Biten en brokken
Jan Pieter Janzen
De frucht fen hjoed
Bij de iepening fan de Bedriuwekontaktdagen mids maart hat kommissaris Nijpels alarm slein oer it peil fan it ûnderwiis yn Fryslân. Ut ûndersyk hie him bliken dien dat de legere skoalbern hjir achter binne (û.o. mei rekkenjen), wylst ek it persintaazje learlingen dat de heechste foarmen fan fuortset ûnderwiis hellet en trochstreamt nei heger beropsûnderwiis en universiteit leger is as lanlik. Dêr is Nijpels fan skrokken. It wol him eins ek mar min oan en hij lit it foar alle wissichheid nochris trochrekkenje, foar't er it mei it Kolleezje fan Deputearre Steaten oer eventuele maatregels ha sil.
Nuver, dy skrik. It is ommers al lang bekend dat Fryslân wat it hegere ûnderwiis oangiet achter leit. Wol ferklearber oars, want der is - spitigernôch - noch altiten in direkt ferbân tusken ynkommen en oplieding fan de âlden (hjir yn trochsneed leger) en de skoalleprestaasjes fan de bern.
Doe't it deiblêd Trouw yn septimber 1997 mei syn earste ûndersyk nei de skoalleprestaasjes kaam, wie der yn Fryslân dan ek net folle te fieren - op in pear lytse mavo's nei. Yn it algemien dienen lytsere en bysûndere skoallen it wat better as grutte en iepenbiere. Sa krige de grutste skoallemienskip fan Ljouwert e.o. trije kear in fjouwer (foar vbo, havo en vwo) en ien kear in fiif (foar mavo). De iennichste treast wie dat ek de iepenbiere kollega's yn de reade sifers sieten.
Fuortdaliks krige de krante, dy't de siferboel tsjin de ferdrukking fan de Underwiisynspeksje yn boppe tafel krigen hie, it ferwyt dat de neidruk tefolle lei op de ‘prestaasjes’ (sittenbliuwen, sakjen en slagjen, fan skoalle ôf sûnder diploma). Mar ja, de sfear en it pedagogyske klimaat op in skoalle litte har no ien kear min yn sifers útdrukke. Oaren stroffelen oer de wize dêr't it einsifer op berekkene waard. Krekt as learlingen dy't har ûnfoldwaanden net witte te ynkassearjen en de master de skuld jouwe.
Twa ôfdielingsdirekteuren fan de Ljouwerter skoallemienskippen De Delta en Slauerhoff, doe drok dwaande mei al wer in nije fúzje, sochten de ferklearring foar de minne prestaasjes yn in oare rjochting: ‘de grotestadproblematiek’ dêr't de haadstêd mei tangele sitte soe. Op arrogant urbane wize leinen se, ‘Te gast’ yn de Ljouwerter Krante, út wêrom't se neat hawwe moasten fan ‘kleine, betrekkelijk traditionele scholen, niet zelden van christelijke signatuur, op het platteland of in het kleinsteeds milieu’. Lit stean dat de beide skoallemanagers binnen har eigen skoallemienskippen ‘een of andere oubollige dorpsschool’ neidwaan soene. Harren omtinken gie yn it foarste plak út nei ‘een voor de leerling herkenbare eigen plek in de school’. In grutte skoalle, want - sa houden se de haadredakteur fan de LC foar - ‘het is geen hobby om te fuseren, het is noodzaak’. En dat wylst de bêste man yn in kommentaar allinnich mar sein hie dat direksjes fan grutte skoallen ‘amechtige pogingen doen op diverse “locaties” iets van de ouderwetse schoolsfeer te herscheppen’. ‘Doe toch niet zo dom’ bieten de gastskriuwers him ta, foar it gemak ferjittend dat harren eigen skoallen ‘groot in kleinschaligheid’ seinen te wêzen.
De fúzjewals dindert ek yn ûnderwiislân