Trioel
Antysemitysk sûnder affêre
De radikaalsten yn 'e Fryske beweging wiene yn 'e jierren tritich en de iere jierren fjirtich net frij fan brune sympatyen. Mar antysemyt wiene se oer 't generaal net, de Sybesma-, Van der Goot- en Kiestra-mannen. Dêr wiene se te fatsoenlik foar. It wiene mear sabeare-supergermanen, lytse mantsjes mei grutte bekken, dy't al gau belies joegen doe't in boaze man yn 't tsjuster ‘boe’ rôp.
Wat dat oanbelanget stiet de kollum fan Trinus Riemersma yn it maartnûmer fan dit blêd net yn in Fryske tradysje. De skriuwer beklaget him deroer dat er gjin tekstkritysk ûndersyk dwaan mei nei it Deiboek fan Anne Frank, sa't der ek gjin fraachtekens by de holocaust pleatst wurde meie. De skuldigen binne de slachtoffers. ‘De Joaden en har meirinners lykje fan alles wat har wjerfart ûnoantaastber evangeelje meitsje te wollen, en wa't ek mar even in krityske fraach stelt, dy wurde yn 't foar al fijannige bedoelingen oanwreaun’, skriuwt Riemersma.
It steurt him dat er nei lang en djipgeand histoarysk ûndersyk net sizze mei dat der yn 'e oarloch 5,8 miljoen ynstee fan seis miljoen joaden fermoarde binne. Dat is ek wol spitich. It soe net minder as in sensaasje wêze as in Fryske skriuwer soks ûntdiek: net seis miljoen joaden deamakke, mar 5,8 miljoen. De oarloch hat sa slim net west as elkenien altyd tocht hie.
De terminology ‘de joaden en har meirinners’ doocht net, sa't de beskuldiging belachlik is en fergeliking fan tekstkritysk ûndersyk mei de sifers fan 'e holocaust wansmaaklik. Bernepraat.
Nei sa'n kollum ferwachtet men in reaksje, al gunt men in man op jierren syn skreau om oandacht, Mar nee. Sietse de Vries hat der foar syn tydskriftebesprek yn 'e LC oerhinne lêzen, of neamt it om in net te befetsjen reden net. By de redaksje fan Trotwaer hie trije wike nei it ferskinen noch net ien op it ‘pittige stikje’ reagearre. Wêrom ik dan al?
Nocht oan ûnnocht, tocht ik earst. Alle reltsjes binne wolkom as de letteren út harsels net knetterje wolle. En dit hie wol wat wurde kinnen. It giet op 't lêst om in G.J.-priiswinner, dy't neffens de kritisy grutte foarbylden aardich neifolget. Hy kin yn alle gefallen lêze.
Mar der koe ek bêst wat oars efter sitte. Dat ik Riemersma in skop gun bygelyks, om't er oait in boek fan my delsabele hat. Ik bin net frij fan rankunes, moat ik tajaan. Mar nee, by langer neitinken wol it my net oan. Sa bernich dochs net.
Nee. It slimme fan de ferpletterjende stilte nei sa'n kwealike kollum is dat it lot fan 'e Fryske skriuwerij dermei besegele wurdt. It ynteressearret gjin kop mear wat se yn 't Frysk dogge. Riemersma kin pedo-seksuele fantasijen beskriuwe of oer syn sykte jeuzelje, of oer Russen, Amerikanen, Mongoalen of mongoalen, it makket likefolle los as in skeet fan in baarch.
En as alles dat wat útmakket deaswijd wurdt, hoecht men gjin Frysk mear te skriuwen. Dan is it marzjinaal yn 't kwadraat wurden. Soks is noch fertrietliker as dat de harsens fan in goed skriuwer troch BSE oantaast binne, en dat it wer ris op 'e joaden ferhelle wurdt.
Klaas Jansma