Mei nei de oare ieu
Doeke Sijens
Boeken dy 't net mear te keap binne besteane net mear. Foar âlder wurk is der aldergelokst de rige Fryske Klassiken. Lykwols, lang net alle boeken dy't it lêzen noch wurdich binne, krije dêr in plak yn. Dêrom dit jier in kar út 'e titels dy't oars al mei moatte nei de nije ieu.
De ein fan De kar fan Nyckle Haisma is ûnferjitlik. Kei, de haadpersoan, in jonge mei in goed ferstân, hat der foar keazen om net fierder te learen en by de boer te gean. Wylst hy him de rêch bûcht en mei smoarge hannen ‘de lange fiters út 'e wiete bou’ wrot, fytse oare bern út it doarp nei skoalle ta. Kei stekt de hân op en ropt har ta, ‘mar nimmen heart him ef sjucht syn kant út’.
De kar beskriuwt hoe't Kei, yn it lêste jier dat er op skoalle sit, ta syn kar komt. It boek is situearre yn typysk Haisma-lân: Eastdongeradiel. Twa redenen bepale Kei syn kar. Troch de minne tiden sil syn heit syn oplieding mar kwalik betelje kinne. De twadde reden is dat Kei siket om in feilich plak en mient dat er dat ticht by hûs fine sil. De tragyk fan it boek is dat Kei in ferkearde kar docht om't er bern bliuwe wol en de âlde dingen net loslitte doar. De earste deis dat er mei syn boerekile oan op it lân omheukert, wit er al dat syn kar mis wie, mar dan is it te let.
De kar is yn 1936 útbrocht as jongereinboekGa naar voetnoot*. De measte fan sokke boeken binne sechtich jier letter faak net folle mear wurdich as in nostalgyske lêsoefening. Dat is by dit boek oars. Dat komt foarearst om't it doarpslibben troch Haisma abslút net idealisearre wurdt. Kninen wurde deabiten, in hûn wurdt tramtearre. Diken binne min, altyd blabber om hûs hinne en fee dat net om lyk wol. Ek it gesin dêr't Kei yn opbrocht wurdt, besjocht Haisma net troch in kleurde bril. De heit en mem bringe it bern sûnder folle emoasje grut; se ha net folle gefoel, liket it wol. Kei hat dêr just wol ferlet fan en dêrom giet syn hert mear út nei de master op skoalle, dy't him stimulearret en priizget.
Yn De kar is Fryslân perfoarst gjin idylle. De fjilden binne neaken en keal, it jonkje moat midden yn 'e nacht mei om bargen nei de boat te bringen. In par of apel is sawat it meast lúkse dat er oan iten krijt. Kij geane dea of bringe te min jild op. Om wat by te fertsjinjen wurdt op in mird jage.
Heit draeft nei de oare kânt en falt op 'e knibbels op 'e wâl del: ‘Hy hat him!! Kom ris gau!’ Dêr komt Jude oanklauwen by de wâl op, in great swart ding yn 'e bek en skoddet him ôf op 'e wâl. De hûn dy't it bist fongen hat, rint letter it bloed oer de kop en út de hals.
‘Ik hie 't wol tocht, dy smoarge dingen kinne de hounen sims sa neisjen!’ seit Heit. As Kei der oan tinkt, ho't dy mird dêr yn 'e pomp grif deadseangst útstien hat en do yn 't wetter fierd waerd om dêr deabiten to wirden, den griist it him noch oan: it giet dochs faeks wreed om ta yn 'e wrâld.
Mei syn goed ferstân soe Kei oan dit hurde libben ûntkomme kinne. Hiel lang liket it der op, dat er dat ek werklik dwaan sil. Lykwols, troch syn mankelike aard, kin er de fertroude wrâld net loslitte.
De kar stiet fol mei sênes dy't dúdlik