauwer antysemyt as men tinkt. Tink oan dy oare ferneamde Ferwerter E.B. Folkertsma. Ik hear him noch roppen op in gearkomste oer ‘de goede smaak’ yn 'e literatuer: ‘As ik in stik ûnder eagen krige en it wie noch sa goed, sels al wie it skreaun troch Shakespeare sels en it wie antysemitysk, dan soe ik it ôfwize.’ As wy De keapman fan Fenetië even bûten beskôging litte, E.B.F. wie likemin as Trinus in antysemyt, grif net yn 'e tiid flak nei de oarloch, mar Bauke de Jong publisearre yn Asyl fan dyselde E.B.F. yn fotokopy wol in pear artikels fan foar de oarloch dy't sa antysemitysk as de hel wiene.
Wat is de funksje fan in skriuwer yn dit ferbân? Trinus sil net de bedoeling hân ha yn syn stikje antysemyt te wurden. It doel wie inkeld wat te provosearjen. Op teannen traapje, hillige húskes omsmite... it is de ropping fan 'e skriuwer. Mar yn dit gefal sis ik dochs ‘Au ferdomme!’
Steven H.P. de Jong