It imago fan Fryslân (7)
Aardich fûn fan Gryt. Mar spitigernôch sprekt sy harsels tsjin. Dêrtroch wurdt har útspraak in stik minder útsprutsen. Hoe kinst witte datst ynteressante keunst makkest ast dysels net óffregest wat oaren fan dy fine? Dat hoechst net krampeftich te dwaan, mar wêrom soene minsken dy't keunst meitsje net beoardield wurde meie of kinne? Wêrom soe in keunstner net iepen stean foar krityk?
Wa wol of kin sûnder positive of negative wurdearring? Negative krityk kin hiel lestich wêze, mar it is gauris it boadskip mei in ynhâld dy't it sterkst stjoerend wêze kin. Wa kin it him noch permittearje him net stjoere te litten? Dêrnjonken meie wy ús ek ôffreegje wêr't in rangoarder yn lanlike en regionale media troch ûntstien is. Nei alle gedachten hat dat mear te krijen mei de ûntfanger as mei de ôfstjoerder. Ek foar in keunstner is wrâldferneamd wêze yn Fryslân in stik dreger as yn Nederlân. Was sich liebt dass neckt sich, om 't ris yn geef Frysk te sizzen.
Pim Gaanderse (haadredakteur-direkteur Omrop Fryslân)