taal as it Frysk op 'e hichte te bringen fan de wapenfeiten fan de Fryske beweging, Fedde Schurer yn it bysûnder? Miskien set it har sels op it spoar fan de dichter Schurer, wa syn fersen ommers noch altyd lêzen en syn lieten noch altyd songen wurde.
Boomsma hat de doktoraalskripsje, dy't hy as studint skiednis op oanstean fan prof. Lipschits skreau, oanfolle mei it proses-ferbaal oer Kneppelfreed en it plysjedossier fan doe. Sadwaande steane alle feiten no kreas op in rychje en dêrmei draacht it boek belangryk by oan it fêstlizzen fan de Fryske skiednis.
De klam leit by Boomsma op de feiten, net op de ynterpretaasje dêrfan. Sa no en dan is dat spitich, want sa wurdt bygelyks net dúdlik wêrom't Schurer foar it heger berop omseach nei in oare advokaat. Foardat Abel Herzberg yn byld wie, waard yn rûnten om Schurer hinne twifele oan de betsjutting fan de ferdigening fan mr. Okma foar de Fryske striid. Okma gie yn de rjochtsaak op suver juridyske wize yn op de oanklacht, mislediging en joech te min omtinken oan de oarsaak fan dy mislediging. Dêrmei drige de saak Schurer net mear te wurden as in ynsidint. In oare kear soene de rjochters, wizer wurden, it Frysk yn 'e rjochtseal net mear ferbiede, mar mei in berop op it fatsoen dochs foarkomme, dat der mear Frysk yn 'e rjochtseal praat waard. Mr. Okma wie der net op út en trochbrek de juridyske grinzen. Dat belangrike aspekt tsjin de eftergrûn fan it troch Boomsma sels ek neamde belang fan Kneppelfreed foar de Fryske taalpolityk, hat troch de slaanderij op it Saailân foar en nei te min omtinken krigen.
Foar it ynliedende haadstik dat oan de persoan fan Schurer wijd is, hat de skriuwer blykber minder tiid útlutsen as foar it beskriuwen fan Kneppelfreed sels. Dat haadstik is hap-snapperich en docht de figuer fan Schurer gjin rjocht. As jo yn fûgelflecht troch in libben gean wolle, moatte jo al besykje de kearn te reitsjen. As dan ek noch in nij, net yn it Fryske sâlt bebiten publyk berikt wurde moat, dan kinne jo net ta mei it sûnder útlis neamen fan nammen as Douwe Kalma en Eeltsje Boates Folkertsma. Foar in jongere generaasje moat sels in man as Henk van Randwijk efkes pleatst wurde as fersetsman, oprjochter fan it yllegale Vrij Nederland.
It nei willekeur smiten mei meastentiids net iens sokke markante sitaten, makket dit haadstik der ek net sterker op. Hoe foldie it Schurer bygelyks yn 'e Twadde Keamer?
Boomsma hellet in kwatryn oan út ‘Fearpikkende op 'e Parnassus’, in polemyk yn kwatrinen mei D.A. Tamminga, dêr't Schurer syn kar yn ferdigenet, mar sitearret tagelyk in brief oan ds. J.J. Buskes, dy't Tamminga mear gelyk liket te jaan: ‘In de politiek kan ik geen groot ideaal meer vinden; het einde is met de kiezen op elkaar berusten in een of ander verdoemd en vernederend compromis.’
Ek fierder fertoant it boek spoaren fan te min tiid: oars hie Boomsma der grif efter kaam, dat de postsegels mei Kneppelfreed as tema, dy't yn 1981 fan de brieven dêr't se op plakt waarden ‘verboden zendingen’ makken, ôfkomstich wiene fan útjouwer Lykle Jansma fan Alternatyf. No skriuwt er ‘de makers van deze in 1981 uitgebrachte postzegel zijn tot op de dag van vandaag onbekend’ en dat klinkt dochs wat ûnnoazel.
Mar lit ús net al te folle spikers op leech wetter sykje. Der bliuwt yn Kneppelfreed genôch oer dat nedich opskreaun, útjûn en no dus lêzen wurde moat.
Tineke Steenmeijer-Wielenga skreau al in moai folsleine ynlieding oer it libben fan Fedde Schurer foar Ik bin jim sjonger. Foar