dat in spesjalist op it mêd fan de digitale ynformaasje en kommunikaasje, trochknypt yn alle ins en outs fan Internet en E-mail. Hy kin ek wakker linich mei talen oerwei en dat wylst er op 'e legere skoalle op ‘lezen’ in fiif hie. Hy is sa ûnsjoch as de nacht, in âld-feint mei likefolle sjarme as in kalkneil, dy't dochs de waarmbloedige en bloedmoaie Soraya oan him wit te binen; mar goed, dêr sil syn jild en syn paspoart wol mei te krijen ha.
Dizze Soraya krijt, as hja yn Ruslân studearret en as dêr de segeningen fan perestrojka en ekonomyske herfoarmingen de wrâld op 'e kop sette, de Russyske mafia achter de broek en rekket fersille yn prostitúsje en frouljushannel. It is oan Hepke om har dêr wer út te heljen. Dat is de iene helte fan it boek. De oare helte beskriuwt it karakter en it libben fan Hepke syn foarfaars, want de skriuwer wol ús leauwe litte dat wy dat allegear witte moatte om Hepke syn hâlden en dragen fan hjoed de dei goed begripe te kinnen. Neffens my hie it dêr foar in grut part wol sûnder kinnen, al hiene wy dan al in pear smaaklike ferhalen misse moatten. De wiidweidige oandacht (144 siden) foar de ‘foarskiednis’, sa't Van der Velde it neamt, stiet net yn ferhâlding ta de twadde helte (100 siden) fan it boek, dêr't de skriuwer ynienen koart kriemt en Hepke yn rap tempo mei de fijân ôfweeft. Dy saneamde foarskiednis hat boppedat amper of neat te krijen mei hoe't Hepke letter noed stean moat foar syn Kubaanse skarreltsje.
Willem Elsschot wie in man, as skriuwer alteast, fan in bytsje wurden. Yn syn boeken gie er meastal koart om 'e hoeke. Syn tsjokste boek telt goed 100 siden en it sammele proaza, alve romans en novellen, beslacht 722 siden, dat is yn trochsneed 65 siden per boek. Soks sil Rink van der Velde, dy't ik wolris sizzen heard ha dat er Elsschot ta syn favorite skriuwers rekkent, grif oansprekke. Op side 234 (!) fan syn nijste boek seit er sels ommers dat er in hekel hat 'oan grouwe boeken, der ferskine hjoed de dei fierstente folle tsjokke boeken. It sil wol fan dy moderne tekstferwurkers komme, it giet sa maklik, no. Dat typt op 't heden mar in ein fuort en tinkt nearne mear oan. Mar ik fyn, as jo je boadskip net yn twahûndert siden oerbringe kinne, dan moatte jo der net iens oan begjinne.’
Dat it fandatoangeande mei dit lêste boek sa út 'e klau rûn is, komt omdat it ferhaal mei de skriuwer ‘op 'e rin’ gien is. Syn haadfiguer, Hepke, is him ‘oer de holle groeid.’ Dy Hepke wit him nammentlik skoan te rêden mei allerhande modern gemak en dêr hat, lykas bekend, Van der Velde it oer it generaal net op stean. ‘Hepke en ik ha doe ôfpraat, dat ik mei it ferleden rêde soe en hy mei it heden en dat skreau ik dan wol op. Mar dat lêste is net folle wurden. Ik ha it wol besocht hear, mar it is by wat gepiel bleaun.’
Mei dy sympatike selsspot makket de skriuwer mooglik sliepende hûnen wekker, de kritisy, mar tagelyk slacht er har de wapens fansels wol út hannen, mei't er de krityk al yn 't foar is. En om't kritisy ornaris eigenwize hûnen binne, dy't har neat troch in oar wiismeitsje litte, ek al is it de skriuwer sels, soe de kâns bestean kinne dat hja dit mankemint koppich ferswije of it sels goedprate. Sa eigenwiis wol ik lykwols net wêze. Ik sis it dus de grutte skriuwer braaf nei: mei ‘it heden’ is it yn dit boek net folle wurden. De skriuwer bliuwt fierstente lang stykjen yn ‘it ferleden’ en lit Hepke syn hiele famylje - pake Hepke Onbelet en beppe Lokke, pake Wander Bijsterveld en beppe Richtsje, heit Oege en mem Ruerdsje, suster Wobkje mei de man en neef Hammy - wiidweidich de revue passeare.
De famylje hâldt ta yn ien of oare úthoeke